Springe nei ynhâld

WikiLeaks

Ut Wikipedy
It logo fan WikiLeaks.

WikiLeaks is in yn 2006 opsetten webside dy't bedoeld is om klokkelieders út oerheidsynstellingen en bedriuwen in plak te jaan dêr't se anonym dokuminten pleatse kinne om misstannen oan de kaak te stellen. WikiLeaks soe opsetten wêze troch wittenskippers, sjoernalisten en dissidenten út de Feriene Steaten, Europa, Súd Afrika en Taiwan, al binne dêroer gjin details bekend. Wikileaks is gjin ûnderdiel fan Wikipedia of de Wikimedia Foundation.

Wurkwize en wurdfierders

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

WikiLeaks garandearret dat elts dy't dokuminten op de webside pleatst net te trasearjen is. Dat jild ek foar de inisjatyfnimmers. Bekend is dat it Amerikaanske bedriuw Dynadot de webside fasilitearre. Yn novimber 2007 stiene der 1,2 miljoen dokuminten op WikiLeaks. Op de fraach wa't der efter WikiLeaks sitte, kaam as antwurd dat it in projekt is fan The Sunshine Press. Sunshine slacht yn dit gefal nei alle gedachten op Queensland yn Austraalje dat ek wol The Sunshine State neamd wurdt. De wurdfierder fan WikiLeaks Julian Asange is dêr berne. Tsjintwurdich steane de WikiLeaks argiven op de servers fan it Sweedske bedriuw Bahnhof. As efterfang binne der in grut tal spegelsites yn de loft.

Wikileaks.org brûkt it ynhâldferwurkingssysteem MediaWiki. Yn earste opset wie WikiLeaks ynklaaid as in wikisite dêr't besikers siden oanpasse en harren kommentaar by pleatse koenen. Dy opset is letter loslitten. It is net langer mooglik om siden oan te passen, wat betsjut dat WikiLeaks, nettsjinsteande de namme, gjin wiki mear is.

Julian Assange en Birgitta Jónsdóttir trede meast op as wurdfierders foar WikiLeaks. Sy wiene op 21 juny 2010 beide as sprekker op de harksitting fan it Europeesk Parlemint yn Brussel oer (sels-)sensuer en frijheid fan mieningsútering yn Europa. Asange is in Australyske sjoernalist en Jónsdóttir is lid fan it parlemint fan Yslân. De Dútser Daniel Schmitt (pseudonym fan Daniel Domscheit-Berg) treedt ek wol út namme fan WikiLeaks nei bûten. Schmitt dy't yn it eardere East Berlyn wennet, wie fan it begjin oan by WikiLeaks belutsen en krige nei eigen sizzen lykas Assange gjin salaris foar syn foltiids baan.

Eksterne ferwizing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]