Godsoardiel
In godsoardiel (ordalia) of godsgerjocht is in hanneling om in rjochterlike beslissing troch in godheid ôf te twingen. Soks waard yn de Midsiuwen faker dien.
Echte godsoardielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze godsoardielen wurde wol de echte of iensidige godsoardielen neamd, omdat se bestean út hannelingen fan dejingen dy't him reinigje moat. It Aldfryske rjocht hie gleone en kâlde godsoardielen:
Gleone godsoardielen :
- Gleonwetterproef (of: tsjettelfang) : Beskuldigen moasten in earm yn in amer mei siedend wetter stekke om der bygelyks in stien of in ring út te heljen.
- Fjoerproef: Fertochten krige in yn waaks dompele himd oan dat yn de brân stutsen waard.
- Izerproef : In gleon stik izer moast mei bleate hannen in ein fuortbrocht wurde.
- Ploechizerproef:Op bleate fuotten moast oer in tolvetal gleonhjitte ploechizers rûn wurde.
By dizze hjitte godsoardielen (hjitte ordalia) waard men suvere as men nei in fêststelde perioade gjin blierren hie op de bleatstelde lichemsdielen.
Kâlde godsoardielen :
- Kâldwetterproef : In beskuldige waard mei de earms en fuotten krúslings bûn in kear of wat yn it wetter smiten. At er net sonk wied er suvere
- Tsiisproef : Der moast in stikje tsiis mei bôle trochslokt wurde sûnder ferslokken.
- It lot : Foar gefallen dat mear as ien skuldich wêze koene.
Unechte godsoardielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dan wiene der ek de ûnechte of twasidige godsoardielen. Dit wie it gefal as oankleier en bekleide har elk oan it godsoardiel ûnderwerpe moatte. Hjirûnder falle bygelyks:
- Twakamp : beide partijen litte in swurdfjochter optrede. De útslach fan it gefjoch bepaalde de útslach fan de proseduere.
- Krúsproef: beide partijen moatte mei de earms wiidút foar in krús stean. Wa't as earste de earms sakje liet ferlear.
- Eedhelpers waarden letter ek ta de godsoardielen rekkene.
De geastlikheid hie meastentiids de lieding by godsoardielen. Se hawwe eartiids ek oanstien op it hâlden fan godsgerjochten, útsein de twakamp. Yn de 14e iuw waard it freegjen om godsoardielen minder troch de opkomst fan de ynkwisysje. Foar alle godsoardielen jilde lykwols dat persoanen fan oansjen har fertsjintwurdigje litte koenen troch ûnderhearrigen. Sy soenen dan foar harren ek it leed útstean moatte, mar syn skuld hong dan ek fan harren ôf.
In godsoardiel koe ek ienfâldiger krigen wurde. Yn Hannelingen 1:23-26 stiet dat der lotte waard tusken Justus en Mattias om oan de weet te kommen wa't troch God as tofte apostel oanwiisd wie. Hoe't der lotte waard is net dúdlik, mar it sil soksas striekelûke west hawwe. Yn it Alde testamint wurdt de wil fan God frege mei Urim en Tummim, en der wurdt wol tocht dat dit in soarte dobbelstiennen wiene.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|