Akkad (stêd)
Akkad (Akkadysk: 𒀀𒂵𒉈𒆠, A-ga-dèki3; Sûmearysk: 𒌵𒆠, URIKI) wie in stêd yn 'e Aldheid fan Mesopotaamje en teffens de krite om dy stêd hinne. It lei yn it noardlike part fan wat no Irak is, mar de krekte lokaasje is ûnbekend. Der binne ferskate ruïnestêden dy't Akkad west hawwe kinne soene; dy lizze foar it meastepart oan 'e eastkant fan 'e rivier de Tigris, tusken de moderne stêden Samarra en Bagdad yn. Akkad wie de haadstêd fan it dernei ferneamde Akkadyske Ryk, dat fan 'e fjouwerentweintichste iuw f.Kr. oant de twaentweintichste iuw f.Kr. 150 jier lang it Midden-Easten behearske.
Skriftlike boarnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarôfgeande oan 'e ûntsifering fan it spikerskrift yn 'e njoggentjinde iuw wie Akkad allinne mar bekend fan ien inkele ferwizing yn it bibelboek Genesis 10:10, dêr't it yn 'e oarspronklike tekst skreaun is as אַכַּד (’Akkad). De kontekst is dêr in list fan stêden fan Nimrod yn Sûmearje.
Saakkundigen Walther Sallaberger en Aage Westenholz stelden yn 1999 yn harren wurk Mesopotamien: Akkade-Zeit und Ur III-Zeit fêst dat de stêd Akkad ynsafier bekend 160 kear neamd wurdt yn it korpus fan teksten yn spikerskrift. Dêrby giet it om boarnen dy't kwa datum útinoar rinne fan it Aldakkadyske Tiidrek sels oant de Nijbabyloanyske perioade healwei it earste milennium f.Kr. It toponym wurdt yn it Sûmearysk logografysk stavere as 𒌵𒆠 (URIKI) of yn it Akkadysk (en letter it Assyrysk en Babyloanysk) fonetysk as 𒀀𒂵𒉈𒆠 (A-ga-dèki3).
De etymology fan 'e namme is ûndúdlik, mar yn elts gefal net fan Akkadyske (d.w.s. Semityske) oarsprong. Saakkundigen hawwe datoangeande ferskate suggestjes dien, dy't foar Agadè in Sûmearysk, Hoerritysk of Lûllûbysk komôf sykje. De net-Akkadyske oarsprong fan it toponym suggerearret dat it plak al bewenne wie doe't de Akkaadjers harren der yn pre-sargoanyske tiden foar it earste nei wenjen setten. Op it bestean fan 'e stêd foarôfgeande oan it regear fan Sargon de Grutte wiist ek ien oerlevere pre-sargoanyske jiernamme. Oare histoaryske teksten lykje lykwols te suggerearjen dat Sargon de stêd sels stifte hawwe soe.
Goaden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste godheid dy't yn Akkad fereare waard, wie (de Eastsemityske) Isjtar, dy't oerienkomt mei de Sûmearyske Inanna en de Westsemityske Astarte. Hja waard yn Akkad oantsjut as ‘Aštar-annunītum, "Oarlochssuchtige Isjtar". Har oarehelte Ilaba waard ek yn Akkad fereare. Dy beide goaden waarden yn 'e Aldbabyloanyske perioade fereare yn Sippar, mooglik om't Akkad doe al ferwoastge wie. Tsjin 'e midden fan it earste milennium f.Kr. wiene fan 'e stêd mei wissichheid inkeld noch ruïnes oer.
Lokaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lokaasje fan Akkad is ferlern gien, hoewol't bekend is dat de stêd yn noardlik Mesopotaamje lei. In protte iere foarstellen oangeande de lokaasje woene de stêd oan 'e igge fan 'e rivier de Eufraat hawwe, mar sûnt de 1990-er jierren bestiet der in wittenskiplike konsensus dat in lokaasje oan 'e rivier de Tigris wierskynliker is. Op basis fan in oerlevere reisskema út 'e Aldbabyloanyske Tiid, dat fûn is yn 'e ruïnes fan Mari, soe Akkad oan 'e Tigris lizze moatte, justjes súdlik fan 'e moderne stêd Bagdad (dy't pas yn 'e Iere Midsiuwen stifte waard).
De identifikaasje fan Akkad mei Sippar-Amnanum (Sippar ša Annunītum), it moderne Tell ed-Der oan in yrrigaasjekanaal foar it eigentlike Sippar (Sippar ša Šamaš) oer, waard yn 1928 ôfwiisd troch Eckhard Unger op basis fan in Nijbabyloanyske list út 'e sechsde iuw f.Kr. dy't Sippar-Amnanum en Akkad as ferskillende plakken opneamt. Yn 1975 sloech Harvey Weiss foar dat it histoaryske Akkad wolris Isjan Mizjad wêze koe, in grut argeologysk fynplak op 5 km ôfstân fan Kisj. Lettere argeologyske opgravings op dat plak hawwe lykwols útwiisd fat Isjan Mizjad datearret út 'e tiid fan 'e Trêde Dynasty fan Oer, dy't nei de ynstoarting fan it Akkadyske Ryk yn 'e twaentweintichste iuw f.Kr. opkaam.
Sûnt de 1990-er jierren hat it debat oer de lokaasje fan Akkad him taspitst op plakken oan 'e eastigge fan 'e Tigris. Yn 1990 suggerearre Christophe Wall-Romana as de wierskynlikste lokaasje de krite om 'e gearfloeiïng hinne fan 'e rivier de Dijala mei de Trigris, en mear spesifyk Tell Muhammad, yn 'e súdeastlike foarstêden fan Bagdad. Hy joech ta dat dêr gjin oerbliuwsels fan 'e âlde stêd fûn binne, mar wiet dat oan 'e oerbouwing fan it plak mei moderne huzebou. Sallaberger en Westenholz suggerearren yn 1999 in lokaasje deunby de gearfloeiïng fan 'e rivier de Adaim mei de Tigris, eastlik fan Samarra, deunby Dûlûja. Julian Reade tocht yn 2002 ek oan in plak yn dy omkriten, mar by Kadisija, op basis fan 'e fragminten fan in Akkadysk stânbyld dy't dêr opdobbe wiene (no te sjen yn it Britsk Museum te Londen). Datselde plak wie yn 1923 om deselde reden ek al troch W.H. Lane foarsteld as de lokaasje fan Akkad.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side. |