1930-er jierren
1930-er jierren | ||
De Grutte Depresje. Wurkleazen by in gearkoken yn Chicago (febrewaris 1931). | ||
<< 1920-er jrn • 1930-er jrn • 1940-er jrn >> | ||
1930 • 1931 • 1932 • 1933 • 1934 1935 • 1936 • 1937 • 1938 • 1939 |
De 1930-er jierren, ek oantsjut as de tritiger jierren en de jierren ’30, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1931 en duorre it oant en mei 31 desimber 1940, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1930 oant en mei 31 desimber 1939. Dit desennium stie benammen yn it teken fan in djippe ekonomyske krisis dy't de Grutte Depresje neamd wurdt, en dy't foar in soad wurkleazens en earmoede soarge. Dêrnjonken wiene de tritiger jierren in tiid fan oanboazjende spannings yn Jeropa, feroarsake troch de opkomst fan it faksisme yn ferskate lannen en it dêroan besibbe nasjonaal-sosjalisme yn Dútslân, dêr't yn 1933 Adolf Hitler oan 'e macht kaam. It desennium markearre de ein fan it Ynterbellum en einige mei de Dútske ynfal yn Poalen, yn septimber 1939, dy't it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch betsjutte. Kultureel wiene de 1930-er jierren in perioade fan oanboazjende kekenens en sensuer, wat him û.m. utere yn 'e ein fan it Pre-Code-tiidrek yn Hollywood yn 1934.
Oersjoch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 1930-er jierren binne suver synonym mei de Grutte Depresje, in perioade fan grutte ekonomyske tebekgong, dy't ek wol bekendstiet ûnder de oantsjutting fan 'e Krisisjierren. Dy snuorje sette útein mei de beurskrach fan 1929 en duorre dêrnei goed tsien jier, oant yn 1939 de Twadde Wrâldoarloch útbriek. De Grutte Depresje hie in traumatysk effekt op 'e hiele wrâldekonomy, mar kaam benammen yn 'e Westerske wrâld hurd oan. De ekonomyske krisis late ta wiid fersprate wurkleazens en dêrtroch ta grutte earmoede.
Yn 'e Feriene Steaten boaze it effekt fan 'e Grutte Depresje noch oan troch it dermei gearfallende ferskynsel fan 'e Dust Bowl, wêrby't dielen fan 'e Grutte Flakten troffen waarden troch oanhâldende stofstoarmen, feroarsake trochdat blanke kolonisten de lânseigen prêrjebegroeiïng ferfongen troch folle minder djipwoartele eksoatyske planten (ntl. nôt), dy't de moude net fêsthâlde koene. Miljoenen boeren wiene dêrtroch twongen om krekt yn in tiid fan ekonomyske krisis harren lân te ferlitten en in better bestean yn 'e stêden te sykjen. De Amerikaanske presidint Herbert Hoover makke de swierrichheden noch slimmer mei syn mislearre besykjen om 'e begrutting yn lykwicht te bringen, wêrfoar't er de belestings ferhege. Yn 1933 keazen de Amerikanen dêrom foar him yn 't plak Franklin D. Roosevelt ta presidint, dy't de New Deal yntrodusearre, in belied basearre op 'e keynesiaanske teory, wêrby't de oerheid krekt mear jild yn 'e ekonomy pompte. Dat barde troch opdracht te jaan foar de bou fan grutte ynfrastrukturele projekten, lykas de oanlis fan 'e Hooverdaam by Las Vegas en fan ferskate keardammen yn 'e rivier de Tennessee yn it ramt fan 'e Tennessee Valley Authority (TVA).
Ek Dútslân hie tige slim fan 'e Grutte Depresje te lijen, wat feroarsake waard troch de swiere ferhelbetellings dy't it lân nei de Earste Wrâldoarloch troch de Alliëarden oplein wiene. De ekonomyske misêre wie ien fan 'e wichtichste faktoaren dy't derfoar soargen dat de Dútsers yn mearderheid har nocht hiene fan 'e swakke Weimarrepublyk, dy't oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch oprjochte wie. Dêrfoar yn 't plak brochten se sadwaande yn 1933 Adolf Hitler oan 'e macht, de lieder fan 'e ekstreem-rjochtse Nasjonaal-Sosjalistyske Dútske Arbeiderspartij. Hitler loek neitiid alle macht nei himsels ta en regearre it lân as diktator. Hy sette útein mei in politike kampanje dy't Dútslân wer grut meitsje moast. Stappen op 'e wei nei dat doel wiene de Reynkorporaasje fan it Saargebiet en de werbewapening fan Dútslân yn 1935, de Remilitarisaasje fan it Rynlân yn 1936, de Anschluß fan Eastenryk en de anneksaasje fan it Sudetenlân yn 1938, en de anneksaasje fan Bohemen en Moraavje, de anneksaasje fan Danzig en de Dútske ynfal yn Poalen yn 1939. Uteinlik late Hitler syn belied dêrmei ta it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch.
Ek yn in soad oare lannen waard yn 'e 1930-er jierren de diktatuer ynsteld, lykas yn Estlân, Letlân, Eastenryk, Roemeenje, Bulgarije, Albaanje, Grikelân en in stikmannich Latynsk-Amerikaanske steaten. Yn Spanje briek yn 1936 de Spaanske Boargeroarloch út, dy't nei jierren fan bloedige striid einige mei de oerwinning fan generaal Francisco Franco en de ynstelling fan in faksistyske diktatuer yn dat lân. Dútslân wie lykwols in gefal apart fanwegen it ynstitúsjonalisearre antysemitisme dat Hitler en syn oanhingers dêr yntrodusearren, û.m. mei de Neurenberger Wetten. Dy joadehaat boaze geandewei fierder oan en berikte oan 'e ein fan 'e jierren tritich in hichtepunt yn 'e Kristallnacht fan 1938. Uteinlik soe it, ûnder de Twadde Wrâldoarloch útrinne op in genoside op suver yndustriële skaal: de Holokaust.
De Westerske demokrasyen, mei de ferskrikkings fan 'e rinfuorgen fan 'e Earste Wrâldoarloch noch klear foar eagen, lieten yn dit twadde desennium fan it Ynterbellum in opmerklike slopheid blike as it gie om lannen as Dútslân ta de oarder te roppen. Dy saneamde appeasement, in polityk fan fermoedsoening troch it dwaan fan konsesjes, berikte yn septimber 1938 syn hichtepunt mei it sluten fan it Ferdrach fan München, wêrby't it Feriene Keninkryk en Frankryk Tsjechoslowakije opofferen om 'e frede mei Dútslân te bewarjen. Sok belied bea mooglikheden oan sterkere lannen om swakkere lannen mei geweld te oermasterjen sûnder dat dêr wat tsjin dien waard, útsein de almar wanhopiger oproppen ta wrâldfrede troch it Folkebûn. Sa waard it Afrikaanske lân Abessynje ûnder de Twadde Italjaansk-Abessynske Oarloch fan 1935-1936 ferovere en beset troch Itaalje, wylst Japan yn 1937 de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch begûn en grutte dielen fan Sina besette.
Underwilens wie yn 'e Sovjet-Uny Josef Stalin dwaande mei de konsolidaasje fan syn macht. Oanhâldend liet er wiere en fermiende tsjinstanners út alle rangen en stannen fan 'e maatskippij likwidearje, wat geandewei de 1930-er jierren útrûn op 'e ferskrikkings fan 'e Grutte Suvering, dy't duorre fan 1936 oant 1938. Tagelyk waard ek op folslein ûnmeilydsume wize de kollektivisaasje fan de lânbou trochfierd, mei as gefolch de Sovjet-hongersneed fan 1932-1933, wêrby't miljoenen minsken omkamen, benammen yn 'e Oekraïne. Yn Sina wiene de nasjonalisten en de kommunisten noch altyd ferwikkele yn 'e Sineeske Boargeroarloch. Yn 'e koloanjes fan Afrika, Súd-Aazje en Súdeast-Aazje begûn de befolking stadichoan mear selsbewust te wurden. Lieders as Mahatma Gandhi yn Britsk-Ynje, Hồ Chí Minh yn Frânsk-Yndo-Sina en Soekarno yn Nederlânsk-Ynje, begûnen oan te kringen op in ein oan 'e Westerske oerhearsking.
Wichtichste foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 23 jannewaris - Yn 'e Dútske dielsteat Tueringen wurdt Wilhelm Frick as earste NSDAP-politikus ea minister yn in dielsteatregear.
- 26 jannewaris - Yn Britsk-Ynje ropt de sosjalistyske foaroanman Jawaharlal Nehru de ûnôfhinklikheid fan Yndia út by wize fan protest tsjin 'e Britske wegering om 'e koloanje mear selsbestjoer te jaan.
- 28 jannewaris - Yn Spanje moat premier Miguel Primo de Rivera, dy't lieding jout oan in militêre diktatuer, opstappe as gefolch fan in finansjele krisis yn it ramt fan 'e Grutte Depresje, nei't dúdlik wurdt dat it leger him net mear stipet.
- 18 febrewaris - De Amerikaanske astronoom Clyde Tombaugh ûntdekt Pluto, de njoggende planeet fan it Sinnestelsel.
- 6 maart - In massale demonstraasje troch wurkleazen yn New York wurdt troch de Amerikaanske plysje ûnmeilydsum útinoar slein.
- 12 maart - Yn Britsk-Ynje begjint de lânseigen foaroanman Mahatma Gandhi oan it haad fan in grutte kloft folk oan syn Sâltmars nei de see, om dêr sels sâlt te winnen en sa it Britske monopoalje op sâlt yn Ynje oan 'e kaak te stellen.
- 3 april - Nei it ferstjerren fan keizerinne Zewditu wurdt Haile Selassie allinnichhearsker fan Abessynje.
- 5 maaie - Oan 'e ein fan syn súksesfolle Sâltmars wurdt yn Britsk-Ynje de aktivist Mahatma Gandhi mei tûzenen oanhingers op lêst fan Lord Irwin, de Britske ûnderkening, arrestearre foar it yllegaal winnen fan sâlt (dêr't de Britske oerheid yn Ynje it monopoalje op hat).
- 19 maaie - Súd-Afrika fiert it frouljuskiesrjocht yn (mar allinnich foar blanke froulju).
- 8 juny - De út ballingskip weromroppen Karel II folget syn njoggenjierrige soan Michael op as kening fan Roemeenje. (Hy wie yn 1925 ferballe troch syn heit, kening Ferdinand, en doe't dyselde yn 1927 stoar, waard er dêrom opfolge troch syn pakesizzer, de doe seisjierrige Michael.)
- 26 juny - It 16e Partijkongres fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny stiet hielendal yn it teken fan suverings. Foaroanman Josef Stalin hâldt in seis oeren duorjende taspraak dêr't er fierdere maatregels yn oankundiget tsjin trotskisten en oare tsjinstanners.
- 1 july - It Feriene Keninkryk stimt yn mei de ûnôfhinklikheid fan Irak, dy't pland stiet foar 1932.
- 21 augustus - Yn Nederlân falt de Wieringermar drûch. Dit is it earste grutte projekt fan 'e Suderseewurken.
- 25 augustus - Yn Poalen lit de premier en minister fan Definsje, maarskalk Józef Piłsudski, de lieders fan 'e linkse en sintrumrjochtse opposysjepartijen oppakke en finzen sette.
- 25 augustus - By in steatsgreep yn Perû wurdt diktator Augusto Leguía ôfset, dy't al sûnt 1919 oan macht is.
- 5 septimber - By in steatsgreep yn Argentynje wurdt de liberale presidint Hipólito Irigoyen ôfset troch generaal José Uriburu, dy't stipe wurdt troch de grutgrûnbesitters.
- 9 septimber - Yn Peking lit generaal Feng Yuxiang himsels ta presidint útroppe fan in tsjinregear (tsjin dat fan Chiang Kai-shek).
- 14 septimber - By Ryksdeiferkiezings yn Dútslân komme de faksistyske NSDAP en de kommunistyske KPD as de grutte winners út 'e bus.
- septimber - De Earste Koerdysk-Arabyske Oarloch brekt út yn noardlik Irak.
- 4 novimber - By de Revolúsje fan 1930 komt yn Brazylje Getúlio Vargas oan 'e macht.
- 5 desimber - Yn Belgje falle by de giframp yn de Maasdelling by Luik 66 deaden as der in wolk giftich gas út in gemysk fabryk ûntsnapt.
- 12 desimber - De lêste Alliëarde troepen ûntromje it Saargebiet, dat de status fan mandaatgebiet fan it Folkebûn hat.
- 22 desimber - Yn 'e Noarske haadstêd Oslo ûndertekenje Nederlân, Belgje, Lúksemboarch, Denemark, Noarwegen, Sweden en Finlân de Konvinsje fan Oslo, wêryn't se inoar ekonomyske en politike stipe ûnthjitte.
- 30 desimber - Nei't de opstân fan Feng Yuxiang yn noardlik Sina delslein is, konsintrearret de Sineeske diktator Chiang Kai-shek him op it besingeljen en ferneatigjen fan 'e kommunistyske bases yn súdlik Sina.
- 19 jannewaris - Yn Londen mislearret de earste rûnetafelkonferinsje oer de takomst fan Britsk-Ynje trochdat it Yndysk Nasjonaal Kongres wegeret om oan te skowen salang't syn foaroanman Mahatma Gandhi troch de Britten fêstholden wurdt.
- 25 jannewaris - De Britsk-Yndyske foaroanman Mahatma Gandhi wurdt frijlitten út Britske finzenskip (nei't er oppakt wie fanwegen syn ynbrek op it sâltmonopoalje fan 'e Britske oerheid yn Ynje).
- 17 febrewaris - Yn Britsk-Ynje fine de earste besprekkings plak tusken Lord Irwin, de Britske ûnderkening, en de lânseigen lieder Mahatma Gandhi.
- 5 maart - Yn Britsk-Ynje slute Lord Irwin, de Britske ûnderkening, en de lânseigen lieder Mahatma Gandhi it Irwin-Gandhi-pakt. Neffens dy oerienkomst jout Gandhi syn Yndysk Nasjonaal Kongres foarearst de striid foar ûnôfhinklikheid op en wurdt de kampanje fan boargerlike oerhearrigens stillein. De Britten litte alle finzen nommen aktivisten frij, betelje skealeasstellings út oan lju dy't ûnder harren hurde optreden te lijen hân hawwe, en stelle harren iepen op by nije ûnderhannelings oer mear Yndysk selsbestjoer.
- 5 maart - Yn it Feriene Keninkryk rjochtet sir Oswald Mosley de Nije Partij op, de earste faksistyske politike partij yn dat lân.
- 1 april - By in swiere ierdbeving yn Nikaragûa wurdt de haadstêd Managua fierhinne ferwuostge. Der falle mear as 2.000 deaden.
- 14 april - Nei in grutte ferkiezingsoerwinning fan 'e linkse, republikeinske partijen yn Spanje nimt de ympopulêre kening Alfûns XIII de wyk nei Frankryk. Syn tsjinstanners beskôgje dat as in de facto abdikaasje, en roppe de Twadde Spaanske Republyk út
- 3 maaie - Yn New York komt it Empire State Building ree, it heechste gebou fan 'e wrâld.
- 10 juny - Noarwegen beset East-Grienlân. Dit liedt ta in konflikt mei Denemark.
- 27 july - By in steatsgreep yn Sily wurdt diktator Carlos Ibáñez del Campo ôfset, dy't útwykt nei Argentynje. Neitiid falt Sily ta proai oan in perioade fan folsleine anargy.
- 2 augustus - By it in referindum sprekt mear as 99% fan 'e befolking fan Kataloanje him út foar autonomy binnen de Twadde Spaanske Republyk.
- 12 augustus - By wettersneed yn Sina oerstreamt de rivier de Jangtse. Der komme 8.000 minsken om.
- 25 augustus - Yn it Feriene Keninkryk foarmet premier Ramsay MacDonald in regear fan nasjonale ienheid yn ferbân mei de oangeande ekonomyske krisis.
- simmer - De Twadde Koerdysk-Arabyske Oarloch brekt út yn noardlik Irak.
- 18 septimber - By it Mukden-ynsidint yn 'e neite fan 'e Sineeske stêd Mukden (no: Shenyang) wurdt in bomoanslach útfierd op in spoarline yn súdlik Mantsjoerije, dy't ûnder Japansk tafersjoch stiet.
- 19 septimber - Nei oanlieding fan it Mukden-ynsidint docht Japan in ynfal yn noardeastlik Sina en begjint mei de besetting fan Mantsjoerije.
- 11 oktober - Yn Dútslân foarmje in stikmannich ekstreem-rjochtse organisaasjes, wêrûnder de NSDAP, by in reuseftige demonstraasje yn Bad Harzburg it Harzburger Front.
- 14 oktober - Yn Spanje wurdt de skieding tusken tsjerke en steat ynfierd.
- 24 oktober - Maffiabaas Al Capone wurdt yn 'e Feriene Steaten foar belestingûntdûking feroardiele ta 11 jier finzenisstraf en in jildboete fan $50.000.
- 1 desimber - De twadde rûnetafelkonferinsje oer de takomst fan Britsk-Ynje einiget sûnder dat der foarútgong boekt is. De Yndyske nasjonalisten, oanfierd troch Mahatma Gandhi, bliuwe by harren minimumeask fan folslein yntern selsbestjoer, wylst de Britten dêr neat fan witte wolle.
- 10 desimber - Yn Spanje wurdt in nije, progressive grûnwet oannommen, dy't û.m. de earder ynstelde skieding fan tsjerke en steat formalisearret en de ynfiering fan it frouljuskiesrjocht regelet.
- 16 desimber - Yn Dútslân rjochtsje de sosjalistyske SPD en oare linke organisaasjes it Eiserne Front op dat him keart tsjin sawol ekstreem-rjochts as de kommunistyske KPD.
- 4 jannewaris - De nije ûnderkening fan Britsk-Ynje, Lord Willingdon, lit hûnderten lieders fan 'e Yndyske ûnôfhinklikheidsbeweging oppakke en fêstsetten, wêrûnder Mahatma Gandhi, Jawaharlal Nehru en Vallabhbhai Patel.
- 23 jannewaris - By it Bloedbad fan Sonsonate wurde yn El Salvador by in demonstraasje tsjin harren ellindige libbensomstannichheden 4.000 earme boeren deasketten troch it leger.
- 28 jannewaris - Japanske troepen dogge in ynfal yn 'e Sineeske havenstêd Sjanghai. Ta ferrassing fan alle waarnimmers stjitte se op fûleindich ferset fan it Sineeske leger.
- 18 febrewaris - Yn it troch Japan besette Mantsjoerije (in diel fan Sina) wurdt it Keizerryk Mantsjûkwo útroppen, dat in Japanske fazalsteat sûnder wiere selsstannigens wurdt.
- 25 febrewaris - Adolf Hitler, de (Eastenrykske) lieder fan 'e ekstreem-rjochtse Nasjonaal-Sosjalistyske Dútske Arbeiderspartij, kriget de Dútske nasjonaliteit.
- 27 febrewaris - Japan foltôget de besetting fan Mantsjoerije.
- 3 maart - Mei massale arrestaasjes wurdt yn Finlân, op beskuldiging fan it tarieden fan in steatsgreep, de ynfloedrike faksistyske Lapua-beweging oprôle.
- 10 april - By presidintsferkiezings yn Dútslân wurdt de âld-generaal en sittende presidint Paul von Hindenburg werkeazen mei 53% fan 'e stimmen. Syn útdager Adolf Hitler bliuwt stykjen op 36,8%.
- 13 april - Yn Dútslân wurde de SA en de SS, de knokploegen fan 'e ekstreem-rjochtse politike partij NSDAP, ferbean.
- 5 maaie - Sina en Japan slute in fredesferdrach nei de Japanske besetting fan Mantsjoerije en Sjanghai.
- 7 maaie - De Frânske presidint Paul Doumer wurdt fermoarde by in oanslach troch de geastlik steurde Russyske ymmigrant Paul Gorguloff.
- 16 maaie - Yn Dútslân wurdt it ferbod op 'e SA en de SS, de knokploegen fan 'e ekstreem-rjochtse politike partij NSDAP, opheft yn ruil foar gedoochstipe fan 'e NSDAP foar it nije regear.
- 28 maaie - Yn Nederlân wurdt it lêste gat yn 'e Ofslútdyk tichte. De Sudersee is de Iselmar wurden.
- 6 juny - By in steatsgreep yn Sily wurdt presidint Juan Montero ôfset. De sosjalist Carlos Davila nimt de macht oer.
- 15 juny - Tusken Bolivia en Paraguay brekt de Chaco-oarloch út, oer it besit fan 'e ierdoaljerike Gran Chaco-krite. Esso stipet Bolivia en Keninklike Shell subsidiëarret Paraguay.
- 5 july - Yn Portegal wurdt minister fan Finânsjes Antonio de Oliveira Salazar premier mei diktatoriaal grut foech.
- 13 july - Yn Dútslân ûntstiet in politike krisis as presidint Paul von Hindenburg de ekstreem-rjochtse lieder Adolf Hitler ôfwiist as kandidaat foar it rykskânselierskip.
- 28 july - In massale demonstraasje fan wurkleaze feteranen út 'e Earste Wrâldoarloch yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. rint út op in botsing mei plysje en leger, wêrby't fjouwer deaden en in protte ferwûnen falle.
- 31 july - By de Ryksdeiferkiezings yn Dútslân wurdt de ekstreem-rjochtsje NSDAP de grutste partij mei 37,3% fan 'e stimmen.
- 1 septimber - Yn Súd-Amearika brekt de Kolombiaansk-Perûviaanske Oarloch út.
- 2 septimber - De swiere Labor Day-orkaan treft de Florida Keys, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Der falle mear as 600 deaden.
- 9 septimber - It parlemint fan Spanje ferlient autonomy oan 'e regio Kataloanje
- 12 septimber - Op 'e earste sitting fan 'e nije Dútske Ryksdei wurdt it foarstelde regear fan rykskânselier Franz von Papen by in moasje fan wantrouwen fuortstimd. Dêrop ûntbynt presidint Paul von Hindenburg daliks it parlemint wer en skriuwt nije ferkiezings út.
- 23 septimber - It Keninkryk fan de Hidjas en de Nêzjd wurdt omfoarme ta Saûdy-Araabje.
- 1 oktober - De Britske faksistyske foaroanman sir Oswald Mosley rjochtet in nije politike partij op, de Briske Uny fan Faksisten (BUF).
- 3 oktober - Irak wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 6 novimber - By de Ryksdeiferkiezings yn Dútslân ferliest de ekstreem-rjochtse NSDAP 4% fan 'e stimmen (yn ferhâlding ta de ferkiezings fan july) en komt út op 33,1% fan 'e stimmen. De kommunistyske KPD giet fan 14,3% nei 16,9%.
- 8 novimber - By de presidintsferkiezings yn 'e Feriene Steaten ferslacht de Demokratyske kandidaat Franklin D. Roosevelt de sittende Republikeinske presidint Herbert Hoover.
- 12 jannewaris - It Amerikaanske Kongres stimt yn mei in plan dat de Filipinen ûnôfhinklikheid yn it foarútsjoch stelt.
- 12 jannewaris - By it Bloedbad fan Casas Viejas wurde yn Spanje troch de Guardia Civil (de sjendarmery) 25 minsken deade by it ûnderdrukken fan in anargistyske rebûlje.
- 30 jannewaris - Yn Dútslân wurdt Adolf Hitler, de lieder fan 'e ekstreem-rjochtse NSDAP, beneamd ta rykskânselier.
- 24 febrewaris - It Folkebûn oarderet Japan mei algemiene stimmen om him út Mantsjoerije werom te lûken.
- 7 febrewaris - Yn 'e Nederlânske koloanje Suriname fynt Reade Tiisdei plak, wêrby't de plysje rjochte sjit op demonstranten dy't de frijlitting easkje fan polityk aktivist Anton de Kom. Der falle 2 deaden en 22 ferwûnen.
- 10 febrewaris De rebûlje op it Nederlânske marineskip De Zeven Provinciën wurdt ûnderdrukt nei't der út in fleanboat in bom op it skip smiten wurdt.
- 27 febrewaris - By de Ryksdeibrân giet yn 'e Dútske haadstêd Berlyn it Ryksdeigebou yn flammen op. Deunby de brân wurdt de Nederlanner Marinus van der Lubbe arrestearre, dy't de skuld op 'e lea skood kriget.
- 28 febrewaris - De Dútske rykskânselier Adolf Hitler ferbiedt de kommunistyske partij KPD, om't dy belutsen west hawwe soe by de Ryksdeibrân.
- 3 maart - Yn Dútslân wurdt Ernst Thälmann, de foarsitter fan 'e kommunistyske KPD, oppakt.
- 4 maart - Yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. wurdt Franklin D. Roosevelt ynaugurearre as presidint fan de Feriene Steaten.
- 4 maart - De Eastenrykske kânselier Engelbert Dollfuß ûntbynt mei geweld it parlemint en regearret fan no ôf oan as diktator, per dekreet.
- 5 maart - By de Ryksdeiferkiezings yn Dútslân behellet de ekstreem-rjochtse NSDAP fan Adolf Hitler 43,9% fan 'e stimmen. Mei de nasjonalistyske DNVP krije de nazys de absolute mearderheid. De sosjalistyske SPD bliuwt stykjen op 18,3%, wylst de kommunistyske KPD noch 12,3% kriget, hoewol't alle kandidaten fan dy partij ûnderwilens oppakt of nei it bûtenlân flechte binne.
- 20 maart - De Dútske SS-lieder Heinrich Himmler beoarderet yn Beieren de oprjochting fan it earste konsintraasjekamp, Dachau.
- 22 maart - De Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt stelt prikken yn it wurk om ta opheffing fan 'e Drûchlizzing te kommen.
- 24 maart - Mei de Machtigingswet, dy't it Dútske regear (lês: Adolf Hitler) de macht jout om bûten de Ryksdei om te regearjen, komt der in ein oan 'e Weimarrepublyk. Begjin fan it Trêde Ryk (nazy-Dútslân)
- 27 maart - Fanwegen it skeel oer de Japanske besetting fan Mantsjoerije seit Japan syn lidmaatskip fan it Folkebûn op.
- 1 april - Begjin fan 'e stelselmjittige joadeferfolging yn nazy-Dútslân.
- 4 april - It Amerikaanske loftskip de USS Akron stoart del yn 'e Atlantyske Oseaan. Fan 'e 76 ynsittenden komme 73 om.
- 5 april - It Tribunaal fan it Folkebûn yn De Haach stelt nei wiidweidich berie Denemark gelyk yn 'e kwestje fan 'e Noarske besetting fan East-Grienlân, dy't sûnt juny 1931 spilet. Neffens de útspraak soe de Deenske soevereiniteit oer hiel Grienlân berêste op it Ferdrach fan Kiel út 1814. Noarwegen leit him by de útspraak del en jout it gebiet werom oan Denemark.
- 8 april - By in referindum sprekt 68% fan 'e befolking fan West-Austraalje him út foar ûnôfhinklikheid fan 'e rest fan Austraalje. Dat wurdt lykwols daliks blokkearre troch it Britske regear, dat foar sa'n ôfskieding tastimming ferliene moat.
- 2 maaie - Yn nazy-Dútslân wurde de fakbûnen lykskeakele yn it Dútske Arbeidsfront (DAF).
- 10 maaie - Yn stêden yn hiel nazy-Dútslân fine boekferbrânings plak fan it wurk fan skriuwers dy't net passe yn 'e nasjonaal-sosjalistyske ideology.
- 10 maaie - Yn nazy-Dútslân wurde alle besittings fan 'e sosjalistyske SPD yn beslach nommen.
- 18 maaie - De Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt rjochtet de Tennessee Valley Authority (TVA) op, dy't yn it ramt fan 'e wurkferskaffing de bou fan ferskate keardammen yn 'e rivier de Tennessee bewurkmasterje sil.
- 24 maaie - De Kolombiaansk-Perûviaanske Oarloch wurdt beëinige.
- 27 maaie - De faksistyske Eastenrykske lieder Engelbert Dollfuß ferbiedt de kommunistyske partij KPÖ.
- 28 maaie - Yn nazy-Dútslân wurde alle besittings fan 'e kommunistyske KPD yn beslach nommen.
- 28 maaie - Yn 'e Frije Stêd Danzig behelje de nazys by ferkiezings in absolute mearderheid fan 'e stimmen.
- 7 juny - Yn Rome wurdt it Pakt fan Fjouwer Grutmachten oprjochte, mei as leden it Feriene Keninkryk, Frankryk, Itaalje en nazy-Dútslân.
- 8 juny - Yn Britsk-Ynje beëiniget de nasjonalistyske foaroanman Mahatma Gandhi nei seis dagen syn hongerstaking nei't it Britske regear fan premier Ramsay MacDonald tajout en plannen weromdraait om it stimrjocht fan 'e ûnoanrekberen, de leechste hindoe-kaste, te beheinen.
- 20 juny - De nazy Hermann Rauschning wurdt premier fan 'e Frije Stêd Danzig.
- 22 juny - Yn nazy-Dútslân wurdt de sosjalistyske partij SPD ferbean.
- 27 juny - Yn nazy-Dútslân heft de nasjonalistyske partij DNVP himsels op.
- 29 juny - Yn nazy-Dútslân wurdt de lutherske Deutsche Evangelische Kirche ûnder tafersjoch fan 'e steat pleatst.
- 14 july - De nazy-partij NSDAP wurdt yn nazy-Dútslân de iennichste tastiene politike partij.
- 20 july - It Fatikaan slút mei nazy-Dútslân it Rykskonkordaat. De Dútske steat (d.w.s. de nazys) krije dêrtroch ynfloed op 'e Roomsk-Katolike Tsjerke yn Dútslân.
- 1 augustus - Yn Nederlânsk-Ynje wurdt de nasjonalistyske lânseigen lieder Soekarno (wer) arrestearre foar it fersprieden fan oprokkenjende geskriften.
- 20 augustus - De faksistyske lieders Benito Mussolini fan Itaalje en Engelbert Dollfuß fan Eastenryk slute it Ferdrach fan Riccione, dat de ûnskeinberens fan 'e grinzen fan 'e beide lannen garandearret.
- 7 oktober - Yn Belgje rjochtet Staf de Clercq it faksistyske Flaamsk Nasjonaal Ferbûn op.
- 10 oktober - It Folkebûn stelt in hege kommissaris foar de Flechtlingen oan, yn ferbân mei de floed fan flechtlingen dy't op gong kommen is út nazy-Dútslân.
- 14 oktober - Nazy-Dútslân seit syn lidmaatskip fan it Folkebûn op.
- 12 novimber - By de (ûnfrije) Ryksdeiferkiezings yn Dútslân wint de NSDAP (de iennichste tastiene politike partij) 92,1% fan 'e stimmen.
- 15 novimber - Yn nazy-Dútslân wurdt de Reichskulturkammer oprjochte, in orgaan foar de lykskeakeling fan alle organisaasjes dy't mei kultuer te krijen hawwe.
- 16 novimber - Yn Brazylje ropt presidint Getúlio Vargas himsels út ta diktator.
- 29 novimber - Yn Japan begjint de ferfolging fan kommunisten.
- 5 desimber - Mei de oanname troch it Amerikaanske Kongres fan it Ienentweintichste Amendemint oan de Amerikaanske Grûnwet komt der yn 'e Feriene Steaten in ein oan 'e Drûchlizzing.
- 16 desimber - De Fyfde Alvestêdetocht wurdt wûn troch Abe de Vries en Sipke Castelein yn in tiid fan 9 oeren en 53 minuten.
- 22 desimber - De Nederlanner Marinus van der Lubbe wurdt yn nazy-Dútslân ta de deastraf feroardiele foar it oanstekken fan 'e Ryksdeibrân.
- 10 jannewaris - Yn nazy-Dútslân wurdt de Nederlanner Marinus van der Lubbe mei de guillotine eksekutearre foar it oanstekken fan 'e Ryksdeibrân.
- 8 febrewaris - Yn reäksje op in tige gewelddiedige, massale demonstraasje troch in stikmannich faksistyske organisaasjes yn Parys juster, formearret Gaston Doumergue in regear fan nasjonale ienheid dat foarkomme moat dat yn Frankryk in boargeroarloch útbrekt.
- 9 febrewaris - Grikelân, Turkije, Roemeenje en Joegoslaavje slute it Balkanpakt, in militêr bûnsgenoatskip, dat benammen rjochte is tsjin Bulgarije, dat oanspraak makket op dielen fan it grûngebiet fan alle fjouwer lannen.
- 13 febrewaris - Nei twa dagen fan ferbittere gefjochten yn Eastenryk (feitlik in koarte boargeroarloch) tusken it leger, stipe troch leden fan 'e faksistyske paramilitêre Heimwehr, en leden fan 'e sosjalistyske paramilitêre Schutzbund, wêrby't tsientallen deaden en ferwûnen fallen binne, ferbiedt kânselier Engelbert Dollfuß de sosjalistyske partij SPÖ. De sosjalistyske boargemaster fan Wenen, Karl Seitz, wurdt oppakt.
- 16 febrewaris - It selsbestjoer fan 'e Britske koloanje Nijfûnlân wurdt op fersyk fan it eigen parlemint opheft.
- 17 febrewaris - Yn Marche-les-Dames, yn 'e Ardinnen, ferûngelokket kening Albert I fan Belgje as er by in berchbeklimming 80 m omleech kneppelet.
- 23 febrewaris - Yn Nikaragûa wurdt guerriljalieder Augusto Sandino fermoarde as er yngiet op in útnûging foar ûnderhannelings mei presidint Juan Sacasa.
- 1 maart - Pu Yi, de lêste keizer fan Sina, wurdt troch de Japanners ynstallearre as keizer fan harren fazalsteat Mantsjûkwo.
- 12 maart - By in steatsgreep yn Estlân lûkt waarnimmend presidint Konstantin Päts alle macht nei himsels ta.
- 20 maart - Yn Nederlân komt de keninginne-mem Emma fan Waldeck-Pyrmont te ferstjerren.
- maart-12 maaie - Yn it suden fan it Arabysk Skiereilân wurdt de Saûdysk-Jemenityske Oarloch útfochten tusken Saûdy-Araabje en Noard-Jemen.
- 30 april - De Eastenrykske kânselier Engelbert Dollfuß fiert yn syn lân in nije, faksistyske grûnwet yn, dy't sosjalisten en kommunisten foargoed bûtenspul set.
- 15 maaie - By in steatsgreep yn Letlân lûkt premier Kārlis Ulmanis alle macht nei himsels ta.
- 19 maaie - By in steatsgreep yn Bulgarije komt kolonel Damijan Veltsjev oan 'e macht, dy't de grûnwet bûten wurking stelt en faksistysk diktator wurdt.
- 15 juny - In topmoeting yn Feneesje tusken de diktators Adolf Hitler, fan nazy-Dútslân, en Benito Mussolini, fan Itaalje, mislearret om't Mussolini mordikus tsjin is op 'e tanimmende nazy-Dútske ynfloed yn Eastenryk.
- 30 juny - De Nacht fan de Lange Messen: yn nazy-Dútslân wurdt op befel fan diktator Adolf Hitler de top fan 'e SA útmoarde, dy't te selsstannich operearre.
- 1 july - Mei de ynstelling fan 'e Production Code Administration (PCA), dy't tenei strang tafersjoch hâldt op it neilibjen troch de filmstudio's fan 'e sensuerregels fêstlein yn 'e Motion Picture Production Code, komt yn 'e filmyndustry fan Hollywood in ein oan 'e frijheid fan it Pre-Code-tiidryk.
- 3 july - Yn Nederlân komt prins-gemaal Hindrik fan Meklenburch-Schwerin te ferstjerren, de man fan keninginne Wilhelmina.
- 4 july - Yn Amsterdam brekke de Reade Julydagen út, in folksopstân mei as sintrum de Jordaan, dy't rjochte is tsjin 'e ferleging fan 'e wurkleasheidsútkearings troch it Nederlânske regear fan Hendrik Colijn.
- 25 july - By in mislearre steatsgreep troch de nazys yn Eastenryk wurdt de faksistyske (mar anty-nazistyske) kânselier Engelbert Dollfuß fermoarde.
- 1 augustus - De Feriene Steaten beëinigje harren besetting fan Haïty, dy't al fan 1915 ôf duorret.
- 2 augustus - De Dútske presidint Paul von Hindenburg komt te ferstjerren.
- 19 augustus - Yn nazy-Dútslân wurdt rykskânselier Adolf Hitler by in allesbehalven frije folksstimming keazen ta opfolger fan de ferstoarne presidint Paul von Hindenburg. Syn titel wurdt lykwols net 'presidint' mar Führer ("lieder").
- 22 augustus - By in topmoeting yn Florâns ûnthjit de Italjaanske diktator Benito Mussolini stipe tsjin nazy-Dútslân oan 'e Eastenrykske kânselier Kurt Schuschnigg.
- 5 oktober - Yn Spanje wurde faksisten beneamd op ministersposten yn it nije rjochtse regear. Dêrop brekt yn 'e regio Astuerje in wapene arbeidersopstân út.
- 6 oktober - De Katalaanske foaroanman Lluís Companys ropt de ûnôfhinklikheid fan 'e Republyk Kataloanje út.
- 7 oktober - It Spaanske leger ûnderdrukt it ûnôfhinklikheidsstribjen yn Kataloanje. Presidint Lluís Companys en oare leden fan it Katalaanske regear wurde oppakt.
- 9 oktober - Moard op kening Aleksander I fan Joegoslaavje yn Marseille, by in steatsbesyk oan Frankryk. De moardner is Vlado Černozemski, in lid fan 'e Ynterne Masedoanyske Revolúsjonêre Organisaasje (IMRO), dy't stribbet nei de ûnôfhinklikheid fan Masedoanje.
- 18 oktober - It Spaanske leger drukt de arbeidersopstân yn Astuerje op tige bloedige wize de kop yn. Der komme teminsten 1.300 arbeiders om.
- 18 oktober - Yn Sina begjint de kommunistyske foaroanman Mao Zedong mei 80.000 soldaten oan in massale útbraak út 'e besingeling troch regearingstroepen. Dit is it begjin fan 'e saneamd Lange Mars.
- 1 desimber - Yn 'e Sovjet-Uny wurdt de foaroansteande kommunistyske partijsiktaris fan Leningrad, Sergej Kirov, by in moardoanslach fermoarde.
- 5 desimber - By it Walwal-ynsidint, by it plak Walwal, oan 'e grins fan Abessynje en Italjaansk-Somalilân, komt it ta in fjoergefjocht tusken Abessynske en Italjaanske troepen. It is ien fan in protte soartgelikense ynsidinten, mar de Italjaanske diktator Benito Mussolini grypt dit foarfal oan om oarlochstariedings tsjin Abessynje te meitsjen.
- 13 jannewaris - By it referindum oer de status fan it Saargebiet stimt in romme mearderheid fan 'e befolking foar weropname fan it Saarlân yn Dútslân.
- 11 febrewaris - It Folkebûn rjochtet in arbitraazjekommisje op oangeande it Walwal-ynsidint, dat ta oanboazjende spannings liedt tusken Itaalje en Abessynje.
- 1 maart - Reynkorporaasje fan it Saargebiet yn Dútslân.
- 16 maart - De Dútske diktator Adolf Hitler kundiget de werbewapening fan Dútslân oan.
- 25 maart - Belgje kriget in regear fan nasjonale ienheid ûnder lieding fan premier Paul van Zeeland, mei as doel om 'e ekonomyske krisis op te lossen.
- 12 april - Yn nazy-Dútslân wurde skriuwers fan Joadsk en oar net-Arysk komôf út 'e Reichskulturkammer staat. Se krije boppedat in publikaasjeferbod oplein.
- 17 april - It Folkebûn feroardielet de werbewapening fan Dútslân en stelt sanksjes yn.
- 27 april - Yn 'e Belgyske haadstêd Brussel wurdt de wrâldtentoanstelling iepene.
- 2 maaie - Frankryk slút in militêr bûnsgenoatskip mei de Sovjet-Uny, dat rjochte is tsjin nazy-Dútslân.
- 12 maaie - De (yn eigen lân tige populêre) diktator Józef Piłsudski, dy't Poalen sûnt 1926 regearre hat, komt yn Warsjau te ferstjerren.
- 19 maaie - By ferkiezings yn Tsjechoslowakije behellet de Sudetendútske Partij (SdP) fan Konrad Henlein, de partij fan 'e Dútske minderheid, in grutte oerwinning.
- 10 juny - De Chaco-oarloch tusken Bolivia en Paraguay einiget mei in wapenstilstân yn in Paraguayaanske oerwinning.
- july - Wettersneed yn Sina: by oerstreamings fan 'e Giele River en ferskate lytsere rivieren yn it noardeasten fan it lân komme teminsten 200.000 minsken om.
- 14 augustus - De Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt ûndertekenet as ûnderdiel fan syn herfoarmingsprogramma New Deal de Social Security Act, in wet dy't de ynstelling fan útkearings regelet foar de âlderein, wurkleazen, ynfaliden en widdowen en wezen.
- 29 augustus - De Belgyske keninginne Astrid, de frou fan kening Leopold III, komt yn 'e neite fan it Switserske Küßnacht by in auto-ûngemak om.
- 2 augustus - De Britske Government of India Act giet yn, in wet dy't Britsk-Ynje in foarm fan selsbestjoer jout dy't foar de Britske Konservative Partij fierstente fier giet, wylst er foar de Yndyske nasjonalisten lang net fier genôch giet.
- 10 septimber - De kontroversjele Amerikaanske politikus Huey Long wurdt by in oanslach fermoarde.
- 15 septimber - Op it 7e Kongres fan de NSDAP, yn Neurenberch, wurde de Neurenberger Wetten oannommen, dy't it maatskiplike libben fan Joaden yn nazy-Dútslân fierder beheine en boppedat sterk it near lizze op relaasjes tusken Joaden en net-Joaden.
- 2 oktober - Italjaanske troepen falle Abessynje binne. It begjin fan 'e Twadde Italjaansk-Abessynske Oarloch.
- 10 oktober - It Folkebûn feroardielet mei algemiene stimmen de Italjaanske agresje foar Abessynje oer.
- 10 oktober - By in steatsgreep yn Grikelân grypt generaal Giorgios Kondylis de macht.
- 19 oktober - It leger fan 'e Sineeske kommunisten, oanfierd troch Mao Zedong, foltôget syn Lange Mars.
- 3 novimber - By it Gryksk referindum oer de monargy stimt de mearderheid fan 'e befolking foar in weromkear nei de monargy. Neffens waarnimmers wurdt der lykwols op grutte skaal stimbusfraude dien troch it monargistysk regear fan generaal Giorgios Kondylis.
- 24 novimber - Kening George II fan Grikelân keart nei tolve jier út ballingskip werom yn Grikelân om syn keningskip wer op te nimmen.
- 18 desimber - Yn Fenezuëla komt diktator Juan Vicente Gómez, dy't al sûnt 1908 oan 'e macht is, te ferstjerren.
- 20 jannewaris - De Britske kening George V komt te ferstjerren. Hy wurdt opfolge troch syn âldste soan, Edwert VIII.
- 16 febrewaris - By parlemintsferkiezings yn Spanje behellet it Folksfront, in koälysje fan linkse politike partijen, in grutte oerwinning.
- 7 maart - De Dútske diktator Adolf Hitler fiert de Remilitarisaasje fan it Rynlân troch.
- 9 maaie - Italjaanske troepen behelje de oerwinning op Abessynje yn 'e Twadde Italjaansk-Abessynske Oarloch. Begjin fan 'e Italjaanske besetting fan Abessynje. Kening Fiktor Emanuel III fan Itaalje lit himsels troch it regear fan Benito Mussolini útroppe ta keizer fan Abessynje.
- 8 juny - Yn Parys wurde ûnder bemiddeling fan 'e Frânske premier Léon Blum de Akkoarten fan Matignon sletten tusken fertsjintwurdigers fan 'e wurknimmers en de wurkjouwers.
- 15 july - It Folkebûn beslút de sanksjes op te heffen dy't Itaalje oplein wiene foar de agresje tsjin en besetting fan Abessynje. It bûn leit him del by de Italjaanske oerhearsking fan Abessynje, nettsjinsteande it feit dat Abessynje in lidsteat fan it Folkebûn is en ferheftich tsjin dizze gong fan saken protestearret.
- 17 july - Yn Spanje fynt in steatsgreep plak tsjin it demokratysk keazen regear, dy't útfierd wurdt troch generaal Francisco Franco en ferskate lykstimde ofsieren. Dit is it begjin fan 'e Spaanske Boargeroarloch.
- 21 july - Nei fjouwer dagen fan fûleindige gefjochten hawwe de faksistyske opstannelingen ûnder lieding fan generaal Francisco Franco yn Spanje de Kanaryske Eilannen, Spaansk-Marokko, it grutste part fan 'e Baleären, en dielen fan Galysje en Andalûsje yn 'e hannen. Yn 'e rest fan it lân is harren steatsgreep lykwols mislearre.
- 4 augustus - Mei stipe fan kening George II fan Grikelân ropt de faksistyske Grykske premier Ioannis Metaxas himsels út ta diktator.
- 3-9 augustus - De swarte Amerikaanske atleet Jesse Owens wint fjouwer kear goud op 'e Olympyske Spullen yn Berlyn: foar de 100 m, de 200 m, de 4×100 m estafette en it fierspringen.
- 14 augustus - Troepen fan 'e opstannige generaal Francisco Franco feroverje de stêd Badajoz, yn Ekstremadoera. Neitiid rjochtsje se dêr it Bloedbad fan Badajoz oan, wêrby't likernôch 1.800 kriichsfinzen nommen leden fan regearingsgetrouwe milysjes fermoarde wurde.
- 1 septimber - De foaroansteande Spaanske kommuniste Dolores Ibárruri, better bekend as La Pasionaria, docht op in massale gearkomste yn Parys in berop op 'e ynternasjonale linkse beweging om 'e Spaanske Republyk te help te kommen yn 'e Spaanske Boargeroarloch. Begjin fan 'e organisaasje fan bûtenlânske frijwilligers yn 'e saneamde Ynternasjonale Brigades.
- 6 septimber - De lêst bekende Tasmaanske bûdelwolf giet dea yn in dieretún yn Tasmaanje. Dêrmei stjert dizze bistesoarte út.
- 1 oktober - De opstannige generaal Francisco Franco lit him yn Burgos ynstallearje as 'haad fan it regear fan 'e Spaanske steat'.
- 1 novimber - De Italjaanske diktator Benito Mussolini proklamearret yn Rome yn it ramt fan 'e tanimmende gearwurking mei nazy-Dútslân de 'as Rome-Berlyn'.
- 7-23 novimber - Yn 'e Slach om Madrid wurdt de opmars fan 'e faksistyske troepen fan generaal Francisco Franco ta stean brocht troch Madrileenske boargermilysjes en de earste Ynternasjonale Brigades, besteande út Italjanen en Dútsers (dy't út eigen lân flechte binne foar it faksisme) en út Frânsen.
- 10 desimber - De Britske kening Edwert VIII docht ôfstân fan 'e troan om't er mei Wallis Simpson, in skieden Amerikaanse, trouwe wol.
- 11 desimber - Yn it Feriene Keninkryk wurdt de abdisearre kening Edwert VIII opfolge troch syn jongere broer George VI.
- 1 jannewaris - De Nikaragûaanske diktator Anastasio Somoza García lit himsels nei ûnfrije ferkiezings ynswarre as presidint.
- 7 jannewaris - De Nederlânske kroanprinsesse Juliana trout mei prins Bernhard von Lippe-Biesterfeld.
- 18 maart - By de Untploffing op de New London School, yn New London, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, komme 300 minsken om.
- 20 maart - Yn 'e Spaanske Boargeroarloch liede de faksisten fan generaal Francisco Franco en it mei him ferbûne Italjaanske Corpo Truppe Volotarie (CTV) in swiere nederlaach yn 'e Slach by Guadalajara.
- 26 april - It Dútske Kondorlegioen, dat oan faksistyske kant meifjochtet yn 'e Spaanske Boargeroarloch, fiert it Bombardemint fan Guernica út op 'e republikeinske stêd Guernica, de âlde haadstêd fan Baskelân. Dêrby falle mear as 200 boargerdeaden.
- 3 maaie - Yn Kataloanje brekke gefjochten út tusken ûnderskate republikeinske faksjes: it sosjalistyske regear fan 'e regio en de kommunisten nimme it op tsjin anargistyske arbeiders en oanhingers fan 'e POUM, in lytse radikaal-sosjalistyske partij. Dit ûnderminet de mienskiplike oarlochsynset tsjin 'e faksisten yn it ramt fan 'e Spaanske Boargeroarloch, en it liedt ta it ôftreden fan it Spaanske regear fan premier Francisco Largo Caballero.
- 6 maaie - It Dútske loftskip de Hindenburg ûntploft yn 'e loft boppe Lakehurst, yn 'e Feriene Steaten. Der komme 36 minsken om.
- 17 maaie - Yn Spanje wurdt in nij republikeinsk regear foarme troch premier Juan Negrín.
- 27 maaie - Yn San Francisco wurdt de Golden Gate-brêge iepene.
- 30 maaie - By it Bloedbad fan Memorial Day komme yn 'e Amerikaanske stêd Chicago tsien arbeiders fan 'e Republican Steel-fabriken om en reitsje mear as tachtich swierferwûne as de plysje it fjoer iepenet op in demonstraasje fan fakbûnsleden.
- 13 juny - Yn it ramt fan 'e Grutte Suvering wurde yn 'e Sovjet-Uny acht hege ofsieren fan it Reade Leger terjochtsteld, ûnder wa de yn ûngenede fallen sjef fan de generale stêf, maarskalk Michail Tûchatsjevski.
- 15 juny - De âlderdoms- en wurkleasheidsfersekering yn it ramt fan 'e Social Security Act fan 'e Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt wurde troch it Amerikaansk Heechgerjochtshôf grûnwetlik ferklearre. Dêrmei liede Roosevelt syn konservative politike tsjinstanners in gefoelige nederlaach.
- 1 july - De Spaanske biskoppen fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke sprekke yn it ramt fan 'e Spaanske Boargeroarloch ûndûbelsinnich harren stipe út foar de faksistyske opstannelingelieder generaal Francisco Franco.
- 2 july - De Amerikaanske piloate Amelia Earhart ferdwynt boppe de Stille Oseaan as se besiket om 'e wrâld te fleanen.
- 7 july - Japanske troepen falle Sina binnen nei in ynsidint op de Marco Polobrêge by Peking. Dit is it begjin fan 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch.
- 19 july - Yn Hollywood giet de film Spanish Earth yn premiêre. It is in dokumintêre oer de Spaanske Boargeroarloch fan 'e hân fan 'e kommunistyske Nederlânske sineäst Joris Ivens, dêr't ferneamde Amerikanen oan meiwurke hawwe, lykas skriuwer John Dos Passos, regisseur Orson Welles en skriuwer en sjoernalist Ernest Hemingway.
- 14 augustus - Yn reäksje op 'e Japanske ynfaazje ferkearret Sina Japan formeel de oarloch.
- 20 augustus - Yn nazy-Dútslân wurdt troch SS-lieder Heinrich Himmler it konsintraasjekamp Buchenwald oprjochte.
- 1 septimber - Begjin fan 'e Slach om Gijón yn it ramt fan 'e Spaanske Boargeroarloch.
- 10 septimber - De nasjonalisten en kommunisten yn Sina lizze de ûnderlinge striid yn it ramt fan 'e Sineeske Boargeroarloch tydlik stil mei it each op it útbrekken fan 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch. It Sineeske Reade Leger fan Mao Zedong sil ûnder de namme fan it Sineeske 8e Leger dielnimme oan 'e striid tsjin 'e Japanners.
- 21 septimber - By de Ingelske útjouwerij George Allen & Unwin komt it berneboek The Hobbit út, fan auteur J.R.R. Tolkien.
- 3 novimber - In konferinsje yn 'e Belgyske haadstêd Brussel om ta in freedsume oplossing te kommen foar it konflikt tusken Sina en Japan wurdt troch Japan boycotten.
- 10 novimber - Yn Brazylje wurdt in nije grûnwet fan krêft, dy't de diktatuer fan presidint Getúlio Vargas in wetlike grûnslach jout. Tagelyk kundiget Vargas syn Estado Novo-programma ôf ("Nije Steat"), dat de diktatuer in 'freonlik gesicht' jout.
- 14 desimber - Yn 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch nimme Japanske troepen de Sineeske haadstêd Nanjing yn, en rjochtsje dêr it Bloedbad fan Nanjing oan ûnder de boargerbefolking, wêrby't teminsten 200.000 minsken deasketten, ferdronken, libben ferbrând of libben begroeven wurde.
- 5 febrewaris - Yn nazy-Dútslân ûnslacht diktator Adolf Hitler de minister fan Oarloch, Werner von Blomberg, en de oerbefelhawwer fan it leger, generaal Werner von Fritsch, dy't sabeare 'om sûnensredens' opstappe. Dêrmei bringt er ek it leger ûnder syn macht. Hy wurdt sels minister fan Oarloch.
- 7 febrewaris - Yn nazy-Dútslân begjint de rjochtsaak tsjin 'e lutherske predikant Matin Niemöller, dy't him ûnder syn preken fûleindich oankantet tsjin it nasjonaal-sosjalisme.
- 10 febrewaris - Yn Roemeenje ûntslacht kening Karel II premier Octavian Goga en ropt de keninklike diktatuer út.
- 22 febrewaris - Yn 'e Spaanske Boargeroarloch liedt it republikeinsk regear fan Spanje yn 'e Slach om Teruel in swiere nederlaach: de stêd wurdt ynnommen troch de faksisten fan generaal Francisco Franco en 14.000 republikeinske soldaten komme om.
- 9 maart - De Eastenrykske kânselier Kurt Schuschnigg kundiget in referindum oan oer de fraach oft Eastenryk oansluting sykje moat by nazy-Dútslân, en ropt mei-iens syn lânslju op om te stimmen "foar in frij, Dútsk, ûnôfhinklik, sosjaal, liberaal, ienriedich Eastenryk."
- 11 maart - Under swiere Dútske druk moat de Eastenrykske kânselier Kurt Schuschnigg ôftrede. De Dútske diktator Adolf Hitler jout te kennen dat er wol dat Schuschnigg opfolge wurdt troch de tige pro-Dútske Arthur Seyss-Inquart. De Eastenrykske presidint Wilhelm Miklas wegeret lykwols Seyss-Inquart ta kânselier te beneamen; dyselde beneamt dêrop himsels, en ropt noch deselde jûns it Dútske leger te help om "de oarder te werstellen".
- 12 maart - Dútske troepen falle Eastenryk binnen en forsearje dêrmei de Anschluß by nazy-Dútslân. Eastenryk wurdt no ûnder namme Ostmark ûnderdiel fan Dútslân.
- 10 april - Yn in (folslein ûnfrij) referindum kart mear as 99% fan 'e ynwenners fan sawol nazy-Dútslân as it eardere Eastenryk de Anschluß goed.
- 24 april - Yn syn Karlsbader Programm stelt Konrad Henlein, de lieder fan 'e Sudetendútske Partij (SdP) fan 'e Dútske minderheid yn Tsjechoslowakije, acht easken oan it regear yn Praach, wêrfan't de wichtichste de folsleine autonomy fan it Dútsktalige Sudetenlân is. As de Dútske diktator Adolf Hitler dy easken stipet, liedt dit ta in krisis tusken Dútslân en Tsjechoslowakije.
- 29 april - De Britsk-Frânske Entânte wurdt fernijd. It Feriene Keninkryk jout hjirmei oan de Frânske garânsje fan 'e Tsjechoslowaakske grinzen te stypjen.
- 30 april - Switserlân freget oan en kriget fan it Folkebûn tastimming foar it fieren in strikte neutraliteitspolityk.
- 13 maaie - By in mislearre steatsgreep yn Brazylje wurde faksistyske diktator Getúlio Vargas en syn dochter in skoft yn gizeling holden troch oanhingers fan it yntregralisme, in rivalisearjende streaming binnen it Brazyljaanske faksisme.
- 21 maaie - Tsjechoslowakije kundiget de mobilisaasje ôf. It Feriene Keninkryk en Frankryk warskôgje nazy-Dútslân dat se net wurkeleas tasjen sille as de Tsjechoslowaakske soevereiniteit skeind wurdt.
- 2 juny - Sily seit syn lidmaatskip fan it Folkebûn op.
- 11 juny - Yn it ramt fan 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch blaze de Sinezen sels in keardaam yn 'e Giele Rivier op, dêr't se de Japanske opmars mei hoopje tsjin te kearen. Dit liedt ta de oerstreaming fan 'e Giele Rivier, wêrby't yn it folgjende fearnsjier grutte dielen fan 'e provinsjes Henan en Shanxi derûnder strûpe en nei skatting 500.000 minsken omkomme.
- 17 juny - Japan ferklearret Sina formeel de oarloch. Dêrmei is eltse bemiddeling yn 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch mislearre.
- 25 juny - Yn it ramt fan syn New Deal fiert de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt mei de Fair Labor Standards Act û.m. it minimumlean yn.
- 25 july - Yn 'e Spaanske Boargeroarloch komme republikeinske regearingstroepen en de Ynternasjonale Brigades de faksistyske opstannelingen fan generaal Francisco Franco oer it mad yn 'e Slach oan de Ebro.
- 30 july - De Grykske diktator Ioannis Metaxas lit himsels útroppe ta premier foar it libben.
- 11 augustus - Bolivia en Paraguay slute formeel frede en meitsje sa definityf in ein fan 'e Chaco-oarloch, hoewol't der al sûnt 1935 in wapenstilstân gou.
- 29 augustus - Yn it Dútske München slute de Italjaanske diktator Benito Mussolini, de Britske premier Neville Chamberlain en de Frânske premier Édouard Daladier mei Adolf Hitler it Ferdrach fan München, wêrby't se op it hichtepunt fan 'e appeasement-polityk Tsjechoslowakije, de lêste demokrasy yn East-Jeropa, opofferje om 'e frede mei Dútslân te bewarjen. De Dútsers meie no it Sudetenlân anneksearje, wat it fuortbestean fan 'e rest fan Tsjechoslowakije op 'en doer ûnhâldber makket.
- 30 augustus - Poalen easket fan Tsjechoslowakije de etnysk Poalske grinskrite Teschen op.
- 1 septimber - Dútske troepen marsjearje neffens de ôfspraken fan it Ferdrach fan München Tsjechoslowakije binnen om 'e anneksaasje fan it Sudetenlân te bewurkmasterjen. Tagelyk tsjogge Hongaarske troepen it súdeasten fan Tsjechoslowakije binnen en besette de noardlike Donau-igge, in etnysk Hongaarsk gebiet.
- 2 septimber - Poalen beset de Tsjechoslowaakske grinskrite Teschen.
- 6 septimber - Slowakije kriget autonomy binnen de Tsjechoslowaakske rompsteat. Jozef Tiso wurdt de earste premier fan 'e autonome regio.
- 8 septimber - Roeteenje kriget ûnder de namme Karpato-Oekraïne autonomy binnen de Tsjechoslowaakske rompsteat.
- 21 septimber - De swiere Orkaan fan Nij-Ingelân treft it noardeasten fan 'e Feriene Steaten. Der komme tusken de 680 en 800 minsken om, 57.000 wenten reitsje slim skansearre of fernield en der wurdt foar $4,7 miljard oan skea oanrjochte (d.w.s. omrekkene yn jild fan 2010).
- 25 oktober - Yn it ramt fan 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch feroverje Japanske troepen de yndustrystêd Wuhan.
- 10 novimber - Yn 'e saneamde Kristallnacht, in antysemityske pogrom yn nazy-Dútslân útfierd troch de Hitler Jugend, de Gestapo en de SS, komme 91 Joaden om. Fierders wurde tusken de 25.000 en 30.000 Joaden oppakt om nei de konsintraasjekampen stjoerd te wurden, wylst 267 synagogen en tûzenen Joadske winkels en wenten ferwuostge wurde.
- 5 desimber - As 130 frijwilligers dy't yn 'e Spaanske Boargeroarloch yn 'e Ynternasjonale Brigades tsjinne hawwe, weromkeare yn Nederlân, krije se te hearren dat se harren Nederlânske nasjonaliteit kwytrekke binne om't se yn bûtenlânske kriichstsjinst west hawwe.
- 6 desimber - Frankryk en nazy-Dútslân slute it Ribbentrop-Bonnetpakt, in anty-agresje-oerienkomst, ûndertekene troch de ministers fan Bûtenlânske Saken Joachim von Ribbentrop en Georges Bonnet.
- 26 desimber - Op 'e 8e Panamerikaanske Konferinsje yn 'e Perûviaanske haadstêd Lima sprekke de Feriene Steaten en tweintich Latynsk-Amerikaanske lannen harren solidariteit út tsjin militêre yntervinsje fan bûtenôf yn it westlik healrûn.
- 2 jannewaris - Yn nazy-Dútslân wurdt de Rykssintrale ta Befoarding fan de Joadske Emigraasje oprjochte, in organisaasje dy't de emigraasje (eins: ferballing) fan Joaden út Dútslân oanfiterje moat.
- 26 jannewaris - Yn 'e Spaanske Boargeroarloch nimme de faksisten fan generaal Francisco Franco de Katalaanske haadstêd Barseloana yn.
- 28 jannewaris - Sûnt de Fal fan Barseloana, twa dagen earder, binne al 15.000 Katalanen nei Frankryk flechte.
- 22 febrewaris - Nederlân erkent it faksistyske rezjym fan diktator Francisco Franco as it legitime regear fan Spanje.
- 27 febrewaris - Frankryk erkent it faksistyske rezjym fan diktator Francisco Franco as it legitime regear fan Spanje.
- 28 febrewaris - It Feriene Keninkryk erkent it faksistyske rezjym fan diktator Francisco Franco as it legitime regear fan Spanje.
- 13 maart - It rjochtlike regear fan Spanje moat foar de opmars fan 'e faksisten fan generaal Francisco Franco en foar ûnderlinge wapene konflikten tusken de ferskillende republikeinske faksjes de wyk nimme nei Frankryk en wurdt in regear-yn-ballingskip.
- 15 maart - De Tsjechoslowaakske presidint Emil Hácha wurdt ûntbean troch de Dútske diktator Adolf Hitler. Under swiere druk jout er ta oan 'e Dútske easken: Tsjechoslowakije ferliest syn ûnôfhinklikheid en hâldt op te bestean. It westlik diel wurdt no it Protektoraat Bohemen en Moraavje, dat tenei diel útmeitsje sil fan nazy-Dútslân. It eastlike diel wurdt yn namme ûnôfhinklik as de Slowaakske Republyk, mar wurdt eins in Dútske fazalsteat. Yn it uterste easten ropt Roeteenje ek de ûnôfhinklikheid út ûnder de namme Karpato-Oekraïne.
- 16 maart - It Hongaarske leger beset neffens de ôfspraken mei nazy-Dútslân it uterste easten fan Tsjechoslowakije, dat ûnder de namme Karpato-Oekraïne juster de ûnôfhinklikheid útrôp.
- 19 maart - De Dútske diktator Adolf Hitler easket de 'weromjefte' fan it Memellân, in troch etnyske Dútsers bewenne kuststripe fan Litouwen.
- 21 maart - De Dútske diktator Adolf Hitler easket de anneksaasje troch Dútslân fan 'e Frije Stêd Danzig, wêrfoar't tastimming fan Poalen nedich is. It Poalske regear yn Warsjau wegeret ta te jaan oan Hitler syn easken, om't út 'e ûndergong fan Tsjechoslowakije dúdlik wurden is dat er altyd wol wer mei nije easken komme sil.
- 22 maart - Litouwen stiet it Memellân ôf oan nazy-Dútslân, dat de krite anneksearret.
- 28 maart - De faksistyske diktator Francisco Franco hâldt syn yntocht yn 'e Spaanske haadstêd Madrid.
- 30 maart - Yn 'e Spaanske Boargeroarloch jouwe de lêste republikeinske troepen har oer oan 'e faksistyske opstannelingen fan generaal Francisco Franco.
- 1 april - De Spaanske Boargeroarloch einiget nei trije jier bloedferjitten yn in oerwinning foar de faksisten fan generaal Francisco Franco, dy't no diktator fan Spanje wurdt.
- 3 april - De Feriene Steaten erkenne it faksistyske rezjym fan diktator Francisco Franco as it legitime regear fan Spanje.
- 7 april - Italjaanske troepen dogge in ynfal yn Albaanje nei't kening Zog wegeret om yn te stimmen mei nije easken fan Italjaanske kant. De Albanezen biede fûleindich ferset, mar moatte binnen in pear dagen belies jaan. Kening Zog nimt de wyk nei it bûtenlân.
- 10 april - It Nederlânske regear lit by it Drintske Westerbork in flechtlingekamp oanlizze foar de opfang fan útwykte Dútske Joaden.
- 12 april - Itaalje anneksearret Albaanje. De Italjaanske kening Fiktor Emanuel III wurdt útroppen ta kening fan Albaanje.
- 28 april - De Dútske diktator Adolf Hitler seit it non-agresjepakt tusken syn lân en Poalen op.
- 8 maaie - Spanje seit syn lidmaatskip fan it Folkebûn op.
- 22 maaie - Yn Berlyn tekenje de Dútske en Italjaanske diktators Adolf Hitler en Benito Mussolini it Staalpakt, in militêr bûnsgenoatskip tusken harren lannen.
- 4 augustus - De faksistyske Falange wurdt yn Spanje de iennichst tastiene politike partij.
- 20 augustus - By skermutselings oan 'e grins fan Mantsjoerije en Mongoalje behellet it Reade Leger ûnder lieding fan generaal Georgy Zjûkov in grutte oerwinning op Japanske troepen.
- 23 augustus - Yn Moskou slute de Sovjet-Uny en nazy-Dútslân in net-oanfalsferdrach, it Molotov-Ribbentroppakt, ferneamd nei de ministers fan Bûtenlânske Saken Vjatsjeslav Molotov en Joachim von Ribbentrop.
- 26 augustus - Yn 'e Joegoslavyske haadstêd Belgrado slute de Joegoslavyske premier Dragiša Cvetković en de Kroätyske foaroanman Vladko Maček in akkoart foar de ynterne autonomy fan Kroaasje binnen it Joegoslavyske steatsferbân.
- 30 augustus - Poalen giet oer ta de mobilisaasje fan syn kriichsmacht.
- 1 septimber - Dútske troepen dogge in ynfal yn Poalen. Poalen ferklearret nazy-Dútslân de oarloch. Nazy-Dútslân anneksearret de Frije Stêd Danzig. Begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch.
- 3 septimber - It Feriene Keninkryk, Frankryk, Austraalje en Nij-Seelân ferklearje nazy-Dútslân de oarloch.
- 4 septimber - Nepal ferklearret nazy-Dútslân de oarloch. Nederlân en Belgje ferklearje harren neutraal.
- 5 septimber - De Feriene Steaten ferklearje harren neutraal.
- 6 septimber - Súd-Afrika ferklearret nazy-Dútslân de oarloch. Egypte ferbrekt de diplomatike betrekkings mei nazy-Dútslân.
- 9 septimber - Yn it ramt fan 'e Dútske ynfal yn Poalen begjint de Slach om Warsjau.
- 10 septimber - Kanada ferklearret nazy-Dútslân de oarloch.
- 17 septimber - De Sovjet-Uny docht in ynfal yn it easten fan Poalen en beset it lân oan 'e Curzon-liny ta.
- 18 septimber - It regear fan Poalen wykt út nei Roemeenje en wurdt in regear-yn-ballingskip.
- 19 septimber - De earste ûnderdielen fan 'e Britske Ekspedysjemacht (BEF) lânje yn Frankryk.
- 21 septimber - De Roemeenske premier Armand Călinescu wurdt by in oanslach troch leden fan de faksistyske Izeren Garde fermoarde.
- 27 septimber - Ein fan 'e Slach om Warsjau: de Poalske haadstêd kapitulearret foar de Dútske oermacht.
- 29 septimber - De Poalske generaal Władysław Sikorski rjochtet yn Frankryk de Poalske Striidkrêften yn it Westen op.
- 29 septimber - De Sovjet-Uny slút in militêr bûnsgenoatskip mei Estlân, dat de legering fan 25.000 man fan it Reade Leger yn Estlân omfiemet.
- 3 oktober - Yn Nederlân wurdt it lêste gat tichte yn 'e Mardyk, om wat de Noardeastpolder wurde moat hinne. Dêrmei is Urk gjin eilân mear.
- 3 oktober - De Sovjet-Uny slút in militêr bûnsgenoatskip mei Letlân, dat de legering fan 25.000 man fan it Reade Leger yn Letlân omfiemet.
- 6 oktober - De lêste Poalske troepen dy't noch trochfochten, jouwe har oer. Hiel Poalen is no beset. De Dútske diktator Adolf Hitler stelt oan it Feriene Keninkryk en Frankryk foar om frede te sluten op basis fan 'e status quo. De Alliëarden kinne dit foarstel net serieus nimme.
- 10 oktober - De Sovjet-Uny slút in militêr bûnsgenoatskip mei Litouwen, dat de legering fan 20.000 man fan it Reade Leger yn Litouwen omfiemet.
- 15 oktober - Nazy-Dútslân slút mei Estlân en Letlân in ferdrach oer de 'repatriëarring' fan 'e Baltyske Dútsers, de etnysk Dútske minderheid yn dy lannen. Dy 'repatriëarring' nimt lykwols de foarm oan fan in twongen deportaasje.
- 24 oktober - Underhannelings tusken de Sovjet-Uny en Finlân oer it legerjen fan inkele tsientûzenen soldaten fan it Reade Leger yn Finlân mislearje om't de Finnen út noch yn gjin útlânske militêren op harren gerjochtichheid hawwe wolle.
- 26 oktober - Nazy-Dútslân fiert de anneksaasje út fan 'e etnysk Dútske dielen fan Poalen. De rest fan it besette gebiet wurdt omfoarme ta de Generaal-gûvernemint Poalen.
- 2 novimber - It eastlike diel fan Poalen, dat beset is troch de Sovjet-Uny, wurdt nei in foar de foarm holden referindum opdield tusken de Sosjalistyske Sovjetrepublyk Wyt-Ruslân en de Sosjalistyske Sovjetrepublyk Oekraïne.
- 4 novimber - It Amerikaanske Kongres wiziget de Amerikaankse Neutraliteitswet sadanich dat it foar it regear fan presidint Franklin D. Roosevelt mooglik wurdt om wapens te leverjen oan it Feriene Keninkryk en Frankryk.
- 17 novimber - De Dútske Kriegsmarine kriget de opdracht om ek passazjiersskippen ta sinken te bringen. Dit betsjut it begjin fan 'e ûnbeheinde dûkboatoarloch.
- 30 novimber - It Reade Leger fan 'e Sovjet-Uny falt Finlân binnen, mar stjit ûnferwachts op fûleindige wjerstân fan it Finske Leger. Dit is it begjin fan 'e Winteroarloch.
- 14 desimber - Op útstel fan Argentynje en Oerûguay wurdt de Sovjet-Uny út it Folkebûn setten foar de ynfal yn Finlân.
- 23 desimber - De earste Kanadeeske troepen lânje yn Frankryk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|