Springe nei ynhâld

Police Academy (franchise)

Ut Wikipedy
Police Academy
betinker Paul Maslansky
eigner Warner Bros.
lân Feriene Steaten
begjinjier 1984
einjier 1998
films
langspylfilms Police Academy
Police Academy 2: Their
   First Assignment

Police Academy 3: Back
   in Training

Police Academy 4: Citizens
   on Patrol

Police Academy 5:
   Assignment Miami Beach

Police Academy 6: City
   under Siege

Police Academy: Mission
   to Moscow
tillefyzje
searjes Police Academy: The Series
tekenfilmsearjes Police Academy

Police Academy is in Amerikaanske mediafranchise út 'e 1980-er en 1990-er jierren, dy't bestiet út in searje fan sân komeedzjefilms en twa komeedzjetillefyzjesearjes. De franchise, dy't basearre waard op in idee fan filmprodusint Paul Maslansky, folget in stikmannich eksintrike rekruten oan in plysjeskoalle (Ingelsk: police academy) by har oplieding en lettere wurk. Dêrby oerwinne se eltse kear har tsjinstanners en harsels, nettsjinsteande harren nuveraardichheden. Hoewol't de filmkritisy oer it algemien neat fan 'e films hawwe moasten, wie de Police Academy-rige yn 'e bioskopen tige súksesfol. De franchise stipe foar it meastepart op ienfâldige mar doeltreffende humor mei sarkasme, seksuele taspilings, maatskippijkrityske satire en slapstick.

De Wikipedy hat ek in side Police Academy (film).

Yn Police Academy komt it publyk yn 'e kunde mei in stikmannich rekruten oan in plysjeskoalle yn in net by namme neamde Amerikaanske stêd. Dêr is it tekoart oan plysjes sa heech oprûn, dat de boargemaster it pleatslike plysjekorps opdracht jûn hat om alle gadingmakkers oan te nimmen. De hjoeddeistige lichting rekruten omfettet sadwaande frijwat eksintrike figueren, lykas Carey Mahoney (Steve Guttenberg), in grapmakker dy't it net sa nau nimt mei de regels; Larvell Jones (Michael Winslow), dy't elts lûd dat er heart op oertsjûgjende wize imitearje kin; George Martín (Andrew Rubin), in rokkejager dy't it oanleit mei eltse frou; Laverne Hooks (Marion Ramsey), in tige lyts frommeske mei in heech flústerstimke dat alles oer har kant gean lit; Eugene Tackleberry (David Graf), in troch fjoerwapens obsedearre befeiligingsman; Leslie Barbara (Donovan Scott), in obees slachtoffer fan narjen; Douglas Fackler (Bruce Mahler), in knoffelige kantoarwurker; Moses Hightower (Bubba Smith), in reuseftige blommist; en Karen Thompson, in rikeljusdochter dy't har ferfeelt. Oan 'e plysjeskoalle wurde dyselden oplaat troch û.o. de ûnnoazele kommandant Lassard (George Gaynes), de bikkelhurde brigadier Debbie Callahan (Leslie Easterbrook), dy't der lykwols útsjocht as in Playboy-model, en de efterbakse ynspekteur Harris (G.W. Bailey).

Police Academy waard regissearre troch Hugh Wilson nei in senario fan Neal Israel, Pat Proft en Wilson sels. De film gie op 23 maart 1984 yn premiêre, en brocht $149,8 miljoen op tsjin in budget fan $4,5 miljoen.

Police Academy 2: Their First Assignment

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Police Academy 2: Their First Assignment.

Yn Police Academy 2: Their First Assignment binne de rekruten slagge foar harren oplieding oan 'e plysjeskoalle. No wurde se oan it wurk set op it plysjeburo dat de minste buert fan 'e stêd beslacht, dêr't se ûnder haadynspekteur Pete Lassard (Howard Hesseman) komme te tsjinjen, de broer fan kommandant Lassard (George Gaynes). Yn dy buert is in binde aktyf dy't The Scullions hjit en ûnder lieding stiet fan in Zed (Bobcat Goldthait). De rekruten moatte dêrmei ôfweve, wylst se dêrby oan ien wei troch sabotearre wurde troch haadynspekteur Mauser (Art Metrano). As de nije rekruten fale, sil kommandant Lassard nammentlik út syn funksje as kommandant fan 'e plysjeskoalle set wurde, en Mauser longeret derop om 'e nije kommandant te wurden.

Police Academy 2: Their First Assignment waard regissearre troch Jerry Paris nei in senario fan Barry W. Blaustein en David Sheffield. De film gie op 29 maart 1985 yn premiêre, en brocht $115,0 miljoen op tsjin in budget fan $7,5 miljoen.

It eardere psychiatrysk sikehûs Lakeshore yn Toronto, dat yn diel 1, 3 en 4 fan 'e Police Academy-rige trochgie foar de plysjeskoalle. Tsjinwurdich ûnderdiel fan it Humber Kolleezje.

Police Academy 3: Back in Training

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Police Academy 3: Back in Training.

Yn Police Academy 3: Back in Training wol it steatsregear ien fan 'e beide plysjeskoallen yn 'e steat fuortbesunigje. Mauser (Art Metrano), dy't no kommandant fan 'e oare plysjeskoalle is, wol bewissigje dat it de skoalle fan Lassard (George Gaynes) is dy't ticht moat. Dêrom lit er in pear hantlangers fan him dêr ynfiltrearje om it spul te sabotearjen. Om harren skoalle te rêden, roppe Lassard, ynspekteur Callahan (Leslie Easterbrook) en brigadier Jones (Michael Winslow) de brigadiers Mahoney (Steve Guttenberg), Hooks (Marion Ramsey), Hightower (Bubba Smith) en Tackleberry (David Graf) werom om ynstrukteur te wurden foar de nije rekruten. Under dy nije rekruten binne û.m. bindelieder Zed (Bobcat Goldthait), de bangige winkelman Sweetchuck (Tim Kazurinsky) en ferskate oare apartelingen.

Police Academy 3: Back in Training waard, krekt as de twadde film, regissearre troch Jerry Paris, diskear nei in senario fan Gene Quintano. De film gie op 21 maart 1986 yn premiêre, en brocht $107,6 miljoen op tsjin in budget fan $12 miljoen.

Police Academy 4: Citizens on Patrol

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Police Academy 4: Citizens on Patrol.

Yn Police Academy 4: Citizens on Patrol is de plysje troch it personielstekoart alhiel oerwurke. Kommandant Lassard (George Gaynes) fan 'e pleatslike plysjeskoalle komt dêrom op 'e lapen mei it idee om plysjes oan boargerwachten te keppeljen yn in suveillânseprogramma dat er Citizens on Patrol neamt ("boargers op patrûlje"; ôfkoarte ta COP, "smearis"). Mahoney (Steve Guttenberg), Jones (Michael Winslow), Tackleberry (David Graf), Zed (Bobcat Goldthait), Sweetchuck (Tim Kazurinsky), Hooks (Marion Ramsey), Hightower (Bubba Smith) en Callahan (Leslie Easterbrook) krije de taak om it programma yn goede banen te lieden. Haadynspekteur Harris (G.W. Bailey) fynt it Citizens on Patrol-programma idioat en is wisberet om it te sabotearjen, sadat er Gaynes opfolgje kin as kommandant fan 'e plysjeskoalle.

Police Academy 4: Citizens on Patrol waard regissearre troch Jim Drake nei in senario fan Gene Quintano. De film gie op 3 april 1987 yn premiêre, en brocht $76,8 miljoen op tsjin in budget fan $17 miljoen.

Police Academy 5: Assignment Miami Beach

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Police Academy 5: Assignment Miami Beach.

Yn Police Academy 5: Assignment Miami Beach hat haadynspekteur Harris (G.W. Bailey) in nije manear fûn om himsels befoardere te krijen ta kommandant fan 'e plysjeskoalle foar Eric Lassard (George Gaynes) yn 't plak. It docht nammentlik bliken dat Lassard de leeftyd fan ferplichte pinsjonearring al pasearre is. De gemeenteried stelt de yngong fan syn pinsjoen lykwols út oant nei't Lassard werom is fan 'e Nasjonale Konvinsje fan Plysjekommissarissen yn Miami Beach (Floarida), dêr't er de priis foar 'Plysjeman fan it Desennium' yn ûntfangst nimme sil. Lassard nimt syn favorite âld-rekruten Hightower (Bubba Smith), Jones (Michael Winslow), Tackleberry (David Graf), Hooks (Marion Ramsey), Callahan (Leslie Easterbrook) en Thomas "House" Conklin (Tab Thacker) mei nei Miami Beach. Ek Harris en syn sjerpslikjende mar neat te snuggere meirinner Carl Proctor (Lance Kinsey) reizgje ôf dêrhinne. Yn Floarida wurdt it selskip weiwiis makke troch Nick Lassard (Matt McCoy), de omkesizzer fan 'e kommandant. It besyk nimt in ûnferwachtse kear as Lassard op 'e lofthaven by fersin in koffer meinimt dêr't in lading stellen juwiellen yn sit.

Police Academy 5: Assignment Miami Beach waard regissearre troch Alan Myerson nei in senario fan Stephen Curwick. De film gie op 18 maart 1988 yn premiêre, en brocht $54,5 miljoen op tsjin in budget fan $14 miljoen.

F.l.n.rj. G.W. Bailey (haadynspekteur Harris), David Graf (Eugene Tackleberry) en Lance Kinsey (Carl Proctor) yn 1989 yn Sweden om 'e film Police Academy 6: City under Siege te promoatsjen.

Police Academy 6: City under Siege

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Police Academy 6: City under Siege.

Yn Police Academy 6: City under Siege wurdt de stêd teheistere troch in rige berôvings. De boargemaster (Kenneth Mars), jout haadynspekteur Harris (G.W. Bailey) en kommandant Lassard (George Gaynes) en syn mannen opdracht om mei-inoar gear te wurkjen om 'e ferantwurdliken op te pakken. Lassard stalt dêrop in team gear dat bestiet út Hightower (Bubba Smith), Tackleberry (David Graf), Jones (Michael Winslow), Hooks (Marion Ramsey), Callahan (Leslie Easterbrook), Fackler (Bruce Mahler), en syn eigen omkesizzer Nick (Matt McCoy). It docht al rillegau bliken dat de berôvings it wurk binne fan in trio ûnnoazele kriminelen dy't net oer it fermogen beskikke om soks op eigen manneboet te dwaan. De fraach is dus: wa lûkt der efter de skermen oan 'e toutsjes?

Police Academy 6: City under Siege waard regissearre troch Peter Bonerz nei in senario fan Stephen Curwick. De film gie op 10 maart 1989 yn premiêre, en brocht $33,2 miljoen op tsjin in budget fan $15 miljoen.

Police Academy: Mission to Moscow

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Police Academy: Mission to Moscow.

Yn Police Academy: Mission to Moscow hat Ruslân te lijen ûnder in rige berôvings dy't útfierd wurde troch de trewanten fan 'e Russyske maffiabaas Konstantin Konali (Ron Perlman). Aleksandr Nikolajevitsj Rakov (Christopher Lee), de plysjekommandant fan Moskou, sit mei de hannen yn it hier, en beslút help fan bûtenôf yn te roppen. Dêrom skillet er kommandant Eric Lassard (George Gaynes) op, dy't er ken fan in ynternasjonale plysjekonvinsje. Lassard set dêrop mei Jones (Michael Winslow), Tackleberry (David Graf), Callahan (Leslie Easterbrook), Kyle Connors (Charlie Schlatter) en haadynspekteur Harris (G.W. Bailey) ôf nei Ruslân om regaad te meitsjen.

Police Academy: Mission to Moscow waard regissearre troch Alan Metter nei in senario fan Randolph Davis en Michele S. Chodos. De film gie op 26 augustus 1994 yn premiêre, en brocht troch it draaien yn in tige beheind tal bioskopen mar $126.000 op tsjin in budget fan $10 miljoen.

In achtste film út 'e Police Academy-rige wurdt al sûnt 2003 oan wurke, mar de produksje kaam al rillegau fêst te sitten. Yn 2006, 2010, 2012 en 2018 wiene der berjochten dat de film op kommendeweis wie, mar anno 2021 binne de opnamen noch altyd net úteinset.

Tillefyzjesearjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Police Academy (tillefyzjesearje).

Police Academy, ek bekend as Police Academy: The Animated Series, wie in Amerikaanske tekenfilmsearje op basis fan 'e filmrige, dy't produsearre waard troch Ruby-Spears Productions yn opdracht fan Warner Bros. Television. De searje rûn twa seizoenen, fan septimber 1988 oant septimber 1989. Der waarden yn totaal 65 ôfleverings makke. Foar de searje waarden in stikmannich nije personaazjes tafoege, wêrûnder in kwartet pratende plysjehûnen. De tekenfilmsearje wie folle populêrder yn Itaalje en de Arabyske wrâld as yn 'e Feriene Steaten.

Police Academy: The Series

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Police Academy: The Series.

Police Academy: The Series wie in live action-tillefyzjesearje, dy't ek basearre wie op 'e filmrige. De searje waard betocht en produsearre troch Paul Maslansky foar Warner Bros. Television, en waard yn 'e Feriene Steaten yn syndikaasje útstjoerd. Hy rûn ien seizoen fan yn totaal 26 ôfleverings. De searje hie oare haadpersoanen as de films, hoewol't dy út 'e searje dúdlik basearre wiene op dy út 'e films. De iennichste akteur út 'e films dy't ek yn 'e tillefyzjesearje spile, wie Michael Winslow, dy't yn 13 ôfleverings in weromkearende rol hie as brigadier Larvell Jones.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Police Academy (filmsearje)
Police Academy (1984) • Police Academy 2: Their First Assignment (1985) • Police Academy 3: Back in Training (1986) • Police Academy 4: Citizens on Patrol (1987) ��� Police Academy 5: Assignment Miami Beach (1988) • Police Academy 6: City under Siege (1989) • Police Academy: Mission to Moscow (1994)