Wilford Brimley
Wilford Brimley (folút: Anthony Wilford Brimley; Salt Lake City, 27 septimber 1934 – Santa Clara, 1 augustus 2020) wie in Amerikaansk akteur. Hy wie in mormoan.
Brimley tsjinne nei syn middelbere skoalletiid trije jier by it Amerikaanske Marinierskorps op de Aleoeten. Dêrnei wurke er ûnder mear as liifwacht foar Howard Hughes, rancharbeider, smid en hynstekeapman. Doe kaam er yn kontakt mei de filmyndustry. Yn films en telefyzjeproduksjes hie er faak de rol fan hynstesmid. Yn de jierren sechtich gie er earst oan 't wurk as stuntman (u.o. foar syn freon Robert Duvall) en hie fan 1969 ôf byrollen yn oant no ta 75 films.
Brimley spile fan 1974 oant 1977 Horace Brimley, in ynwoner fan Walton's Mountain, yn de telefyzjesearje The Waltons en fan 1986 oant 1988 pake Gus Witherspoon yn Our House (telefyzjeprogramma). Hy spile ek de sjegrinige Noa Briqualon, type rouwe bolster, blanke pit, yn 'e Star Wars-film Ewoks: The Battle for Endor (1985).
Brimley wie ek ferneamd fan reklamespots. Sa wie er, mei syn karakteristike walrussnor, jierren it gesicht fan Quaker Oats, in nôtprodukt foar it moarnsiten.
Wilford Brimley, dy't al fan 1979 ôf oanhelle wie mei sûkersykte, stoar nei in siikbêd fan twa moannen yn de âldens fan 85 jier oan in niersykte.[1]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Wilford Brimley
- (in) Wilford Brimley yn de Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|