Port Moresby
Port Moresby | ||
Sintrum Port Moresby | ||
Bestjoer | ||
Lân | Papoea Nij-Guineä | |
Provinsje | Nasjonaal Haadsteedlik Distrikt | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 364.145 (2011) | |
Oerflak | 240 km² | |
Befolkingsticht. | 1700/ km² | |
Hichte | 35 m | |
Oar | ||
Stifting | 1873 | |
Tiidsône | Australyske Tiid, AEST (UTC+10) | |
Offisjele webside | ||
Offisjele webside fan Port Moresby |
Port Moresby, is de haadstêd fan Papoea Nij-Guineä. De stêd leit yn it Nasjonaal Haadsteedlik Distrikt, dat bûten de provinsjale yndieling fan it lân falt. It plak leit oan de kust fan de Golf fan Papûa, oan de súdeastkust fan it eilân Nij-Guineä.
It plak dêr't de stêd stifte waard wie al iuwen lang bewenne troch it Motu-Koitabu-folk. De earste Jeropeaan dy't it seach wie kaptein John Moresby yn 1873. It plak waard neamd nei syn heit, admiraal Sir Fairfax Moresby. Earst tsien jier fêstigen de Britten har dêr. Yn 1909 kaam Britsk Nij-Guineä by it nij stifte Commonwealth of Australia en krige doe de namme Papûa. Oant 1941 groeide Port Moresby mar stadich. De measte groei wie yn it havenpart fan de stêd dêr't de fasiliteiten stadichoan better waarden. De earste slachter en grienteman iepenen har saak yn 1909, elektrisiteit kaam der yn 1925 en wetterlieding yn 1941.
Neffens in ûndersyk nei leefberens fan stêden troch de Intelligence Unit fan it blêd The Economist, is Port Moresby ien fan de stêden yn de wrâld dêr't it minst noflik tahâlden is (it stiet op nûmer 137 fan de 140 ûndersochte stêden op de list).
Bekend is de National Capital Botanical Gardens, in botanyske tún.
-
Douglas Street
-
De wyk Koki
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- http://www.pacificislandtravel.com/png/about_destin/port_moresby.html
- http://www.pacificislandtravel.com/png/about_destin/portmoresbytown.html
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Port Moresby fan Wikimedia Commons. |