Springe nei ynhâld

Fysiology

Ut Wikipedy

Fysiology is in ûnderdiel fan de biology dat him dwaande hâldt mei de meganyske, fysyke en biogemyske funksjes fan libbene organismen. Fysiology is te ferdielen yn plante-fysiology en biste-fysiology.

It fjild fan biste-fysiology brûkt de metoades en middels foar minsklike fysiology ek foar net minsklike wêzen. Plante-fysiology lient har techniken wer fan beide. De ûnderwerpen dy't bestudearre en ûndersocht wurde binne sa breed as de libbensbeam sels.

Oare wichtige wittenskiplike stúdzjefjilden dy't út de fysiology fuortkommen binne: biogemy, biofysika, biomeganika en molekulêre biology.

It wie de anatomist William Harvey dy't yn de 17e iuw de grûnslach lei foar de eksperimentele fysiology mei syn beskriuwing fan de bloedsirkulaasje.