Untploffing fan de Deepwater Horizon
ûntploffing fan 'e Deepwater Horizon | ||
bysûnderheden | ||
type ramp | ûntploffing | |
oarsaak | ûntsnappen fan in bûl metaan, liedend ta in blow-out | |
datum | 20 april 2010 | |
tiid | 21.56 oere (UTC –6) | |
lân | Feriene Steaten | |
plak | noardlike Golf fan Meksiko, foar de kust fan Louisiana 28°44′12,01″ N 88°23′13,78″ W | |
statistiken | ||
deaden | 11 | |
ferwûnen | 17 | |
net-ferwûnen | 98 | |
skea | ● ferwoastging fan it boareilân de Deepwater Horizon ● oaljeboarnebrân ● grutte oaljeramp | |
lokaasje | ||
Lokaasje foar de súdkust fan 'e Feriene Steaten.
|
De ûntploffing fan 'e Deepwater Horizon wie in ramp dy't op 20 april 2010 foarfoel op it boarplatfoarm de Deepwater Horizon yn 'e Golf fan Meksiko, foar de kust fan 'e Amerikaanske steat Louisiana. By de ûntploffing fûnen 11 opfarrenden de dea, wylst 17 oaren ferwûne rekken. Undersyk wiisde neitiid út dat de eksploazje feroarsake wie troch in bûl metaangas dy't yn 'e oaljeboarlieding opsûcht wie en foar in blow-out soarge. Dat wie mooglik makke troch minsklik falen. Troch de ramp rekke it boarplatfoarm ferwoastge, wylst de oaljeboarne koarte tiid yn 'e brân kaam te stean. De ûntploffing late ek ta de grutste oaljeramp yn 'e Amerikaanske skiednis.
Ramp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 20 april 2010 boarre it healôfsinkber boarplatfoarm de Deepwater Horizon yn 'e noardlike Golf fan Meksiko nei in nije ierdoaljeboarne, op in lokaasje 64 km út 'e kust fan 'e Amerikaanske steat Louisiana. It platfoarm wie eigendom fan Transocean, in bedriuw dat yn dizzen yn opdracht wurke fan 'e Amerikaansk-Britske oaljemaatskippij BP. Dy deis wiene der 126 opfarrenden oan board, ûnder wa 79 wurknimmers fan Transocean, 7 wurknimmers fan BP en 40 wurknimmers fan oare bedriuwen, wêrûnder Anadarko Petroleum, Halliburton en M-I Swaco.
De jûns om 21.56 oere flikkeren de lampen oan board fan it platfoarm, folge troch twa sterke trillings dy't troch it hiele platfoarm te fernimmen wiene. Fan gefolgen gie it alaarm ôf. Dêrnei hiene de opfarrenden minder as 5 minuten de tiid om te sjen dat se fan board kamen foar't de Deepwater Horizon eksplodearre. Fan 'e opfarrenden kamen dêrby 11 minsken om, wylst 17 oaren earnstige ferwûnings oprûnen. Yn totaal waarden der 115 opfarrenden evakuëarre. De eigentlike ûntploffing waard folge troch in brân dy't it hiele platfoarm yn ljochte lôge sette. Nei't it mear as oardel etmiel lang yn 'e brân stien hie, sonk it platfoarm op 22 april, moarns om likernôch 10.21 oere.
Undersyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neitiid kaam út ûndersyk nei foarren dat koart foar de ûntploffing abnormale en fluch oprinnende druk yn 'e boarlieding fêststeld wie. Men kaam ta de konklúzje dat it dêrby gie om in bûl licht ûntflamber metaangas dy't opboarre wie, en dy't by it omheech kommen, neigeraden dat de wetterdruk minder waard, fluch begûn út te setten. Dêrtroch barste it gas troch ferskate fersegelings en oare barriêres foar't it ta ûntploffing kaam. It gefolch wie in blow-out, wêrby't oalje op ûnbehearske wize út in oaljeboarne opspuitet om't de boarne sels ûnder sterke druk stiet. In rapport fan BP dat op 8 septimber 2010 publisearre waard, stelde dat it metaangas nei alle gedachten ûntstutsen wie doe't it de luchtroasters fan 'e diselgenerators ynsûgd waard.
Ut ûndersyk kaam ek oan it ljocht dat de úteinlike oarsaak fan 'e ûntploffing fan 'e Deepwater Horizon minsklik falen wie. Yn 'e 32 oeren foarôfgeande oan 'e ramp gie der seis kear wat mis op it boarplatfoarm. Sa waarden operaasjes en testen ferkeard útfierd, wat ta oanboazjende swierrichheden late, wylst ferplichte feilichheidsmaatregels mei de Frânske slach ôfhannele waarden. Dingen dy't yn 'e gaten holden wurde moatten hiene, waarden net yn 'e gaten holden en de útslaggen fan testen waarden ferkeard ynterpretearre om't men graach sjen woe wat men ferwachte ynstee fan wat der echt oan 'e hân wie. Uteinlik wie alles werom te fieren op kostebesparrings: alles moast sa goedkeap mooglik en dêr waarden korrekte prosedueres oan opoffere.
Neisleep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de ûntploffing ûntstie in oaljeboarnebrân, dy't lykwols útdôve doe't de Deepwater Horizon goed 36 oeren letter ûnder de weagen ferdwûn. Minder wie de reuseftige oaljeramp dy't troch de ferwoastging fan it boarplatfoarm feroarsake waard. Dêrby streamde 780.000 m³ rouwe oalje de see yn, wat it ta de grutste oaljeramp yn 'e Amerikaanske skiednis makke. BP waard oanklage foar û.o. 11 kear deaslach en ligen tsjin it Amerikaanske Kongres. It bedriuw pleite skuldich en krige (yn 2015) in boete fan $18,7 miljard oplein. It bedriuw waard ek fjouwer jier lang ûnder ferskerpe tafersjoch pleatst en moast de kosten fan 'e opromming fan 'e oaljeramp betelje, dy't tsjin 2018 mear as $65 miljard bedroegen.
Deaden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De deadlike slachtoffers fan 'e ûntploffing fan 'e Deepwater Horizon wiene:
- Jason C. Anderson (35)
- Aaron Dale Burkeen (37)
- Donald Clark (49)
- Stephen Ray Curtis (39)
- Gordon L. Jones (28)
- Roy Wyatt Kemp (27)
- Karl D. Kleppinger jr. (38)
- Keith Blair Manuel (56)
- Dewey A. Revette (48)
- Shane M. Roshto (22)
- Adam Weise (24)
Yn 'e popkultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn desimber 2012 wijde de dokumintêresearje Seconds from Disaster, fan it National Geographic Channel, in ôflevering oan 'e ramp mei de Deepwater Horizon. Yn 2016 kaam de film Deepwater Horizon, fan regisseur Peter Berg, yn 'e bioskopen. Dy is basearre op 'e ûntploffing en hat akteur Mark Wahlberg yn 'e haadrol. De troch de ûntploffing feroarsake oaljeramp foarme de ynspiraasje foar it liet Gulf of Mexico, fan sjonger Steve Earle.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|