Hallstatt
Hallstatt | ||
Bestjoer | ||
Lân | Eastenryk | |
Dielsteat | Boppe-Eastenryk | |
Distrikt | Gmunden | |
Boargemaster | Alexander Scheutz (SPÖ) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 794 (2012) | |
Oerflak | 59,8 km² | |
Befolkingsticht. | 13 / km² | |
Hichte | 511 m | |
Oar | ||
Tiidsône | CET (UTC+1) | |
Simmertiid | CEST (UTC+2) | |
Offisjele webside | ||
www.hallstatt.at |
Hallstatt is in plak en gemeente yn it distrikt Gmunden (GM) yn de Eastenrykske dielsteat Opper-Eastenryk.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hallstatt leit oan de Hallstättersee, en wie oant yn de jierren 60 fan de 20e iuw allinne oer de mar te berikken. Súdeastlik fan Hallstatt, oan de súdigge fan de mar, leit de gemeente Obertraun. Hallstatt leit op in smelle streek grûn tusken de Halstättersee en de Dachsteinbergen, mei syn Hallstatt-gletsjer.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It museum fan Hallstatt hat prehistoaryske artefakten fan de Hallstatt-kultuer, in Keltyske kultuer út it earste millennium foar ús jiertelling, dy't nei Hallstatt ferneamd is. De St. Michaelkapel fungearret as skrinkelhûs, de Karner. Meidat dêr net folle grûn ta foldwaan is foar begraafplakken wurde liken nei safolle tiid wer foar it ljocht helle. Hûnderten plassen en bonkerakken fan ferstoarne ynwenners fan Hallstatt lizze útstald efter tralys.
Oer kuierpaden yn de bergen kinne archeologyske fynplakken besocht wurde. De oerbliuwsels fan de Hallstatt-kultuer waarden foar it earst ûntdutsen troch Johann Georg Ramsauer yn 1846. Yn de 17 jier dêrnei lei er sa'n 1000 grêven bleat. Ramsauer syn oarspronklike oantekeningen binne yn it Hallstattmuseum te besjen, njonken autentyk mynwerkersark dy't yn de, no iuwenâlde, sâltminen fan Hallstatt brûkt waarden.
-
Kristustsjerke
-
Pfarrkirche Maria Himmelfeart
-
Skrinkelhûs
-
Sâltmyn
-
Museum Hallstatt
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hallstatt fan Wikimedia Commons. |