Isaiah Berlin
Isaiah Berlin, Letsk: Jesaja Berlins, (Riga, Letlân, 6 juny 1909 — Oxford, 5 novimber 1997) wie in Britsk liberaal filosoof en politikolooch.
Berlin jildt as ien fan de wichtichste politike filosofen fan de 20e iuw. By syn oraasje by oannimmen fan it heechlearaarskip oan de Universiteit fan Oxford, yn 1957, yntrodusearre hy it konsept fan 'negative' en 'positive' frijheid - publisearre yn boekfoarm as Two Concepts of Liberty.
Berlin waard berne yn in Joadske famylje. Syn heit, Mendel Berlin, wie in houthanneler. Syn jeugd brocht hy earst yn Riga troch, dêrnei yn Petrograd (it hjoedddeiske Sint-Petersburch), dêr't hy as bern tsjûge wie fan de Revolúsje fan 1917. De famylje Berlin flechte nei it Feriene Keninkryk yn 1921. Berlin studearre oan Corpus Christi, ien fan de kolleezjes fan de Universiteit fan Oxford, dêr't hy - mei útsûndering fan in perioade (1940-46) doe't er foar de Britske bûtenlânske tsjinst wurke- altyd wurkje en lesjaan soe. Hy wie goed befreone mei in oare filosoof, Alfred Ayer.
Yn de Twadde Wrâldkriich die er foar de Britske ynljochtingentsjinst ûndersyk nei de Amerikaanske polityk en har publike opiny. De offisjele rapporten waarden ûnder oaren ek troch Winston Churchill lêzen.[1] Nei de oarloch besocht er Moskou en moete dêr foaroansteande Russyske literêre figueren lykas Boris Pasternak en Anna Achmatova. Yn 1956 troude er mei Aline Halban. Twa jier letter, yn 1958 hold er syn ferneamde lêzing Two Concepts of Liberty yn Oxford dy't letter ek as boek útjûn waard.
Isaiah Berlin ferstoar yn de âldens fan 88 jier.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1952 Freedom and its Betrayal: Six Enemies of Human Liberty
- 1953 The Hedgehog and the Fox: An Essay on Tolstoy's View of History
- 1956 The Age of Enlightenment: The Eighteenth-Century Philosophers
- 1969 Four Essays on Liberty
- 1976 Vico and Herder: Two Studies in the History of Ideas
- 1978 Karl Marx: His Life and Environment
- 1978 Russian Thinkers
- 1978 Concepts and Categories: Philosophical Essays
- 1979 Against the Current: Essays in the History of Ideas
- 1998 Personal Impressions
- 1990 The Crooked Timber of Humanity: Chapters in the History of Ideas
- 1996 The Sense of Reality: Studies in Ideas and their History
- 1997 The Proper Study of Mankind: An Anthology of Essays (tegearre mei Roger Hausheer)
- 1999 The Roots of Romanticism (recorded 1965)
- 2000 Three Critics of the Enlightenment: Vico, Hamann, Herder
- 2000 The Power of Ideas
- 2002 Liberty (fannijs besjoene en útwreide edysje fan Four Essays On Liberty)
- 2004 The Soviet Mind: Russian Culture under Communism
- 2004 Flourishing: Selected Letters 1928–1946
- 2006 Political Ideas in the Romantic Age: Their Rise and Influence on Modern Thought
- 2006 Unfinished Dialogue (mei Beata Polanowski-Sygulska)
- 2009 Enlightening (mei Jennifer Holmes (red.))
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Isaiah Berlin yn de Stanford Encyclopedia of Philosophy.
- (in) The Isaiah Berlin Virtual Library
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Ingelsk filosoof
- Ingelsk skiedkundige
- Ingelsk politikolooch
- Ingelsk publisist
- Ingelsk liberaal
- Letsk filosoof
- Letsk skiedkundige
- Letsk politikolooch
- Letsk publisist
- Letsk liberaal
- Letsk persoan fan Joadsk komôf
- Ingelsk persoan fan Joadsk komôf
- Ingelsk persoan fan Letsk-Joadsk komôf
- Persoan berne yn 1909
- Persoan stoarn yn 1997