Loadewyk XVI fan Frankryk
Loadewyk XVI August fan Frankryk (Versailles, 23 augustus 1754 – Parys, 21 jannewaris 1793) regearde as Kening fan Frankryk en Navarra fan 1774 oant 1791 en dêrnei as Kening fan de Frânsen fan 1791 oant 1792. Hy waard skorst en arrestearre nei de Bestoarming fan de Tuileryen yn de Frânske Revolúsje, hy waard berjochte troch de Frânske Nasjonale Konvinsje, skuldich ferklearre oan heechferried en eksekutearre troch de guillotine op 21 jannewaris 1793 as in ûnthillige Frânske boarger bekend as "Citoyen Louis Capet". Hy is de ienige kening fan Frankryk dy't ea eksekutearre waard.
Syn pogingen om it Ancien Régime te werfoarmjen hienen net folle súkses. Hy waard tsjinwurke troch de privilezjearre stannen (Adel en Geastelikheid), en de Parleminten, aadlike rjochtbanken dy't de keninklike besluten hifkje moasten oan de bytidenven "Fûnemintele Wetten". Twongen troch de finansjele omstannichheden moast hy de Frânske Steaten-Generaal by elkoar roppe. Yn dy - konsultative - gearkomst rôpen de leden har út ta Grûnwetjouwende Gearkomst en yn in prosses dat Frânske Revolúsje neamd wurddt, wêryn de Kening de regyferlear, en it grutste diel fan syn macht, foarmen se Frankryk om ta Konstitúsjonele monargy. In machtsgreep fan de ekstremisten en de republikeinen yn 1792 late ta ôfsetting, finzennimming en deastraf.
- Kening fan Frankryk
- Kening fan Navarra
- Frânsk krimineel
- Persoan feroardiele foar lânferrie
- Persoan dy't de deastraf krigen hat
- Persoan yn de Frânske Revolúsje
- Persoan ûnthalze mei de guillotine ûnder de Frânske Revolúsje
- Frânsk persoan fan Deensk komôf
- Frânsk persoan fan Dútsk komôf
- Frânsk persoan fan Eastenryksk komôf
- Frânsk persoan fan Flaamsk komôf
- Frânsk persoan fan Hongaarsk komôf
- Frânsk persoan fan Ingelsk komôf
- Frânsk persoan fan Italjaansk komôf
- Frânsk persoan fan Katalaansk komôf
- Frânsk persoan fan Lúksemboarchsk komôf
- Frânsk persoan fan Nederlânsk komôf
- Frânsk persoan fan Oksitaansk komôf
- Frânsk persoan fan Poalsk komôf
- Frânsk persoan fan Portegeesk komôf
- Frânsk persoan fan Sisyljaansk komôf
- Frânsk persoan fan Spaansk komôf
- Frânsk persoan fan Tsjechysk komôf
- Frânsk persoan fan Waalsk komôf
- Persoan fan Loataringsk komôf
- Persoan fan Piëmonteesk komôf
- Persoan fan Savoaisk komôf
- Persoan berne yn 1754
- Persoan stoarn yn 1793