Springe nei ynhâld

Cai Lun

Ut Wikipedy
Ofbyld fan Cai Lun.
Papiermeitsjen.

Cai Lun (Sineesk: 蔡倫 of 蔡伦) (48 - 121) wie in Sineeske eunuch dy't tsjintwurdich beskôge wurdt as de útfiner fan it papier.

Cai Lun waard berne yn Guiyang ûnder de Easterske Han-dynasty en wie sekretaris fan keizer He. Hy besocht mei materialen as beambast, hymp, side en fisknet papier te meitsjen en slagge yn 105 dêr glânsryk yn. De keizer wie tige bliid mei dizze útfining en joech him in titel en rykdom.

Yn Sina rekke it papier al gau ynboargene, mar it soe noch iuwen dourje foar it yn de rest fan de wrâld brûkt wurde soe. Yn 751 waarden in pear Sineeske papiermakkers troch de Arabieren finzen nommen en sûnt dy tiid ferspriede de technyk fan papiermeitsje him oer de wrâld.

De útfining fan Cai Lun wurdt sjoen as ien fan de wichtichste útfiningen dy't ea dien binne. Troch de útfining soe Sina har mooglik flugger ûntwikkele hawwe as it oarepart fan de wrâld, dy't har noch in skoftlang behelpe moast mei de âldere skriuwmaterialen as perkamint en papyrus.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cai Lun fan Wikimedia Commons.