Lena (rivier)
De Lena (Russysk: Лена; Jakûtsk: Улахан-Юрях, Ulachan-Jurjach) is in rivier yn Siberië fan sa'n 4400 km langte en dêrmei ien fan de langste rivieren op ierde. De rivier ûntspringt bewesten de Baikalmar op in hichte fan 1.640 meter en streamt yn haadsaak nei it noarden nei de Laptevsee, dy't in part fan de Noardlike Iissee is.
By de útmûning is in grutte delta ûntstien. De Lenadelta is mei in oerflak fan 45.000 km² de op trije nei grutste rivierdelta yn de wrâld, grutter as de Nyldelta. De delta is sa'n sân moannen yn 't jier beferzen tûndra. In part fan de delta is in beskerme natuergebiet.
De Lena is befarber fan de stêd Ust-Kût ôf, dêr't it Baikal-Amoerspoar de rivier mei in brêge krúst. In grut part fan it jier leit de Lena lykwols tichtferzen en is skipfeart net mooglik. By Tiksi, dat oan ien fan de trije befarbere eams fan de delta leit, is de rivier mar trije moanne it jier te befarren, súdliker fan maaie oant oktober. De foarnaamste stêd oan de Lena is Jakûtsk.
De grutste sydrivieren fan de Lena binne de Aldan en de Viljoej, dy't relatyf ticht byinoar, by Batamaj en Tas-Toemoes, yn de Lena útmûnje.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De measte learden binne it der oer iens dat de namme 'Lena' ôflaat is fan it oarspronklike Ewinske wurd Elyu-Ene, wat 'de Grutte Rivier' betsjut.
-
De Lena ûnder Jakûtsk
-
De Lena ûnder Jakûtsk
-
Earne oan de Lena om 1890/99
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |