Springe nei ynhâld

Will Spoor

Ut Wikipedy
Will Spoor
akteur
Will Spoor (2e fan lofts) (1960)
Will Spoor (2e fan lofts) (1960)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Willem Jan Spoor
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 3 desimber 1927
berteplak Amsterdam
stoarn 25 novimber 2014
stjerplak Amsterdam
Snuf en Snuitje, rjochts Will Spoor as Snuitje

Willem Jan Spoor (Amsterdam, 3 desimber 1927 – dêre, 25 novimber 2014) wie in Nederlânsk akteur en teätermakker, dy't fral bekend waard as pantomimespiler. Teffens waard er bekend fan syn rol as Snuitje, de iene helte fan it banditeduo Snuf & Snuitje, uit de tf-rige Pipo de Clown. Will Spoor wie yn 't earstoan fioelist. Hy folge pantomimelessen by de Frânske mimespiler Étienne Decroux. Yn 1954 die er mei yn de Stichting Nederlandse Pantomime, dy't yn 1952 troch Jan Bronk oprjochte waard. Yn 1968 sette Spoor út ein mei in eigen mimeteäter, "Mime Theater Will Spoor". Hy stichte dêrnei de teätergroepen Waste of Time, Inccoprodinc, No 12 en Onk Theater Overal. Njonken dat arbeide er op mei it Willem Breukerkwartet yn ferskaat oan produksjes; neist mimespyljen song er dêr ek yn. Letter hie er faak gastrollen. Hy stie ek faak yn it teäter ûnder de skûlnamme Fred Saels.

Spoor wenne en wurke op it ADM/terrein, earder fan de Amsterdamsche Droogdok Maatschappij yn Amsterdam-Noard. Dat is no in wen- en wurkplak foar artysten.

Wil Spoor stoar 25 novimber 2014 yn de âldens fan 86 jier.[1]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mimespeler Will Spoor overleden, Anouk Leeuwerink. Sjoen 27 novimber 2014. Theaterkrant