Springe nei ynhâld

Sedimintaasje

Ut Wikipedy
In rivier snijt yn syn earder ôfsette horizontale lagen grind

Sedimintaasje (fan it Frânske sédimentation) of ôfsetting is it sinken en ophoopjen fan sediminten, dêr't sedimintêr stiente by ûntstiet.

Yn flakke geaen streame rivieren stadiger oan. It wetter streamt stadich en it meinommen materiaal sakket nei de boaiem. Ek wyn en ranend lâniis lizze op in bepaald stuit it meinommen materiaal del. Sok materiaal dat troch wetter, iis, wyn en swiertekrêft meifierd wurdt bestiet benammen út sân, klaai, grind, liem en lutum en it sinken dêrfan hiet sedimintaasje. It bart ornaris troch streamend wetter fan rivieren en yn seeën. Sedimintaasje hinget fan in stikmannich faktoaren ôf, sa as bygelyks: faasje fan de streaming, grutte fan de kerrels, hoemannichte, de graad fan de delgong fan de streaming, ensafuorthinne.