Ashley Callingbull
Ashley Callingbull | ||
model | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ashley Callingbull Burnham | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
berne | 21 oktober 1989 | |
berteplak | Enoch (Alberta) | |
etnisiteit | Kry (Cree) | |
wurkpaad | ||
soarte model | fotomodel | |
jierren aktyf | 1995 – no | |
titel(s) | Mrs. Universe 2015 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Ashley Callingbull (troude namme: Ashley Callingbull Burnham; Enoch (Alberta), 21 oktober 1989) is in Kanadeesk model en aktrise fan etnysk Yndiaansk komôf.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Callingbull waard yn 1989 berne yn Enoch, yn it Stony Plain Yndianereservaat 135 fan 'e Enoch Kry Naasje, dat fuort bewesten de stêd Edmonton leit, yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta. Har beide âlden binne Kry-Yndianen. Yn in fraachpetear fertelde se dat se net in maklike bernetiid hân hat, en dat se benammen troch har mem en har pakes en beppes grutbrocht is. Se liet fertelde dat se te lijen hân hie ûnder húslik geweld fan 'e kant fan har heit.
Al op jonge jierren begûn Callingbull mei te dwaan oan skientmewedstriden foar Yndiaanske famkes, de saneamde 'prinsessekroanen'. Tsjin 1999, doe't se tsien jier wie, hie se alle prinsessekroanen yn Midden-Alberta al in kear wûn. Mei sechstjin jier slagge Callingbull yn 2005 foar de eksamens fan 'e middelbere skoalle. Dêrnei folge se in universitêre oplieding dramatyk en tillefyzje.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Callingbull fertsjintwurdige Kanada op 'e Miss Friendship International-skientmewedstryd, dy't yn septimber 2010 yn it Sineeske Hubei holden waard. Dat die se datselde jiers ek op 'e missferkiezing Queen of the World, yn Dútslân, dêr't se trochkrong oant yn 'e finale. Fierders wie Callingbull ek as Miss Kanada oanwêzich op 'e skientmewedstryd Miss Humanity International, yn Barbados, yn oktober 2011. Yn 2013 wie se finaliste foar de titel Miss Universe Kanada.
Op 29 augustus 2015 wie Callingbull de earste Kanadese en de earste Yndiaanse dy't de Mrs. Universe-ferkiezing wûn, in ynternasjonale skientmewedstryd foar troude froulju. Neitiid brûkte se har bekendheid om op te kommen foar slachtoffers fan húslik geweld, dat se sels oan 'e lea ûnderfûn hie. Ek rôp se by de nasjonale ferkiezings fan 2015 alle Yndianen yn Kanada op om tsjin 'e Konservative Partij fan Kanada te stimmen, dy't doe it sittende regear foarme. Callingbull fûn dat de omtinkens fan 'e lânseigen bewenners fan Kanada it fertsjinnen om gâns mear prioriteit te krijen as dat de Konservativen deroan joegen.
Callingbull wurket ek as aktrise, en spile fan 2011 oant 2015 yn 'e tillefyzjesearje Blackstone de rol fan Sheila Delaronde. Se naam yn 2016 mei har styfheit diel oan it fjirde seizoen fan it realitytillefyzjeprogramma The Amazing Race Canada, wêryn't se it trêde plak berikten.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |