Blankenberge
Blankenberge | ||
gemeentehûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | West-Flaanderen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 20.408 (2022) | |
Oerflak | 19,02 km² | |
Befolkingsticht. | 1.072,89 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8370 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 18' N 3° 7' E | |
Lokaasje Blankenberge yn it arrondissemint Brugge yn 'e provinsje West-Flaanderen | ||
Offisjele webside | ||
blankenberge.be |
Blankenberge is in stêd en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De gemeente hat likernôch 20.400 ynwenners (2019), dy't 'Blankenbergenaars' neamd wurde. Blankenberge is ien fan de wichtichste baaiplakken oan de Belgyske kust wat it tal toeristen en hotelboekingen oanbelanget.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fiskerij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eartiids wie Blankenberge in fiskersmienskip tusken de hjoeddeiske Hoogstraat (Oostdyk) en Weststrjitte (Westdyk). Dy diken waarden om 1100 hinne oanlein. Blankenberge waard yn 1270 fan de parochy Uitkerke ôfskuord en krige stedsrjochten fan grevinne Margareta fan Constantinopel. Yn 'e 13e iuw hie Blankenberge in fiskersfloat fan mear as 60 skippen en sûnt 1337 hie it doarp ek in fjoertoer.
It duorre lykwols noch oant yn 1871 dat der in soal foar in haven groeven waard. Dêr by lâns kaam in houten staketsel. Tsjin it ein fan de 19e iuw waarden de platte skippen ferfongen troch skippen mei in kyl, dy't mear djipgong hiene. Om't de haven al gau net mear foldie oan de doetiidske easken waard der nei de Earste Wrâldkriich neitocht oer it oanlizzen fan in nije haven, mar dat waard fanwegen jildbrek útsteld en boppedat rûn it tal fiskers yn Blankenberge tusken de twa wrâldkrigen stadichoan tebek. Yn 1925 winee der noch 51 boaten, mar yn 1939 noch mar 19. De Dútsers fernielden yn 1944 de hiele ynfrastruktuer fan de haven.
Nei de Twadde Wrâldkriich wie it dien mei de Blankenberchske fiskerij. Yn 1950 waard de hjoeddeiske fjoertoer iepene, wylst yn de jierren 1950 ek besletten waard in haven foar de rekraasjefeart oan te lizzen. It soal waar wer útbaggere en op 9 july 1955 waard de nije jachthaven iepene. Der folgen yn 1980 en 2004 noch útwreidings fan de haven en der is hjoed-de-dei yn 'e plak foar 1000 boaten.
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de oanlis fan in ferhurde dyk yn 1723 koe de fisk better ferfierd wurde en groeide it ferkear út Brugge wei. Yn dy tiid bestie der noch gjin baaitoerisme. Dat kaam pas op gong mei it Ingelske toerisme. De earste baaihutten ferskynden op it strân yn 1838. Al gau dêrnei waard in houten seedyk boud en ferskynden de earste hotels folge troch in kasino yn 1859. It spoar fan Heist nei Brugge mei in stasjon yn Blankenberge makke it plak tagongkliker foar toeristen. Tsjin it ein fan de 19e iuw wie de seedyk folboud mei lúkse hotels en filla's en der kaam in pier fan getten izer dy't 350 meter de see yn gie.
Yn de Belle Époque wie Blankenberge it fekânsjeplak foar de Belgyske hegerein. Allinne hja koene simmerfakânsje betelje. Sa brocht ek aartshartoch Franz Ferdinand mei in spesjale trein in besite oan Blankenberge. It toerisme brocht it plak wurk en wolstan en it ynwennertal naam hurd ta. De pier fan getten izer waard yn 1933 ferfongen troch in betonnen pier en it kasino waard yn de jierren 1932-1934 ferfongen troch in nij kasino yn art-decostyl (1932-1934).
Yn de Twadde Wrâldkriich waarden de measte hotels en filla's fernield. De hotels waard neitiid ferfongen troch goedkeapere kompleksen en sûnt de jierren 1960 en 1970 sette it massatoerisme útein, wylst de hegerein harren fertier yn Knokke en De Haan sochten.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Blankenberge waard in part fan de Atlantikwall boud troch de Dútske besetter. Foar dat doel moast in part fan de bebouwing ôfbrutsen wurde. De pier bleau yntakt om't de Dútske sersjant Keseberg wegere it befel út te fieren om de pier op te blazen. De alliearden bombardearren Blankenberge op ferskate plakken.
Op 9 septimber 1944 folge de befrijing fan Blankenberg troch de Manitoba Dragoons ûnder lieding fan Eric James. De befrijing wurdt alle jierren betocht op de earste sneontemiddei nei 9 septimber mei in plechtichheid en in optreden fan in konsertband op it Manitobaplein.
It kriichsmonumint oan de Van Maerlantstraat'betinkt de slachtoffers út de Earste en Twadde Wrâldkriich. Foar de 18 manlju dy't tusken 1944 en 1946 harren libben ferlearen by it ferwiderjen fan minen yn Blankenberge stiet yn it Koning Albert I-park in monumint.
Yndieling gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blankenberge bestiet út twa dielgemeenten: Blankenberge en Uitkerke. De dielgemeente Blankenberge is hast hielendal beboud en dy bebouwing grinzget hjoed-de-dei fuort oan it doarp Uitkerke.
Nû. | Namme | Oerflak (km²) | Ynwennertal (2021) [1] | Kaart |
---|---|---|---|---|
I | Blankenberge | 2,61 | 12.661 | |
II | Uitkerke | 14,81 | 7.814 |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Alde Stedhûs fan Blankenberge yn Flaamske Renêssânsestyl datearret út 1680 en is it âldst bewarre boargergebou yn de stêd.
- De Sint-Antoniustsjerke waard yn de jierren 1616-1631 boud op it plak fan in fernielde foargonger.
- De Sint-Rochustsjerke is in eklektysk gebou, dat yn 1884-1889 neffens ûntwerp fan Verhaegen en J. de Bethune boud waard. De toer waard yn 1903 tafoege.
- Oan de Koning-Albert-I-laan 43 stiet it karmelitessenkleaster út it begjin fan de 20e iuw.
- Op de seedyk stiet it monumint foar Henri De Bruyne en Joseph Lippens, twa Belgyske militêre dy't tsjinnen yn it koloniale leger en ferstoaren yn de oarloch yn Maniema (Kongo) yn 1892.
- De betonnen pier fan Blankenberge waard yn 1933 boud neffens in ûntwerp fan Jules Soete en leit oant 350 meter yn de Noardsee.
- De hjoeddeiske fjoertoer ferfong tusken 1950 en 1954 in fjoertoer út de 19e iuw.
- De 'Paravang' (út it Frânsk; betsjutting: skerm) is in wynskerm mei banken út de Belle-Epoque-tiid doe't de hegerein oan it begjin fan de 20e iuw Blankenberge besocht.
- Oan de Breydelstraat 10 stiet ien fan de lêste fiskerhûskes fan Blankenberge. Yn sokke hûskes wennen yn 'e regel grutte hûshâldings en der wiene 66 soartgelikense hûskes mei twa kafee's.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Attraksjeparken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sea Life Blankenberge (webstee)
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.
- Boarne:NIS, 1831 oant en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Blankenberge
|
West-Flaanderen | |
---|---|
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem | |
· · |