Lexi Belle
Lexi Belle | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
Lexi Belle 2019 by Glenn Francis | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Nollie, Lexi Williams | |
echte namme | Jessica Macomber | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 5 augustus 1987 | |
berteplak | Independence (Louisiana) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2006 – no | |
offisjele webside | ||
www.lexibelle.com |
Lexi Belle, echte namme: Jessica Macomber (Independence (Louisiana), 5 augustus 1987), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Nollie en Lexi Williams. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m, mei in gewicht fan 48 kg en kupmaat 32C.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lexi Belle waard berne yn Independence, yn 'e steat Louisiana, mar groeide op yn McComb, yn 'e oangrinzgjende steat Mississippy. Op 'e middelbere skoalle hearde hja net ta de populêre bern, mar spile ynstee de trombône yn 'e skoalband. Yn 2004, doe't se santjin jier wie, ferfear se mei har âldelju nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Dêr wurke se yn in fideoteek, doe't se hifke waard troch immen dy't har profyl op har MySpace-side sjoen hie, en har rekrutearje woe foar de pornoyndustry.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sa rekke Belle by de pornoyndustry belutsen, en in fearnsjier letter besocht se foar it earst de set fan in pornografyske film, dêr't se in rûnlieding krige. Yn desimber 2005, doe't se achttjin jier wie, makke se har debút yn in pornofilm, wêrby't se foar it earst orale seks mei in man bedreau. Yn it begjin fan har karriêre makke se fral gebrûk fan 'e skûlnamme Nollie, en wurke se foar de studio Oz Entertainment.
Sûnt hat se, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 463 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Hustler Video, Pure Play Media, New Sensations, Evil Angel, Adam & Eve, Third Degree Films, Elegant Angel, Vivid Entertainment, Digital Playground, Zero Tolerance, Wicked Pictures, Jules Jordan Video, Red Light District en Diabolic Video. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers en Kink.com. Dêrmei hat se ûnderwilens al 7 ûnderskate AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) wûn, wylst se suver grossieret yn 'e nominaasjes foar AVN-Awards: 32 mar leafst.
Yn 2011 waard Belle troch de Amerikaanske stjoerder CNBC neamd as ien fan 'e tolve populêrste aktrises út 'e pornoyndustry. Dy bewearing basearre CNBC op 'e withoefolle AVN Awards, Xbiz Awards en oare prizen en nominaasjes dy't se yn 'e wacht sleept hat, en op 'e populariteit fan har webside, LexiBelle.com, dat ien fan 'e grutsten út 'e pornoyndustry is. Behalven foar Amerikaanske labels wurket Belle ek geregeldwei foar Japanske filmstudio's. Njonken har aktearwurk posearret se ek gauris foar neakenblêden; sa stie se yn maaie 2013 yn 'e Penthouse as de Penthouse Pet fan 'e moanne.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Belle is in fegetariër en set har as frijwilliger yn foar bistebeskermingsdoelen. Se hat oanjûn dat se har yn 't bysûnder ynteressearret foar de eland en de snie-ûle. Fierders is se poersljocht mei de science fiction-films út 'e Star Wars-rige, fral mei Attack of the Clones.[1] Teffens hâldt se fan punkmuzyk en besiket se geregeldwei ferdivedaasjeparken.
Yn fraachpetearen hat se oanjûn dat se foar it earst mei in jonge, har doetiidske freon, op bêd gie op har santjinde jierdei, en dat se doe in stikje plestik as kondoom brûkten.[2] Op seksueel mêd hâldt hja derfan om froulju te dominearjen, leafst troch middel fan smoarseks.[3]
Lichaamlike en oare skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lingte: 160 cm
- Gewicht: 48 kg
- Maten: 32C-24-33
- Skuonmaat: 38
- Ras: blank
- Eachkleur: grienbrún
- Hierkleur: brún
- Tatoeaazjes: oranje blom tusken har skouderblêden
- Seksuële oriïntaasje: biseksueel
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2008 | Adam Film World Guide Award | wûn | tinerdream fan it jier | n.f.t. |
AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne (fideo) (mei Annette Schwarz, Bobbi Starr, Steve Holmes en Ian Scott) | Slutty & Sluttier 3 | |
2009 | AVN Award | nominearre | bêste solosekssêne | Teenage Heartbreakers 2 |
nominearre | bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Belladonna) | Belladonna's Fucking Girls 6 | ||
nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei 8 oaren) | Bad News Bitches 3 | ||
nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei James Deen) | Teenage Heartbreakers 2 | ||
nominearre | bêste point of view-sekssêne (mei Tori Black, Riley Evans en Manuel Ferrara) | Fucked on Sight 4 | ||
nominearre | bêste triosekssêne f/f/m (mei Amber Rayne en Sergio) | Bad News Bitches 3 | ||
nominearre | bêste nije stjer | n.f.t. | ||
XRCO Award | nominearre | wiete dream (cream dream) | n.f.t. | |
2010 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Jenna Haze) | Evil Pink 4 |
nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei 9 oaren) | Party of Feet | ||
nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Tom Byron) | House of Ass 10 | ||
nominearre | bêste triosekssêne f/f/m (mei Tanner Mayes en Erik Everhard) | Jail Bait 6 | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Tori Black) | Field of Schemes 5 | ||
wûn | bêste nije ynternetstjer | n.f.t. | ||
FAME Award | nominearre | meast seksy lichem | n.f.t. | |
nominearre | favorite orale stjer | n.f.t. | ||
wûn | ûnderwurdearre stjer | n.f.t. | ||
Xbiz Award | nominearre | pornostjerwebside fan it jier (foar LexiBelle.com) | n.f.t. | |
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
XRCO Award | wûn | wiete dream | n.f.t. | |
2011 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Monique Alexander) | The Best of... Lexi Belle 2 |
nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei James Deen) | Batman XXX: A Porn Parody | ||
nominearre | bêste triosekssêne f/m/m (mei Mickey Butders en Mr. Pete) | The Best of... Lexi Belle 2 | ||
nominearre | bêste pornostjerwebside (foar LexiBelle.com) | n.f.t. | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste byrol fan in aktrise | Batman XXX: A Porn Parody | ||
Xbiz Award | nominearre | pornostjerwebside fan it jier (foar LexiBelle.com) | n.f.t. | |
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
2012 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Gracie Glam) | Pretty in Pink |
nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Jenna Haze en Faye Reagan) | Legs Up Hose Down | ||
nominearre | bêste triosekssêne f/m/m (mei Alec Knight en Evan Stone) | Superman XXX: A Porn Parody | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste sekssêne mei in pearke (mei Manuel Ferrara) | The Bombshells 3 | ||
NightMoves Award | wûn | bêste artyste (redakteurskar) | n.f.t. | |
XRCO Award | nominearre | wiete dream | n.f.t. | |
2013 | AVN Award | nominearre | bêste opfiering fan in striptiis | Lexi |
nominearre | bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Remy LaCroix) | Remy | ||
nominearre | bêste lesbyske sekssêne (mei Bobbi Starr) | Vicarious: So Close You Can Taste It | ||
nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Alexis Texas, Eva Angelina en Teagan Presley) | D3viance | ||
nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Allie Haze en Ella Milano) | Allie Haze: True Sex | ||
nominearre | bêste sekssêne fan in pearke (mei Michael Stefano) | Performers of the Year 2012 | ||
nominearre | bêste point of view-sekssêne (mei Tom Byron) | Superheroine 3D | ||
nominearre | bêste triosekssêne f/f/m (mei Gracie Glam en Johnny Sins) | Brazzers Present: The Parodies 2 | ||
nominearre | bêste anale sekssêne (mei James Deen) | Lexi | ||
nominearre | bêste pornostjerwebside (foar LexiBelle.com) | n.f.t. | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste opfiering fan in striptiis (mei Remy LaCroix) | Remy | ||
wûn | bêste orale sekssêne | Massive Facials 4 | ||
wûn | bêste triosekssêne f/m/m (mei Ramon Nomar en Mick Blue) | Lexi | ||
TLA Raw Award | wûn | artyste fan it jier | n.f.t. | |
Xbiz Award | nominearre | bêste lesbyske sêne | D3Viance | |
nominearre | bêste sêne yn in gonzo/non-feature-film | Lexi | ||
nominearre | bêste aktrise yn in publikaasje oer in pearke | Love, Marriage & Other Bad Ideas | ||
nominearre | bêste aktrise yn in pornografyske parody | Buffy the Vampire Slayer XXX | ||
nominearre | bêste aktrise yn in feature-film | Love, Marriage & Other Bad Ideas | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste gonzo-publikaasje fan it jier | Lexi | ||
XRCO Award | nominearre | orgastysk oraliste | n.f.t. | |
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
2014 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne | Brazzers Presents: The Parodies 3 |
nominearre | bêste anale sekssêne (mei Mick Blue) | Big Wet Asses 22 | ||
nominearre | bêste aktrise | Meant to Be | ||
wûn | sosjale-mediastjer (publykspriis) | n.f.t. | ||
Xbiz Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne | Meow! 3 | |
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. |
Filmografy (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Lexi Belle
- (in) Lexi Belle har MySpace-side
- (in) Biografy en filmografy fan Lexi Belle yn 'e Internet Movie Database
- (in) Lexi Belle yn 'e Internet Adult Film Database
- (in) Lexi Belle yn 'e Adult Film Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |