Springe nei ynhâld

Hjalmar Branting

Ut Wikipedy
Hjalmar Branting
Monumint foar Branting yn Stokholm

Hjalmar Branting (Stokholm, 23 novimber 1860 - Stokholm, 24 febrewaris 1925) wie in Sweedsk politikus. Hy wie de lieder fan de Sweedske Sosjaal Demokratyske Partij (1907–1925), en minister-presidint yn trije ferskillende perioaden (1920, 1921–1923, en 1924–1925). Yn 1921 wûn Branting de Nobelpriis foar de Frede.

Branting die in oplieding wiskundige astronomy. Hy wie assistint by it Stockholm Observatorium, mar hold yn 1884 op mei it wittenskiplike wurk en woe sjoernalist wurde. Yn 1886 begûn er tegearre mei August Palm te skriuwen foar de krante Social-Demokraten. Yn 1897 waard Branting it earste sosjaaldemokratyske parlemintslid fan Sweden. Under syn lieding kamen de sosjaaldemokraten yn 1905 yn protest tsjin in skieding fan Noarwegen en Sweden. De sosjaaldemokraten fersetten har fûleindich tsjin in mooglike kriich. Branting hie fûle krityk op de Bolsjewistyske machtsgreep yn de Oktoberrevolúsje fan 1917. Op dat stik foel de Sosjaal Demokratyske partij útinoar. De oanhingers fan Branting gongen fierder, de linkse partij ûnder lieding fan Zeth Höglund waard letter de Sweedske Kommunistyske partij.

Doe't Branting yn 1920 keazen waard as minister-presidint, wie hy net allinnich de earste Sweedske minister-presidint dy't troch in ferkiezing keazen waard, mar ek de earste sosjalistyske minister-presidint dy't sa yn Europa oan 'e macht kaam. As minister-presidint makke er Sweden lid fan it Folkebûn, dêr't Branting sels ôffurdige yn wie. Foar dat wurk yn it folkebûn krige er de Nobelpriis foar de Frede.