Tver (oblast)
Tver oblast
Тверская область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Sintraal Federaal Distrikt |
ekonomyske regio | Sintrale Ekonomyske Regio |
haadplak | Tver (bestsjoerssintrum) |
grutste plak | Tver |
taal | Russysk |
sifers | |
ynwennertal | 1.230.190 (2022) |
oerflak | 84.201 km² |
befolkingstichtens | 14,61 ynw. / km² |
Etnyske groepen | Russen (92,5 %) Oekraïeners, Kareliërs stân 2002 |
oar | |
stifting | 1935 |
tiidsône | UTC +3 |
koördinaten | 57° 09' N 34° 37' E |
webside | www.region.tver.ru |
De oblast Tver (Russysk: Тверская область, Tverskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn de Russyske Federaasje. De haadstêd fan de oblast is Tver; oare grutte plakken binne Rzjev, Vysjni Volotsjok en Kimry.
De oblast leit yn it Russyske Leechlân en omfiemet ek heuvels fan de Waldajhichte. It gebiet is ryk oan marren (wêrûnder de Seligermar) en wurdt trochsnien troch de bopperin fan de Wolga. Likernôch 50% fan it oerflak bestiet út bosk.
De oblast wurdt omklamme fan de oblasten (mei de klok mei fanút it easten nei it suden) Pskov, Novgorod, Vologda, Jaroslavl, Moskou en Smolensk.
De foar it lân wichtige ferkearsferbinings Moskou-Sint-Petersburch en Moskou-Riga trochsnije de oblast.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 25 novimber 1775 waard de 'namestnitsjestvo Tver' stifte, dy't op 12 desimber 1796 feroare waard nei it gûvernemint Tver. It gûvernemint bestie yn it Russyske Ryk oant 1917 en dêrnei oant 30 augustus 1929 as ûnderdiel fan de Russyske SFSR. Yn dat lêstneamde jier waard it gûvernemint opheft en ferdield oer Moskou en Smolensk, wylst de stêd Tver yn 1931 ferneamd waard nei de bolsjewyk Michail Kalinin en de namme Kalinin krige. It âlde gûvernemint Tver waard op 29 jannewaris 1935 wer op 'e nij stifte as oblast Kalinin.
Yn 1990 krige de stêd syn âlde namme Tver werom en de namme fan de oblast waard mei feroare yn Tver.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2020 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Befolking | 2.666.000 | 2.487.000 | 1.805.000 | 1.717.000 | 1.649.000 | 1.670.000 | 1.471.500 | 1.253.389 | 1.230.190 |
Bestjoerlike yndieling en stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oblast hat sân stedsdistrikten en 36 rajon's. De fiif grutte stêden foarmje mei de twa lytsere sletten stêden (ZATO) stedsdistrikten. De lytsere plakken foarmje mei oare plakken rajon's.
De oblast hat 23 stêden en 28 plakken mei in stedsk karakter.
Yn ûndersteande tabel steane de stêden en stedske delsettings fan de oblast mei it rajon dêr't it plak ûnder falt. [1].
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tekstylfabriken foarmen eartiids ien fan de wichtichste wurkjouwers yn it gebiet. Tsjintwurdich binne fral de lânbou en de metaalferwurking grutte wurkjouwers. Dêrnjonken is ien fan de grutste ûndernimmings de fabryk yn Tver dêr't treinen makke wurde. Yn de stêd Konakovo is in grutte wetterkrêftsintrale, dy't net allinne de stroom fan Tver mar ek fan Moskou foar in part fersoarget. Tradysjoneel is de gemy goed fertsjintwurdige yn Tver.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dielgebieten fan Ruslân | ||
---|---|---|
Republyk | Adygeä • Altai • Basjkortostan • Boerjaasje • Chakasje • Dagestan • (Donjetsk) • Ingûsjeesje • Kabardino-Balkaarje • Kalmukje • Karatsjai-Tsjerkjesje • Kareelje • Komi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari El • Mordoovje • Noard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • Tsjûvasje • Tûva | |
Kraj | Altai • Chabarovsk • Kamtsjatka • Krasnodar • Krasnojarsk • Perm • Primorje • Stavropol • Transbaikal | |
Oblast | Amoer • Archangelsk • Astrachan • Belgorod • Brjansk • (Cherson) • Irkûtsk • Ivanovo • Jaroslavl • Kaliningrad • Kalûga • Kemerovo • Kirov • Koergan • Koersk • Kostroma • Leningrad • Lipetsk • Magadan • Moermansk • Moskou • Nizjni Novgorod • Novgorod • Oarenburch • Omsk • Orjol • Penza • Pskov • Rjazan • Rostov • Sachalin • Saratov • Smolensk • Sverdlovsk • Tambov • Tjûmen • Tomsk • Tsjeljabinsk • Tûla • Tver • Uljanovsk • Vladimir • Vologda • Voronezj • Wolgograd • (Zaporizja) | |
Autonome oblast | Joadske Autonome Oblast | |
Autonoom distrikt | Chanto-Mansje • Jamalo-Nenetsje • Nenetsje • Tsjûkotka | |
Federale stêd | Moskou • Sint-Petersburch • (Sebastopol) | |
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne | ||
· · |