Springe nei ynhâld

Erich Maria Remarque

Ut Wikipedy
Erich Maria Remarque

Erich Maria Remarque (skûlnamme fan Erich Paul Remark) (Osnabrück, 22 juny 1898Locarno, 25 septimber 1970) wie ien fan de meast bekende en meast lêzen skriuwers fan Dútske literatuer yn de 20e iuw. Remarque syn ferneamde boek Im Westen nichts Neues wie in oanklacht tsjin de kriich.

Erich Maria Remarque waard berne yn in arbeidershûshâlding. Hy wie in soan fan Peter Franz Remark (14 juny 1867, Kaiserswerth) en Anna Maria Stallknecht (21 novimber 1871, Katernberg). Mei 16 jier besocht er foar it earst te skriuwen: essays, gedichten, en de oanset ta in roman, dy't er letter ôfmakke en yn 1920 publisearre as Die Traumbude.

Mei 18 jier gie Remarque it leger yn. Op 12 juny 1917 waard er oerpleatst nei it Westlik front yn Hem-Lenglet. Op 26 juny waard yndield by it 15e Reserve Infantry-rezjimint, 2e Kompanjy fan Rinfuorgebataljon Bethe, en waard stasjonearre tusken Torhout en Houthulst. Op 31 july rekke er ferwûne troch skerven oan de lofter skonk, rjochter earm en nekke, en nei in legerhospitaal yn Dútslân brocht, dêr't er de rest fan de kriich trochbrocht.[1]

Yn 1924 begûn er syn fan Remarque te skriuwen, dat al de familynamme wie oant syn pake it yn de 19e iuw feroare ta Remark. De midsnamme 'Maria' brûkte er sûnt novimber 1922. Hy hie ferskate baantsjes, ûnder oaren wie er bibletekaris, sakeman, learaar, sjoernalist en redakteur. Syn earste betelle wurk wie foar Continental AG, in Dútske bannefabryk. Syn houlik mei de aktrise Ilse Jutta Zambona yn 1925 wie net goed, beide wiene ûntrou. Nei't sy út elkoar wiene, wertrouden se yn 1938.

Yn 1927 kaam Remarque syn roman Station am Horizont út yn de foarm fan in fuljeton yn it sportblêd "Sport im Bild" dêr't er doe foar wurke. Earst yn 1998 kaam it yn boekfoarm út. Syn meast bekende wurk, Im Westen nichts Neues skreau er yn in pear moanne yn 1927, mar Remarque koe net fuortendaliks in útjouwer fine. De roman, pyblisearre yn 1929, beskriuwt de grousume ûnderfinings fan Dútske soldaten yn de Earste Wrâldkriich. Yn de neikommende romans beskriuwe er de wederwarichheden fan de feteranen nei de kriich.

Remarque by oankomst yn New York

Nei it dienmeitsjen fan Der Weg zurück yn 1931, ferliet Remarque Dútslân. Hy kocht in filla yn Porto Ronco yn Switserlân en wenne dêr en yn Frankryk oant 1939, it jier dat er mei syn frou nei de Feriene Steaten ferfarre. Sy waarden Amerikaansk steatsboarger yn 1947.

Yn 1933 ferbaarnden de Nazys Remarque syn wurk yn it iepenbier en woenen hawwe dat er in neisiet fan Frânske joaden wie en dat syn wiere namme Kramer (Remark, oarsom stavere) wie. Guon biografyen jouwe dat noch, hoewol't der gjin bewiis foar is. De Nazis seine teffens dat er nea tsjinne hie yn WO I. Yn 1943 waard syn suster Elfriede Scholz arrestearre, dy't yn mei man en bern yn Dútslân bleaun wie. Nei in koart proses yn in Volksgerichtshof waard sy skuldich achte oan it "ûndermynjen fan de moraal" omdat sy de oarloch doe al as ferlern beskôge. Rjochter Roland Freisler ferklearre: "Ihr Bruder ist uns leider entwischt—Sie aber werden uns nicht entwischen. Elfriede Scholz waard ûnthalze troch de guillotine op 16 desimber 1943.

Remarque syn folgende roman, Drei Kamerade, bestrykt de jierren fan de Weimarrepublyk, fan de hyperynflaasje fan 1923 oant de ein fan dat desennium. Remarque syn fjirde roman, Flotsam (Dútsk: Liebe deinen Nächsten,), ferskynde earst oerset yn it Ingelsk, yn in rige yn Collier's magazine yn 1939; nei redaksje fan Remarque kaam it yn 1941 as boek út, yn it Ingelsk en Dútsk. De roman Arch of Triumph, útbrocht yn 1945 yn Ingelske oersetting en yn 1946 yn it Dútsk as Arc de Triomphe, waard wer in bestseller dêr't sa'n fiif miljoen fan ferkocht waarden yn de wrâld.

Yn 1948 gie Remarque werom nei Switserlân, dêr't er oant de ein fan syn dagen bliuwe soe. Sân jier bleau it stil om Remarque hinne, tusken Arch of Triumph en syn nij boek, The Spark of Life (Der Funke Leben), dat yn 't Ingelsk en Dútsk ferskynde yn 1952. Doe't er noch mei The Spark of Life oan 'e gong wie, wurke Remarque ek oan in roman titele, Zeit zu leben und Zeit zu sterben. It boek ferskynde earst yn Ingelân (1954) ûnder de net sa sekuer fertaalde titel A Time to Love and a Time to Die. Yn 1958 wie Douglas Sirk regisseur fan de film A Time to Love and a Time to Die, basearre op Remarque syn roman. Remarque hie in lytse rol as professor yn de film.

Yn 1955 skreau Remarque it draaiboek foar de Eastenrykske film The Last Act (Der letzte Akt), oer Hitler syn lêste dagen yn de bunker fan de Rykskaneselarij yn Berlyn; de film wie basearre op it boek Ten Days to Die (1950) fan Michael Musmanno. 1956 folge in toanielstik, Die letzte Station, dat it goed die in Dútslân en op Broadway. Die Nacht von Lissabon (1962) wie it lêste wurk dat Remarque ôfmakke. Der waarden 900.000 fan ferkocht yn Dútslân, mar dêrbûten foel de ferkeap ek net ôf.

Remarque syn houlik mei de Hollywoodaktrise Paulette Goddard yn 1958 duorre oant syn dea mei 72 jier yn in sikehûs yn Locarno op 25 septimber 1970.[2]. Goddard liet $20 miljoen nei oan de Universiteit fan New York (NYU) foar it stiftsjen fan in ynstitút foar Europeeske stúdzjes, dat nei Remarque ferneamd waard. De earste direkteur fan it The Remarque Institute wie professor Tony Judt. De Erich Maria Remarque Papers hat de Falesbibleteek fan de NYU op 'e noed.

  • 1920: Die Traumbude
  • 1929: Im Westen nichts Neues
  • 1931: Der Weg zurück
  • 1937: Three Comrades (yn Londen publisearre)
  • 1941: Flotsam ( Londen, yn Stockholm yn it Dútsk printe, 'Liebe Deinen Nächsten')
  • 1941: Die andere Liebe
  • 1946: Arc de Triomphe (earst yn de VS útbrocht: Arc of Triumph)
  • 1952: Der Funke Leben
  • 1954: Zeit zu leben und Zeit zu sterben
  • 1956: Der schwarze Obelisk
  • 1961: Der Himmel kennt keine Günstlinge
  • 1963: Die Nacht von Lissabon
  • 1971: Schatten im Paradies (postúm)
  • (1931) Der Feind; koarte ferhalen
  • (1955) Der letzte Akt; filmtekst
  • (1956) Die letzte Station; toanielstik
  • (1988) Die Heimkehr des Enoch J. Jones; toanielstik
  • (1994) Ein militanter Pazifist; ynterviews en essays
  • (in) Christine R Barker, Rex William Last, Erich Maria Remarque, Londen , Oswald Wolff ; New York, Barnes & Noble Books, 1979.
  • (in) Hans Wagener, Understanding Erich Maria Remarque, Columbia, S.C., Universiteit fan Súd karolina Parse, 1991.
  • (in) Julie Goldsmith Gilbert, Opposite attraction : the lives of Erich Maria Remarque and Paulette Goddard, New York, Pantheon Books, 1995.
  • Erich Maria Remarque, Werner Fuld, Thomas F Schneider, Marlene Dietrich, « Dis-moi que tu m'aimes » : témoignages d'une passion, Parys, Stock, 2002.
  • (in) Hilton Tims, Erich Maria Remarque : The Last Romantic, New York, Carroll & Graf, 2003.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Remarque Frieden-Schiessen.
  2. Dictionary of Literary Biography, Volume 56: German Fiction Writers, 1914–1945. A Bruccoli Clark Layman Book. Redaksje James Hardin, Universiteit fan Súd Karolina. The Gale Group, 1987. pp. 222–241.