Auckland (Māory: Tāmaki-makau-rau) is it tichtstbefolke steedlik gebiet fan Nij-Seelân; it leit op it Noardereilân. De agglomeraasje bestiet út meardere stêden en distrikten, dy't yn 2010 op bestjoerlik nivo gearfoege waarden.[1][2] It gebiet hat goed 1,4 miljoen ynwenners (2009), ûngefear in tredde fan de hiele Nij-Seelânske befolking, dêr 'tmear as 400.000 fan yn Auckland City libje.[3]