Springe nei ynhâld

Hedeby

Ut Wikipedy
Hedeby of Haithabu
Lokaasje eardere delsetting Hedeby.
Denemark yn de iere midsiuwen mei Hedeby

Hedeby (Aldnoarsk: Heiðabýr, of Haithabu is ôflaat fan heiðr = heide, en býr = tún, fjild, ofwol "heidefjild") wie in wichtige delsetting yn Denemark yn de iere Midsiuwen. It hannelsplak lei hast besuden it hjoeddeiske Jutlân. Hedeby ûntststie oan in ynham fan de Schlei oan de Eastsee.

Yn de perioade dat de Wytsingen op it hichtepunt fan harren macht stienen wie Hedeby it grutste plak yn Denemark. It wie te ferlykjen mei Dorestêd. Haithabu wie in útfalsbasis fan de Noarmannen en lei op in krúspunt fan wegen. It Frankyske Ryk rikte oan Haithabu ta. Fryske skippen sleepte men fan Haithabu nei de Eastsee. It plak dêr't de stêd ea lei leit no yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein (Sleeswyk).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]