Marten Hylkes Kingma
Marten Hylkes Kingma (Makkum, 16 juny 1817 - Snits, 16 febrewaris 1900) wie in stienfabrikant en letter ek kassier.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De famylje kaam fan âlds út Sweins. Marten Hylkes Kingma wie de soan fan Hylke Martens Kingma en Jeltje Herres Rinia. Hy ferlear syn heit doe't er acht jier âld wie, in moanne letter ferstoar syn pake. Hy waard dêrnei opfieden troch syn omke Jan Kingma. Doe't er achtjin jier wie kaam er yn de stien- , pannen- en pottenbakkerij, dêr't letter ek in kassiersaak oan ferbûn waard. Hy troude op 20 juny 1840 mei Trijntje Jacobs Oneides (3 novimber 1818 - 17 septimber 1841). Yn oktober 1843 wertroude er mei Akke Pieters Postma, dy't minder as in jier letter, yn maart 1844, al kaam te ferstjerren, en dêrnei troude er foar de trêde kear yn juny 1847 mei Riemke Bangma.
Hy wie in liberaal lid fan Provinsjale Steaten (1850 - 1890), fan Deputearre Steaten (1850 - 1857). Lanlik siet Kingma yn de Twadde Keamer ( 1857 - 1863 ) en siet hy yn de Ried fan Steat (1864). Doe't troch de nije kieswet de leden fan Provinsjale steaten troch in mear útwreide kiezerskorps en net mear troch in trep keazen waarden, waard Kingma yn it kiesdistrikt Snits op 17 septimber 1850 as lid fan dat kolleezje keazen, wat in bewiis wie, dat hy doe al geunstich bekend stie, want syn wenplak lei yn in oar distrikt. Hy waard yn de gearkomst fan 26 dêrop folgjend keazen as lid fan Deputearre steaten.
Wegens syn grutte populariteit yn Fryslân waard hy, doe't de liberale partij, dêr't hy in waarm oanhinger fan wie, yn 1853 ferlear, inkele kearen har kandidaat foar de Twadde Keamer, mar pas 25 jannewaris 1859 slagge syn ferkiezing yn it distrikt Dokkum. Hy naam doe ûntslach as lid fan Deputearre steaten, mar bleau lid fan de Provinsjale Steaten.
Hy wie yn de Keamer in bysûnder figuer, dy't syn tinkbylden yn ienfâldige taal útiensette. It barde ris, dat hy middenyn in rede ophold en sei: ‘'k Bin 't kwyt’. Hy fûn reizgjen nei De Haach op 'en doer beswierlik foar syn saken en it wie him dan ek wolkom, dat syn meileden him 20 maaie 1863 wer ta lid fan Deputearre Steaten keazen. Hy naam 13 augustus dêrnei ûntslach as keamerlid.
By Keninklik beslút fan 16 febrewaris 1864 waard Kingma ta steatsried yn bûtengewoane tsjinst beneamd. Hjir waard de gek mei stutsen; men miende dat dizze ienfâldige man sa'n ûnderskieding, dy't oars oan steatslju of amtners fan de heechste rang jûn waard, net oan him jûn wurde mocht en hy waard dan ek de steatsried-pottebakker neamd.
Doe't de mearderheid fan de kiezers yn it kiesdistrikt Snits, dat him 36 jierren nei de Steaten ôffurdige hie, fan liberaal anti-revolúsjonêr waard, waard ek Kingma by syn periodike ôftreding 11 maaie 1886 net werkeazen. It yn it distrikt Frjentsjer werkeazen lid H. Fennema naam syn beneaming net oan en op 8 juny dêrop folgjend waard Kingma yn syn plak keazen. Syn werkiezing as Deputearre folge dêrnei.
Kingma sette him yn 1887, doe't hy syn saken oan syn soan (út it earste houlik) Hylke Kingma oerdien hie, ta wenjen yn Snits. By de periodike ferkiezings op 14 juny 1898 frege hy om syn hege leeftyd net foar ferkiezing yn oanmerking te kommen. Fansels eige dêrmei ek syn lidmaatskip fan Deputearre steaten. As lid fan de Provinsjale setaten waard hy troch foarneamde soan opfolge.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |