Piktyske stien
Piktyske stiennen binne monumintale stiennen, faak fersierd, makke en oprjochte troch de Pikten. De stiennen wurde fûn yn Skotlân en wurde datearre op de 6e- oant en mei de 9e iuw.
Doel en betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bedoeling fan de stiennen is ûnwis. Faaks wienen it persoanlike tinkstiennen. As dat sa is, dan moatte de symboalen útlein wurde as clan- of famyljesymboalen. Guon stiennen ferbyldzje rituelen. De stiennen soenen ek as grêfstien brûkt wêze kinne, mar dat liket net it primêre doel west te hawwen. In oare teory ûnderstelt dat it grinsstiennen west hawwe kinne om de grinzen tusken clans of bloedlinen oan te jaan.
De brûkte symboalen soenen ek in byldskrift wêze (lykas de hiëroglifen). Der binne likernôch 35 ferskillende symboalen erkend. De abstrakte symboalen hawwe nammen krige sa as V-foarmige stêf en dûbele skiif. Dêrneist wurde der bisten ôfbylde, bygelyks it hart, de salm en de wolf. Der kinne ek deistige gebrûksfoarwerpen ûnderskaat wurde lykas de kaam en de spegel. Tige seldsum komme dy symboalen ek op Piktyske sieraden foar.
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn The Early Christian Monuments of Scotland (1903) beskriuwe J. Romilly Allen en Joseph Anderson in klassifikaasje fan Piktyske stiennen dy't no noch brûkt wurdt.
- Klasse 1: ûnbewurke stiennen mei ynkurven symboalen, sûnder krusen. Klasse 1-stiennen datearje fan de 6e iuw oant de 8e iuw.
- Klasse 2: soart fan rjochthoekige stiennen mei in grut krús en ien of mear symboalen oan ien of beide siden. De symboalen binne yn reliëf kurven en it krús is opfolle mei alderlei patroanen. Klasse 2-stiennen binne fan de 8e iuw en 9e iuw.
- Klasse 3: stiennen sûnder piktyske symboalen. Dat kinne krúsfoarmige stiennen wêze, grêfmonuminten, frijsteande stiennen of stiennen skrinen. Klasse 3-stiennen datearje fan de 8e en 9e iuw.
-
Klasse II Kirkyard stien c800AD, Aberlemno
-
Aberlemno, De Slange Stien, klasse I
-
Klasse III Piktyske stien yn Dunblane Cathedral
-
De Nigg Stone, 790-799 AD, klasse II, ferbyldet in Piktyske harp, bisten en krigers yn in 19e iuwske yllustraasje.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) University of Strathclyde Syksysteem foar Piktyske stiennen.
- (in) Aberdeenshire Council Oersjoch fan Piktyske stiennen yn Aberdeenshire, Skotlân.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pictische stenen fan Wikimedia Commons. |