Springe nei ynhâld

De Krigele Tinnene Soldaat

Ut Wikipedy
De Krigele Tinnene Soldaat
algemiene gegevens
oarspr. titel Den Standhaftige Tinsoldat
auteur Hans Christian Andersen
taal Deensk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1838, Kopenhagen
oarspr. útjwr. C.A. Reitzels Forlag
bondel Eventyr, Fortalte for Børn:
   Ny Samling: Første Hefte
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Krigele Tinnene Soldaat
publikaasje 1943, Assen
útjouwer Van Gorcum & Co.
oersetter Douwe Tamminga

De Krigele Tinnene Soldaat, yn it oarspronklike Deensk: Den Standhaftige Tinsoldat, is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1838, as ûnderdiel fan 'e samling Eventyr, Fortalte for Børn: Ny Samling: Første Hefte ("Mearkes, Ferteld foar Bern: Nije Samling: Earste Boek"), yn 'e mande mei twa oare mearkes (It Koweblomke en De Wylde Swannen). De Krigele Tinnene Soldaat is ien fan Andersen syn minder bekende mearkes, mar it waard yn 1943 troch Douwe Tamminga dochs oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.

Op syn jierdei kriget in jonkje in set fan fiifentweintich tinnene boartersguodsoldaten kado. Ien dêrfan hat mar ien skonk, want doe't it oan him ta wie, wie it tin op. As it jonkje op bêd giet, rommet er de soldaatsjes op, mar de soldaat mei de iene skonk sjocht er oer de holle. Nachts fiert it boartersguod feest. De soldaat sjocht dan in papierrene dûnseresse mei in sjerp mei dêrop in metalen stjerke, dat krekt as hysels op ien skonk balansearret, en hy wurdt fereale op har. In duveltsje út in doaske warskôget him op lulke toan om op te hâlden mei nei har te stoarjen, mar de soldaat negearret him.

In yllústraasje troch Vilhelm Pedersen, út 1850.

De oare deis wurdt de soldaat, as er yn it finsterbank stiet, by fersin nei bûten ta reage. Hysels is derfan oertsjûge dat it duveltsje dêrefter sit. Hy komt telâne op 'e dyk, dêr't er fûn wurdt troch twa jonges dy't him yn in papierren boatsje de goate del farre litte. It wetter fiert him mei ûnder in goateplanke, dêr't de wetterrôt, dy't dêr wennet, him tol betelje litte wol. De soldaat negearret him en wurdt mei it wetter de grêft yn spield. Dêr sinkt it boatsje, en de soldaat sakket ûnder wetter, mar wurdt opfretten fan in fisk. De fisk wurdt fongen en yn in koken tamakke; dêrby wurdt it soldaatsje fûn en nei de keamer ta brocht, deseldichste dêr't er earder út it finster fallen wie.

De soldaat makket wer eachkontakt mei it dûnsereske, mar de jonge pakt him op en smyt him samar yn 'e iepen hurd. Dêr begjint er te ranen, mar oft dat komt fan 'e hjittens of fan syn leafde, dat wit er net. Dan wurdt de dûnseresse ynienen troch in pûst wyn opwaaid en by him yn it fjoer smiten. Hja ferbaarnt daliks en wurdt wei, en inkeld har metalen stjerke bliuwt oer. De soldaat teraant dan alhiel en nimt in oare foarm oan, en de oare deis fynt de faam, dy't de hurd skjinmakket, dêr in hertsje fan tin.

De Krigele Tinnene Soldaat wie it earste fan Andersen syn ferhalen dat noch in folksferhaal, noch in literêre tekst ta boarne hie. Neffens Joan G. Haahr, yn har artikel yn The Oxford Companion to Fairy Tales, bringt de passive hâlding fan 'e soldaat, hoewol't dy it toanbyld fan plichtsbesef en selsopoffering is, him tagelyk ta syn needlottich ein. Hied er sprutsen of fanwegen kommen, dan hied er libben en leafde beide winne kind. Mar ynstee fynt er, dêrfan wjerholden troch sede en plige en troch persoanlike remmings, inkeld trageedzje en dea. Dit mearke wurdt gauris autobiografysk opfette, mei't it Andersen syn hâlding foar froulju oer tige nei-oan liket te kommen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Andersen, Hans Christian, Andersen's Folksforhalen en Mearkes, Assen, 1943 (Van Gorcum & Comp. N.V. Utjowers), sûnder ISBN-nûmer.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.