Springe nei ynhâld

Louisa May Alcott

Ut Wikipedy
Louisa May Alcott

Louisa May Alcott (Germantown, Pennsylvania 29 novimber 18326 maart 1888) wie in Amerikaanske romanskriuwster. Sy is fral ferneamd fan de roman Little Women (1868), dy't foar in part basearre is op har eigen ûnderfinings mei har trije susters, en him ôfspilet yn Orchard House, yn Concord (Massachusetts). Fierders is ek Jo's Boys ferneamd wurden

Alcott wie de dochter fan transendintalisten Amons Bronson Alcott en Abigail May Alcott (sosjaal wurker). Har heit stifte de Timpelskoalle. Sy hie trije susters: âlder as har wie Anna Pratt Alcott en twa jongere Elizabeth Sewall Alcott en May Alcott. Yn 1834 of 1835 ferfear de húshâlding nei Boston. Alcott har ûnderrjocht krige sy meast fan har heit, mar ek fan ferneamde skriuwers sa as Ralph Waldo Emerson, Nathaniel Hawthorne en Margaret Fuller, dy't freonen fan de famylje wienen. De húshâlding hie it lykwols net rom en Alcott moast fan jongs ôf oan wurkje om de húshâlding troch de tiid te helpen. Yn de jierren sechtich krige sy súkses mei de skriuwerij. Yn it begjin fan har karriêre brûkte sy it pseudonym A.M. Barnard; ûnder dy namme publisearre hja ferheftige leafdesromans.

Letter waard sy in abolisjoniste en feministe.

Karút
Louisa May Alcott

As A. M. Barnard

Earst anonym útjûn

  • A Modern Mephistopheles (1877)