Springe nei ynhâld

Jan Wiegers

Ut Wikipedy
Jan Wiegers yn 1956

Jan Wiegers (Kommersyl, 31 july 1893Amsterdam, 30 novimber 1959) wie in Nederlânsk expresjonistysk keunstskilder. Hy wie de foaroanman fan De Ploeg yn Grins.

Wiegers krige syn oplieding oan de Akademy Minerva te Grins, mar studearre ek oan de Akademy fan Rotterdam (ûnder A. H. R. Van Maasdijk) en dy fan De Haach (ûnder Fredrik Jansen).

Doe't yn it Switserske Davos tahâlde, yn 1920, rekke er befreone mei de Dútske ekspresjonist Ernst Ludwig Kirchner dy't syn keunst tige beynfloedzje soe.

Yn 1917, hie er al de oanset jûn foar de Grinzer keunstnersbeweging De Ploeg. Oars as de ekspresjonisten út de Bergenske Skoalle namen Wiegers en de Ploegers in foarbyld oan it Dútske ekspresjonisme (û.o. Die Brücke yn Dresden), mei in mear ferheftich en beweeglik kleurepalet, oerhingjend nei it abstrakte. Ta De Ploeg hearden Johan Dijkstra, Jan van der Zee, Hendrik Nicolaas Werkman, George Martens, Jacob Gerard Hansen, Jan Altink, J.G. Jordens, Marinus Heijnes en Ekke Abel Kleima.

Yn 1934 gie er út Grins wei en gong nei Amsterdam om dêr te wenjen en wurkjen. Hy waard dêr yn 1953 heechlearaar oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten, en stoar dêr yn de âldens fan 66 jier.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]