Springe nei ynhâld

Gro Wânt (folk)

Ut Wikipedy
Gro Wânt
Gros Ventre

Gro Wânt dy't mei travois harren tipys oan it ferhúzjen binne.
flagge
populaasje
oantal 3.700 (2014)
taal Gro Wânt (†) (Ingelsk)
godstsjinst kristendom, natoerreligy,
synkretisme
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid Feriene Steaten
fersprieding
Feriene Steaten: 3.700

De Gro Wânt (Ingelsk: Gros Ventre; útspr.: [ɡɹou vɑ:nt] of [ɡɹou vɔ:nt]) of Atsina binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat tsjintwurdich benammentlik yn 'e Amerikaanske steat Montana wennet. Harren taal, it no útstoarne Gro Wânt, hearde ta de Algonkwynske taalfamylje, en hja binne nau besibbe oan guon oare Algonkwynske folken fan 'e Grutte Flakten, benammen de Arapaho. Der binne noch likernôch 3.700 Gro Wânt, dy't leden binne fan 'e federaal erkende Fort Belknap Yndianemienskip (Fort Belknap Indian Community).

De Ingelske namme fan 'e Gro Wânt, Gros Ventre (útspr.: [ɡɹou vɑ:nt] of [ɡɹou vɔ:nt]) is streekrjocht oer nommen út it Frânsk, dêr't Gros Ventres (útspr.: [ɡʀo 'vɔ:ntʀ]) "grutbuken" of "rûnbuken" betsjut, in namme dy't iere Frânske ûntdekkingsreizgers út gebeartetaal misbegriepen as de eigen namme fan 'e Gro Wânt. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw spriek men ek wol fan 'e Gro Wânt fan 'e Prêrjes, om 'e Gro Wânt te ûnderskieden fan 'e "Gro Wânt fan 'e Missoury", in argayske oantsjutting foar de Hidatsa, in hiel oar folk.

Alternative nammen foar de Gro Wânt binne Atsina, A’ani, A’aninin en Haaninin, wêrfan't de lêste trije de autonimen fan it folk sels binne en safolle betsjutte as "Wytklaaifolk" of "Kalkfolk". "Atsina" is in wurd út it Pigan-dialekt fan it Swartfuotsk, dat itsij "búkfolk" betsjut (en dêrmei de betsjutting fan Gro Wânt wjergalmje soe), itsij "lykas in Kry", mei't de Kry (Cree) in besibbe folk binne dat ek in Algonkwynske taal sprekt.

Assiniboin Jonge, in Gro Wânt-man.
(Foto: Edward S. Curtis (1868-1952).

De Swartfuotten, dat fan âlds om bar bûnsmaten en fijannen fan 'e Gro Wânt wiene, neamden har trouwens foarhinne Piiksiiksiinaa, in skelnamme dy't oerset wurde kin as "slangen". In selde soarte namme hiene de nau mei har besibbe mar net polityk mei harren alliëarre Arapaho foar de Gro Wânt, dy't harren nammentlik Hitúnĕna, "bidlers", neamden, mei't se op harren delseagen.

Der binne tsjintwurdich noch 3.700 Gro Wânt, dy't oansletten binne by en polityk fertsjintwurdige wurde troch de federaal erkende Fort Belknap Yndianemienskip (Fort Belknap Indian Community), fan noardlik Montana. Dat is in stamme-organisaasje fan mingd etnysk komôf, dêr't ek 2.700 Assiniboin lid fan binne. De Assiniboin wiene fan âlds fijannen fan 'e Gro Wânt.

Men is fan tinken dat de foarâlden fan 'e Gro Wânt fanôf 3000 jier tebek bewesten de Grutte Marren libbe hawwe moatte, om persiis te wêzen oan 'e Noardlike Reade Rivier, yn 'e hjoeddeiske Amerikaanske steat Minnesota en de Kanadeeske provinsje Manitoba. Hja ûnderholden har dêre as sedintêre lânbouwers dy't har benammentlik op it kultivearjen fan maïs taleine. Mei de foarfaars fan 'e Arapaho foarmen se doedestiden noch ien folk, dat nauwe bannen ûnderhold mei de foarâlden fan 'e Sjajinnen (Cheyenne).

Yn 'e santjinde of mooglik al yn 'e sechstjinde iuw waarden de Arapaho-Gro Wânt, yn 'e mande mei de Sjajinnen, troch de út it easten wei opkringende Odjibwe (Ojibwe) út 'e boskgebieten fan Minnesota en eastlik Manitoba de Grutte Flakten op dreaun. Op 'e flakten (of mooglik al earder) foelen de Arapaho-Gro Wânt útinoar yn fiif aparte groepen, fan noard nei súd de Gro Wânt, de Besawûnena, de wiere Arapaho, de Haänahawûnena en de Nawatinehena. Tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw soene de fjouwer súdlike groepen stadichoan wer begjinne gear te ranen ûnder de namme fan Arapaho, mar de Gro Wânt ûntjoegen har ynstee ta in selsstannich folk. Op 'e flakten oankommen, teagen de fjouwer súdlike groepen nei it súdwesten ta, dêr't se harren wengebiet fêstigen yn wat no de Amerikaanske steaten Wyoming en Kolorado en westlik Kansas en Nebraska binne. De Sjajinnen folgen de Arapaho dy kusten út doe't de druk fan 'e (Sioux) te grut waard, dy't ek troch de Odjibwe de Flakten op dreaun waarden. De Gro Wânt teagen lykwols nei it noardwesten ta, dêr't se har fêstigen yn wat no de steat Montana en it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan is. Harren populaasje waard yn dy tiid rûze op 2.500 (op grûn fan in skatting dat se 260 tipys hiene). Yn 'e midden fan 'e achttjinde iuw kamen se foar it earst oan hynders (earder hiene se geandefoets op bizons jage), en namen se de hynstekultuer fan 'e súdliker Flaktestammen oer, dy't letter sa ferneamd wurde soe troch it literêre en filmsjenre fan 'e western.

It oarspronklike wengebiet fan 'e Gro Wânt yn dûnkergrien, mei de hjoeddeistige reservaten yn bêzje.

It ierst bekende kontakt fan 'e Gro Wânt mei de blanken fûn plak yn 1754. It wie om dy tiid hinne dat de Frânsen harren de nammen Gros Ventres joegen, al sprieken iere Britske ûntdekkingsreizgers fan Fall Indians. Mei't der skoan te fertsjinjen foel oan 'e pelshannel, begûnen de Gro Wânt hannel te driuwen mei de Britske Noardwestlike Kompanjy, in iere konkurrint fan 'e bekendere Hudsonbaaikompanjy. Yn deselde snuorje waard de Gro Wânt-populaasje swier troffen troch bleatstelling oan 'e pokken, in Jeropeeske sykte dêr't de Yndianen gjin ymmuniteit foar hiene. Teffens hiene se yn dy tiid witwat te stellen mei oanfallen fan 'e noardeastlik fan harren libjende Flakte-Kry (Plains Cree) en Assiniboin (Assiniboine). Yn 1793 baarnden de Gro Wânt twa hannelsposten fan 'e Hudsonbaaikompanjy plat yn wat no Saskatchewan is, om't dy de Kry en Assiniboin fan fjoerwapens foarsjoen hiene.

Yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw joegen de Gro Wânt harren by de Swartfoetkonfederaasje, it machtige bûnsgenoatskip fan 'e ûnderskate Algonkwynske Swartfoetfolken (Blackfeet) en de Atapaskyske Sarsy (Sarcee). Yn 1855, doe't der in ferdrach sletten waard dat foar frede soargje moast tusken de Amerikanen en de Swartfoetkonfederaasje, tekenen de foaroanlju fan 'e Gro Wânt as leden fan 'e konfederaasje. In jier as wat neitiid briek der lykwols nei't it skynt ûnderling ûnmin út, want yn 1861 makken de Gro Wânt har wer los fan it ferbûn. Ynstee sleaten se doe in bûnsgenoatskip mei de Krieën (Crow), mei wa't se de Swartfuotten en Sarsy in jier as fiif lang beoarloggen. Yn 1867 waarden de Gro Wânt en de Krieën lykwols definityf ferslein. It lêste grutte opperhaad fan 'e Gro Wânt, Wite Earn, kaam yn 1881 te ferstjerren.

In Gro Wânt-kamp yn 1908.

Yn 1868 leine de Feriene Steaten Fort Browning oan dêr't de Peoples Creek útmûnet yn 'e rivier de Milk, as in hannelspost foar de Gro Wânt en Assiniboin. It die lykwols bliken dat it fort yn it territoarium fan 'e Sû, harren aartsfijannen, lei, dat de Gro Wânt en Assiniboin bleaune wei. Yn 1871 waard de nutteleaze ûndernimming einlings opjûn. Dêrnei bouden de Amerikanen in nije hannelspost, Fort Belknap, oardel km súdwestlik fan it hjoeddeistige stedsje Chinook, yn Montana. Dat wie lykwols mar bedoeld as in tydlike oplossing, in provysjonele basis dêr't de Gro Wânt en Assiniboin harren yn ferdraggen taseine rantsoenen ôfhelje en jierjilden útkeard krije koene. Yn 1876 waard Fort Belknap dêrom opheft, en waarden de Gro Wânt en de Assiniboin trochwiisd nei it agintskip te Fort Peck, dêr't ek in soad Sû betsjinne waarden. Hoewol't de Assiniboin ek fan âlds fijannen fan 'e Sû wiene, setten in protte fan harren al dy kant út, mar de Gro Wânt wegeren. Se bleaune te Fort Belknap, mei't se leaver gjin jierjilden krigen as de priis dêrfoar wie dat se mei de Sû omgean moasten. Sadwaande waard it agintskip te Fort Belknap yn 1878 weroprjochte, en koene de Gro Wânt en de oerbleaune Assiniboin dêr wer telâne. Yn 1888 waard dêr it Fort Belknap Yndianereservaat (Fort Belknap Indian Reservation) stifte, in reservaat dat sûnt troch de Gro Wânt en de Assiniboin dield wurdt.

Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw rekke it mei kultuer fan 'e Gro Wânt stadichoan fierder yn it neigean. Yn 1862 fêstigen har jezuïten yn Fort Belknap, dy't mei harren bekearing fan 'e mearderheid fan 'e Gro Wânt ta it roomsk-katolisisme de lânseigen leauwensoertsjûgings fan it folk grutte en duorjende skea tabrochten. Boppedat hiene sykten en oarloch har tol easke; tsjin 1904 wiene der noch mar 535 Gro Wânt oer. Yn 'e tweintichste iuw kaam ek it Gro Wânt, de eigen taal, yn 'e knipe, en stoar yn 1981 út. De befolking stabilisearre him lykwols, en begûn fan 1910 ôf wer fluch oan te winnen, nei 3.700 minsken yn 2013.

It Gro Wânt, de lânseigen Algonkwynske taal fan 'e Gro Wânt, wie nau besibbe oan it Arapaho, wêrmei't it de Arapaho-Atsina-taalgroep binnen de Arapahooske talen foarme (al beskôge in grut part fan 'e taalkundigen it Arapaho en it Gro Wânt as dialekten fan ien en deselde taal). Doe't yn 1981 de lêste memmetaalsprekker fan it Gro Wânt kaam te ferstjerren, stoar ek de taal dêrmei út, al wurdt it noch altiten sprutsen as in twadde taal troch in lytse minderheid fan taalaktivisten ûnder de Gro Wânt.

Stamme-organisaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
federaal erkende stammen yn 'e Feriene Steaten
Stamme Etnyske groep(en) Steat Haadkertier Populaasje Opmerkings
Fort Belknap Yndianemienskip
Fort Belknap Indian Community
Gro Wânt, Assiniboin Montana Harlem 6.400 fêstige yn it Fort Belknap Yndianereservaat; likernôch 3.700 Gro Wânt

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.