Springe nei ynhâld

Deportaasje

Ut Wikipedy
Etnyske Dútsers wurde oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch deportearre út it Sudetelân, yn Tsjechoslowakije.
Bern wurde deportearre út it getto van Łódź nei it ferneatigingskamp Chełmno

In deportaasje (fan it Frânske deportation) is it ferwiderjen fan in persoan of groep minsken fan in plak of út in lân sûnder dat dy persoan of groep dêr wei wol. Soks wurdt yn 'e regel fan boppe-ôf oplein en útfierd troch in nasjonale oerheid. As soks oplein wurdt by wize fan straf foar in misdriuw of as bestraffing foar ûnwinske politike aktiviteiten sprekt men almeast fan ferballing, mar de grins tusken ferballing en it bredere begryp deportaasje is tige dizenich. Der besteane twa foarmen fan deportaasje: ynterne deportaasje en eksterne deportaasje. Sûnt de achttjinde iuw wurdt de deportaasje fan in befolkingsgroep út in gebiet dat dy groep histoarysk bewennet, beskôge as ûntalitber en in misdie tsjin de minsklikheid.

Ynterne deportaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By ynterne deportaasje wurde lju fan in beskaat plak ferwidere en nei in oar plak yn itselde lân ta brocht. Foarbylden fan ynterne deportaasje komme rûnom foar yn 'e skiednis fan 'e minskheid. Sa deportearre de Sassanidyske kening Chosrau I fan Perzje yn it jier 542 292.000 boargers en slaven nei de nijboude stêd Ktesifon. In oar foarbyld is de deportaasje fan 'e measte Yndiaanske folken eastlik fan 'e Mississippy, dy't tusken 1825 en 1860 op befel fan 'e Amerikaanske autoriteiten ôffierd waarden nei wat doe it Yndiaanske Territoarium hiet (it hjoeddeiske Oklahoma).

Stakende mynwurkers wurde ûnder bedriging mei fjoerwapens deportearre út Lowell (Arizona), yn 1917.

Yn 'e tweintichste iuw wiene ynterne deportaasjes fral ûnder de Twadde Wrâldoarloch skearing en ynslach. Sa deportearren de Dútsers 6 miljoen Joaden en 500.000 Roma nei de konsintraasjekampen om se útrûgje te kinnen, wylst yn 'e Sovjet-Uny beskate etnyske groepen út Jeropeesk Ruslân nei Sibearje ta deportearre waarden om't se mei de Dútsers sympatisearje soene, lykas Wolgadútsers, Tsjetsjenen, Yngûsjeten en Krimtataren, of om't se gewoan de ferkearde godstjinst oanhongen, lykas de Mesketyske Turken. En yn 'e Feriene Steaten waarden 120.000 etnyske Japanners ôffierd nei ynternearringskampen fier fan 'e bewenne wrâld, om't dy mei Japan sympatisearje soene. Oan 'e ein fan 'e oarloch waarden fierders miljoenen etnyske Dútsers ferdreaun út Poalen, Tsjechoslowakije en Joegoslaavje en 50.000 etnyske Hongaren út Tsjechoslowakije.

Ynterne deportaasje gie yn it ferline gauris mank mei foarmen fan genoside, lykas yn it gefal fan 'e Joaden[1][2] en Roma yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Ek de Armeenske Genoside, fan 1915-1916, sette útein as in deportaasje. En yn 2004 besleat it Jeropeesk Parlemint dat de deportaasje fan 'e Tsjetsjenen yn 'e Sovjet-Uny in genoside wie.

Eksterne deportaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By eksterne deportaasje wurde lju út in lân ferwidere en oer de grins set. Soks komt ek hjoed-de-dei noch rûnom foar, mar wurdt no yn 'e regel mei it eufemisme 'útsetting' beneamd. In foarbyld fan dy praktyk is Operaasje Wetback, in útsetting troch de Feriene Steaten fan sa'n 1,3 miljoen Meksikanen yn 1954, nei't der in publike hystery ûntstien wie oer de grutskalige ymmigraasje út Meksiko wei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Deportation to the Death Camps, Jad Wasjem (in)
  2. Database of deportations during the Holocaust - The International Institute for Holocaust Research, Jad Wasjem (in)

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.