Springe nei ynhâld

Robert J. Flaherty

Ut Wikipedy
Robert J. Flaherty
Robert J. Flaherty dwaande mei filmopnames yn Port Harrison, Kebek, 1920-21

Robert Joseph Flaherty (Iron Mountain, 16 febrewaris 1884Dummerston, 23 july 1951) wie in Amerikaansk filmregisseur en dokumintêremakker, dy't fral bekend wurden is fan syn dokumintêrefilm Nanook of the North út 1922. Teffens wie er de betinker fan it nije sjenre dokufiksje mei de film Moana (1926), en wurdt er rekkene ta de pioniers fan de etnografyske film en de dokumintêrefilm.

Flaherty wie fan 1914 oant syn dea boaske oan de skriuwster Frances Johnson Hubbard. Frances die harres oan it skript fan ferskate films fan har man.

Flaherty Island, ien fan de Belchereilannen, is nei him ferneamd.

Nyla, dy't de rol fan Nannook syn frou yn Nanook of the North hie, mei har bern
  • Nanook of the North (1922)
  • The Pottery Maker (1925)
  • Moana (1926)
  • The Twenty-four Dollar Island (1927), in koarte dokumintêre oer New York
  • White Shadows in the South Seas (1928)
  • Acoma the Sky City (1929; net ôfmakke)
  • Tabu (1931), yn 'e mande mei F. W. Murnau
  • Industrial Britain (1931)
  • Man of Aran (1934)
  • Elephant Boy (1937)
  • The Land (1942), dokumentêre foar it Amerikaansk Departemint fan Lânbou
  • Louisiana Story (1948)
  • The Titan: Story of Michelangelo (1950)

Prizen en erkenningen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De BAFTA hat de Robert J. Flaherty Award foar bêste dokumintêre.[1]
  • Yn 1913 waard Flaherty opnaam yn de Royal Geographical Society. Letter waard er beneamd ta fellow en mocht dêrom de titel FRGS (Fellow of the Royal Geographic Society) efter syn namme sette.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. BAFTA's Robert J. Flaherty Award