Andries Miedema
Appearance
Andries Miedema (Frjentsjer, 19 april 1937) is in Frysk dichter út Wytgaard.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Miedema learde foar seewurktúchkundige. Neidat er in skoft fearn hie, gie er oan it wurk by in oantal elektrisiteitssintrales. Miedema koe al betiid mei pinsjoen, doe is it dichtsjen begûn. Syn debútfers wie yn 2001 yn it tiidskrift Hjir. Syn gedichten hawwe in klassike foarm, mei jambyske en rymjende fjouwerrigels, út en troch sit der in sonnet by. In stikmannich jier letter ferskynde syn debút yn boekfoarm, Wynfearren by 't lemieren. Dy mânske bondel (152 fersen) waard yn 2005 útjûn by útjouwerij Frysk en Frij. De ynspiraasje foar it dichtwurk komt fral it deistich libben fan hjoeddei en eartiids: der binne dan ek in grut tal fersen wijd oan it seemanslibben.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Poëzij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2003 : Fers yn de bondel Myn hert dat trillet my – Gysbert Japiks 1603-2003
- 2005 : Wynfearren by 't lemieren
- 2008 : Fers yn blomlêzing It goud op 'e dyk, gearstalling Abe de Vries.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |