Aazje
Appearance
Aazje, wurdt meast sjoen as in apart wrâlddiel, al foarmet it tegearre mei Jeropa ien grutte lânmassa dy't Jeraazje neamd wurdt. Ta Aazje wurdt it gebiet rekkene tusken:
- yn it noarden de Arktyske Oseaan
- yn it easten de Grutte Oseaan
- yn it súdeasten de Seramsee en de Arafura See as grins mei Austraalje
- yn it suden de Yndyske Oseaan
- yn it súdwesten de Lâningte fan Suez as grins mei Afrika
- yn it westen it de Oeral, de Oeralrivier, de Kaspyske See, de Kaukasus, de Swarte See en de Bosporus as grins mei Jeropa
Lannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der lizze 49 selsstannige lannen hielendal of foar in part yn Aazje:
- Afganistan
- Armeenje
- Azerbeidzjan
- Banglades
- De Barein
- Birma
- Brûnei
- Bûtan
- East Timor
- Egypte
- Feriene Arabyske Emiraten
- Fietnam
- De Filipinen
- Geörgje
- Yndia
- Yndoneezje
- Irak
- Iran
- Israel
- Japan
- Jemen
- Jordaanje
- Kambodja
- Katar
- Kazakstan
- Kirgyzje
- Koeweit
- Laos
- Libanon
- De Maldiven
- Maleizje
- Mongoalje
- Nepal
- Noard-Korea
- Oezbekistan
- Oman
- Pakistan
- Ruslân
- Saûdy-Araabje
- Sina
- Singapore
- Syrje
- Sry Lanka
- Súd-Korea
- Tadzjikistan
- Tailân
- Taiwan
- Turkije
- Turkmenistan