Springe nei ynhâld

Loppem

Ut Wikipedy
Loppem
Kastiel Loppem
Kastiel Loppem
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
gemeente Zedelgem
Sifers
Ynwennertal 4.898
Oerflak 12,68 km²
Befolkingsticht. 386 ynw./km²
Oar
Postkoade 8210
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 09' N 3° 41.9' E
Kaart
Loppem (Belgje)
Loppem

Loppem is in doarp yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. It doarp is sûnt 1977 de eastlike dielgemeente fan Zedelgem en leit krekt súdlik fan de agglomeraasje Brugge.

In âlde fermelding fan de namme 'Lophem' is al te finen yn in oarkonde út 1108. Yn oktober 1918, by de befrijing nei de Earste Wrâldkriich, naam kening Albert I syn residinsje op it kastiel fan Loppem. Op 21 novimber 1918 stifte hy 'it regear fan Loppem', it earste regear fan nasjonale ienheid, dêr't sosjalisten, liberalen en katoliken meiïnoar yn sieten. Dat regear fierde yn it ramt fan it 'Akkoard fan Loppem' grutte herfoarmings troch: algemien ienich stimrjoch (foar alle manlju boppe 21), erkenning fan de fakbûnen en de ynfiering fan it Nederlânsk op de Universiteit fan Gint.

Loppem leit yn Zandig Vlaanderen op in hichte fan likernôch 8 meter. De wichtichste beek is de Kerkebeek, dy't by Loppem yn 'e Rollegembeek útmûnet. Dy beken streame yn yn noardlike rjochting.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Loppem