Springe nei ynhâld

A Cinderella Story (film)

Ut Wikipedy
A Cinderella Story
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Mark Rosman
produsint Clifford Werber
Ilyssa Goodman
Hunt Lowry
Dylan Sellers
senario Leigh Dunlap
basearre op Jiskepûster fan Charles Perrault
kamerarezjy Anthony B. Richmond
muzyk Christophe Beck
filmstudio Clifford Werber Productions
Dylan Sellers Productions
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Hilary Duff
Chad Michael Murray
voice-over Hilary Duff
byrollen Dan Byrd
Jennifer Coolidge
Regina King
Julie Gonzalo
Madeline Zima
Andrea Avery
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 10 july 2004
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje en
   jeugdfilm
taal Ingelsk
spyltiid 96 minuten
budget en resultaten
budget $19 miljoen
opbringst $70,1 miljoen
filmsearje
filmsearje A Cinderella Story
● folgjend diel Another Cinderella Story

A Cinderella Story is in Amerikaanske romantyske komeedzje en jeugdfilm út 2004 ûnder rezjy fan Mark Rosman, mei yn 'e haadrollen Hilary Duff en Chad Michael Murray. De titel betsjut "In Jiskepûsterferhaal", en de film is dan ek basearre op it bekende mearke Jiskepûster, sa't dat optekene waard troch Charles Perrault. It ferhaal folget in teenagefamke yn Los Angeles, dat troch har styfmem as húshâldster en ûnbetelle hantsjemuoisfaam yn har restaurant brûkt wurdt, wylst se troch har beide styfsusters oan ien wei troch narre wurdt. Se is yn in chatroom op it ynternet yn kontakt kommen mei in leuke mar ûnbekende jonge, mei wa't se fia e-mail ôfpraat op in skoalfeest. A Cinderella Story krige fan 'e filmkritisy yn oerweldigjende mjitte negative resinsjes, mar woeks yn 'e bioskopen út ta in kommersjeel súkses. Op basis dêrfan ûntstie neitiid in filmsearje dy't ek A Cinderella Story hjit, en dêr't yn 2021 it sechsde diel fan útkaam.

Samantha Montgomery (ropnamme: Sam) wurdt grutbrocht troch har heit Hal, in widner dy't de eigner is fan in kafetaria yn 'e San Fernandodelling fan Los Angeles. Neffens Sam kinne sy it tegearre skoan rêde, mar har heit fynt dat Sam ferlet hat fan in mem. Mei dêrom wertrout er as Sam njoggen jier is. Koarte tiid letter komt Hal om by de ierdbeving fan Northridge fan 1994. Sam bliuwt efter op 'e noed fan Fiona, oan wa't ek it hûs, de kafetaria en al it oare beërf takomt, mei't Hal gjin testamint neilitten hat. Fiona ûntpoppet har as in idele en ynklauwerige styfmem, dy't Sam ferballet nei in suterige souderkeamer, wylst se har oarspronklike keamer tapartet oan ien fan har beide bedoarne foardochters Brianna en Gabriella.

Fan dy tiid ôf wurdt Sam troch har styfmem en styfsusters twongen om allinnich de hiele húshâlding te berêden, wylst se dêrnjonken ek nochris fergees yn 'e kafetaria wurket. As it meitsjen fan húswurk foar skoalle dêrtroch yn 'e knipe komt, fynt Fiona dat net slim, want, sa hâldt se Sam foar: minsken geane nei skoalle om dingen te learen sadat se wurk fine kinne, en Sam hat ommers al wurk. Sam, dy't derfan dreamt om te studearjen oan 'e Universiteit fan Princeton yn Nij-Jersey, oan 'e oare kant fan it lân (om't se dêr mei har heit al plannen foar makke hie), lit harsels troch Fiona en har dochters útrûpelje om't se sels gjin reade sint hat en Fiona har ûnthjitten hat dat se foar har stúdzje betelje sil.

Acht jier nei har heite ferstjerren hat in santjinjierrige Sam, dy't dan yn it lêste jier fan 'e middelbere skoalle sit, in oanfraach yntsjinne foar ynskriuwing oan Princeton. Nettsjinsteande it feit dat Fiona har oan ien wei troch ôfbeult en Brianna en Gabriella har narje en twinge om njonken har eigen húswurk ek harres te meitsjen, kin Sam op skoalle goed meikomme. Fiona hâldt en draacht har ûnderwilens almar eksintriker. Der hearsket drûchte yn Súdlik Kalifornje en de befolking wurdt oproppen om sa sunich mooglik te wêzen mei wetter, mar Fiona fynt dat it sjen lit dat se klasse hat as se safolle mooglik wetter fergriemt, en sadwaande is har tún de iennichste dy't noch grien is yn 'e hiele buert.

Om't har styfmem net nei har omsjocht, tinkt Rhonda om Sam. Rhonda is de swarte bedriuwsliedster fan 'e kafetaria, dy't befreone wie mei Sam har heit. Ek de rest fan it personiel mei Sam graach lije en kin Fiona wol útkoarje. Op skoalle heart Sam lykwols net by de populêre klyk fammen om cheerleader Shelby Cummings hinne, dy't op har delsjogge en har de gek oanstekke. De byhearrende groep sportive jonges, dy't yn it Amerikaansk fuotbalteam fan 'e skoalle sitte, wurdt oanfierd troch Austin Ames, dy't ferkearing hat mei Shelby. Sam har bêste freon is de nerd Carter Farrell, dy't graach akteur wurde wol en dêrom ornaris yn kostúms omrint.

Yn in chatroom op it ynternet foar gadingmakkers foar in stúdzje oan 'e Universiteit fan Princeton is Sam yn 'e kunde kommen mei in jonge dy't himsels "Nomade" neamt. Dat is in gefoelige siel oan wa't Sam har bot besibbe fielt en op wa't se fereale oan it reitsjen is. Se ûnderhâlde in briefkerij fia e-mail en sitte op deselde middelbere skoalle, mar fierders witte se inoars identiteit net. Wat Sam nea ferwachte hawwe soe, is dat "Nomade" eins nimmen oars is as Austin Ames, dy't dan wol populêr is, mar tagelyk ek ûngelokkich mei de kant dy't syn libben útgiet. Syn bazige heit, garaazjehâlder Andy Ames, wol dat Austin nei de Universiteit fan Súdlik Kalifornje giet, krekt as hysels dien hat. Dêr moat er karriêre meitsje as stjerspiler yn it Amerikaansk fuotbalteam om neitiid wer thús te kommen en de garaazje oer te nimmen. Mar Austin hat gjin aardichheid oan sport, ek al kin er it goed. Ynstee wol er nei Princeton om safier mooglik by syn heit wei te kommen en dreamt er derfan om skriuwer te wurden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

"Nomade" nimt it inisjatyf ta in fysike moeting. Hy stelt foar om inoar op it oankommende skoalfeest ta gelegenheid fan Halloween om alve oere presys te treffen yn 'e midden fan 'e dûnsflier. Sam stimt dêryn ta. Yn 'e oanrin nei it skoalfeest makket Austin syn ferkearing mei Shelby út, mei as ferklearring dat er fereale rekke is op in oar famke. Shelby nimt dat nijs net goed op. De deis fan it skoalfeest ferbiedt Fiona Sam om derhinne te gean, mei't de flier yn 'e kafetaria noch bjind wurde moat. Brianna en Gabriella geane fansels wol nei it feest. Sam beslút dat se gjin oare kar hat as om te dwaan wat Fiona seit, as se wol dat Fiona foar har stúdzje betellet. Mar Rhonda grypt yn en bepraat har om dochs nei it skoalfeest ta, ferklaaid as Jiskepûster yn in âlde troujurk fan Rhonda en mei in masker foar dat har heale gesicht bedekt. Carter, dy't ferklaaid en maskere is as Zorro, begeliedt har nei it feest ta.

Op skoalle oankommen lûkt Sam yn har spektakulêre jurk gâns belangstelling, sels fan 'e populêre klyk om Shelby hinne, mei't troch har masker net ien foar it ferstân hat wa't se is. No't Austin it útmakke hat mei Shelby, besiket ien fan syn sportmaten it mei har oan te lizzen. Shelby makket him dúdlik dat se neat fan him hawwe moat, mar de jonge wol net om sizzen jaan. Carter alias Zorro komt tuskenbeiden en rêdt Shelby, dy't him beleannet mei in tút. Underwilens bejout Sam har om alve oere nei de midden fan 'e dûnsflier, dêr't Austin, ferklaaid as in mearkesprins, har opwachtet. Hy bringt oan har út dat hy "Nomade" is, mar hy ken har net werom. Ut klearebare bleuens, en om't se net wis is fan Austin syn oprjochtens, beslút Sam har masker foarearst op te hâlden. Se kuierje bûtendoar in eintsje oer it skoalterrein en dûnsje romantysk mei-inoar yn in prieeltsje.

Austin wit Sam te oertsjûgjen fan syn oprjochte bedoelings, mar ear't Sam útbringe kin wa't se is, giet har mobile tillefoan ôf ta teken dat se sjen moat dat se wer yn 'e kafetaria komt foar't Fiona ûntdekke kin dat se útpykt is. Se set halje-trawalje fuort en skuort Carter, dy't har sjauffeur is, út 'e earms fan Shelby. By it ferlitten fan 'e skoalle ferliest se har mobile tillefoan, dy't opkrigen wurdt troch in yn betizing rekke Austin. Yn 'e kafetaria besykje Rhonda, servearster Eleanor en kok Bobby ûnderwilens foar Fiona te ferbergjen dat Sam der net is, mar Fiona reaget harren oan 'e kant om yn 'e koken te sjen, dêr't se Sam (dy't krekt op 'e tiid troch de efterdoar nei binnen ta glûpt is) hurd oan it wurk oantreft.

De oare deis hinget Austin de skoalle fol mei flyers mei de fraach "Wa is Jiskepûster", yn 'e hoop om sa de identiteit te ûntdekken fan it mysterieuze famke oan wa't er syn hert kwytrekke is. Austin syn maten fine syn problemen hilarysk en "helpe" him by syn syktocht troch him in hiele rige famkes te presintearjen dy't allegearre úthâlde dat se de wiere Jiskepûster binne. Underwilens makket Carter oan Shelby bekend dat hy Zorro wie, yn 'e ferwachting op 'e nij op hertstochtlike wize mei har tútsjeboartsje te kinnen. Mar as sy foar it ferstân kriget mei wa't se op it feest tute hat, walget se der suver fan en leit se him út dat se sa ferskillend binne dat it nea wat tusken harren wurde kin. Dyselde deis kriget Austin berjocht dat syn ynskriuwingsfersyk oan 'e Universiteit fan Princeton goedkard is, mar hy doar dat net oan syn heit te fertellen. Ynstee stekt er oan yn Fiona har kafetaria, dêr't er straal by Sam lâns sjocht. Sam besiket him de wierheid te fertellen, mar wurdt op it krúsjale momint yn it wurd fallen troch Fiona, dy't in nij putsje foar har hat dat gjin útstel lije kin.

Thús ûntdekke Brianna en Gabriella op 'e âld kompjûter fan Sam de e-mails dy't sy mei Austin útwiksele hat, en beseffe dat Sam Jiskepûster is. Elts fan 'e beide susters besiket dêrnei Austin wiis te meitsjen dat sysels syn Jiskepûster is, mar Austin lit him net bedrage en it spul einiget mei in fjochtpartij tusken de beide susters, dy't inoar de skuld jouwe fan harren falen. As se úteinlik úttjirge binne, beslute se wraak te nimmen op Sam, wat se dogge troch har e-mails oan Shelby sjen te litten. Se presintearje de saak yn it minst mooglike ljocht en meitsje de goederleauske Shelby wiis dat Sam fan it begjin ôf oan wist wa't "Nomade" wie en dat de briefkerij diel útmakke fan in doelbewuste kampanje om Austin fan Shelby ôf te pakken. Sam wurdt nei in optreden fan it cheerleadersteam ta lokke mei it anonime berjocht dat Austin syn Jiskepûster dêr opwachtsje sil. As se dêr is, wurdt se foar it each fan it hiele publyk troch Shelby en de oare cheerlearders genedeleas foar gek set mei in sketch wêryn't boppedat oan 'e hiele skoalle bekendmakke wurdt dat sy Jiskepûster is.

Sam giet gûlend nei hûs, dêr't se opwachte wurdt troch Fiona. Dy hat ûnderwilens it oan Sam rjochte brief fan 'e Universiteit fan Princeton ûnderskept, mei it berjocht dat Sam dêr talitten is. Om't se har slaafke net kwyt wol, smyt Fiona dat brief fuort en ferfalsket se in oarenien, dêr't yn stiet dat de oanfraach fan Sam ôfwiisd is. Sam har rotdei is dêrmei kompleet. Fiona "treastget" har troch te sizzen dat se yn 'e kafetaria in baan foar it libben hat. Sam jout dêrnei alle hoop op, mar as Rhonda foar it ferstân kriget wat der geande is, set dy har teplak en besiket har nije moed yn te praten. As it behang yn 'e kafetaria skuort en it biedwurd fan Sam har heit foar it ljocht komt (dat seit dat men jin nea troch eangst wjerhâlde litte moat fan it neijeien fan jins dreamen), fynt Sam einlings en te'n lêsten de moed om Fiona it mannewaar op te sizzen. Se nimt ûntslach en kundiget oan dat se ferhúzje sil. Dêrop nimt alle personiel fan 'e kafetaria ek ûntslach, om't se, sa sizze se, al dy jierren allinnich mar om 'e wille fan Sam bleaun binne. Fiona bliuwt feralterearre efter.

Sam trekt by Rhonda yn. Op skoalle kringt se de klaaikeamer fan 'e jonges binnen om 'e twifelriedige Austin it leksum te lêzen, om't er neffens har bang is om blike te litten wa't er echt is, en om't er tefolle wearde hechtet oan wat oare minsken fan him tinke. Se seit dat se wol op him wachtsje wolle soe, mar dat soks like sinleas wêze soe as wachtsjen op 'e rein dy't de oanhâldende drûchte beëinigje moat. Nei dy konfrontaasje bepraat Carter Sam om mei te gean nei de homecomingwedstryd fan it Amerikaansk-fuotbalteam fan harren skoalle. Under de wedstryd wurdt it har dochs tefolle om tasjen te moatten hoe't Austin op it fjild in sport beoefenet allinnich om't syn heit wol dat hy dat docht, dat se ferlit de tribune. Austin sjocht har gean en beseft dat it no of nea is. Hoewol't it in krúsjaal momint yn 'e wedstryd is, rint er, ta ferbjustering fan 'e coach en syn heit, fan it sportfjild ôf om efter har oan te gean. Hy treft har oan 'e sydkant fan 'e tribune en seit dat it him spyt fan alles. Sam ferjout him en tutet him. Op dat eigenste momint falle de earste drippen, wêrnei't it hommels begjint te stjalpreinen.

Nei dy earste tút falt foar Sam ynienen alles op syn plak. As se yn 'e souderkeamer har besittings gearfandelet foar de ferhuzing nei Rhonda har hûs, rûgelet der út in âld boek ynienen in dokumint, dat it 'net-besteande' testamint fan har heit is. Dêrút blykt dat har heit alles, hûs, kafetaria, auto's en ynboel, oan Sam neilitten hat. Fiona beweart dat se it testamint noch nea sjoen hat, nettsjinsteande it feit dat se it sels as tsjûge ûndertekene hat. Dat mei se neitiid útlizze oan 'e ofsier fan justysje, dy't har ferfolget foar fraude en it oertrêdzjen fan it ferbod op berne-arbeid. Brianna en Gabriella, dy't der no alles oan gelegen is om by Sam yn in goed boekje te kommen, lappe harren mem derby wat de ferfalsking fan it brief fan Princeton oangiet en dûke yn 'e ôffalcontainer om Sam har talitting werom te finen. Sam set útein mei de ferkeap fan alle dingen dy't Fiona en har dochters troch de jierren hinne oanskaft hawwe fan jild dat rjochtlik fan har wie, sadat se dêr har stúdzje fan betelje kin. Fiona kriget in lange wurkstraf, dy't se úttsjinje moat mei it bjinnen fan 'e flier yn 'e kafetaria dy't no fan Sam en har sakepartner Rhonda is. Underwilens bemachtiget Carter de 'haadrol' yn in reklamespotsje foar in akneemiddel. No't er in beskate bekendheid hat, sjocht Shelby him ynienen wol stean, mar Carter wiist har ôf en kriget ferkearing mei Astrid, in Goth-famke dat de skoalomropster is. Austin jout Sam har mobile tillefoan werom en se sette tegearre ôf nei Princeton.

Hilary Duff.
Chad Michael Murray.
Jennifer Coolidge.
haadrollen
personaazje                akteur/aktrise
Sam Montgomery Hilary Duff
Austin Ames Chad Michael Murray


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Carter Farrell Dan Byrd
Fiona Montgomery Jennifer Coolidge
Rhonda Regina King
Shelby Cummings Julie Gonzalo
Brianna Madeline Zima
Gabriella Andrea Avery
David Brad Bufanda
Ryan Hanson J.D. Pardo
Madison Erica Hubbard
Caitlyn Kady Cole
Astrid Aimee Lynn Chadwick
Terry Simon Helberg
Eleanor de servearster Mary Pat Gleason
Bobby de kok Paul Rodriguez
Andy Ames Kevin Kilner
fertelster Hilary Duff
Vernon Jonathan Slavin
direktrise Wells Lin Shaye
Carter syn heit James Eckhouse
learaar Rothman John Billingsley
coach Art LaFleur
Hal Montgomery Whip Hubley
de jonge Sam Hannah Robinson
de jonge Brianna Carlie Westerman
de jonge Gabriella Lilli Babb

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

A Cinderella Story kaam as filmprojekt út 'e koker fan filmprodusint Clifford Werber. Dyselde seach in moderne filmadaptaasje fan it bekende mearke Jiskepûster, sa't dat yn 1697 troch de Frânske skriuwer Charles Perrault fêstlein waard, as "de ultime fantasij oer it ferfoljen fan winsken" mei "in ûnderlizzend boadskip fan it besef dat men ûnferwachte dingen berikke kin troch der net foar tebek te skriljen". De film waard regissearre troch Mark Rosman nei in senario fan Leigh Dunlap. Behalven Werber wiene ek Ilyssa Goodman, Hunt Lowry en Dylan Sellers as produsinten by it projekt belutsen foar de filmstudio's Clifford Werber Productions en Dylan Sellers Productions. Foar A Cinderella Story wie in budget beskikber fan $19 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Anthony B. Richmond, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christophe Beck. De opnamen fûnen yn 2003 op lokaasje yn Los Angeles plak.

De distribúsje fan A Cinderella Story waard fersoarge troch Warner Bros., dat de produksje ek finansierd hie. De film gie op 10 july 2004 yn Grauman's Chinese Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 16 july yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 13 july 2004 by platemaatskippij Hollywood Records.

Fan 'e filmkritisy krige A Cinderella Story oer it algemien negative resinsjes. Sa omskreau Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times it as "in flauwe, stomme film". Anna Smith fan it Britske tydskrift Empire liet de plot fan A Cinderella Story ôfrinne as "simpel [en] loai fehalefertellen", wylst Pete von der Haar fan Film Threat de film kwalifisearre as "in saai oereidzjen fan it âlde famke-moetet-jonge-klisjee". Yn The New York Times murk Stephen Holden op dat it besykjen ta modernisearring fan it boarnemateriaal late ta "gimmick-eftige dingen" en ûnlogyske ploteleminten. Foarbylden dy't er neamde wie dat in mobile tillefoan no it plak fan it bekende glêzen slofke ynnaam, wylst Sam der fiersten te tsjep en optein útsjocht foar in fanke dat ôfbeuld en skoudere wurdt.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat A Cinderella Story in tige leech goedkarringspersintaazje fan 12%, basearre op 104 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, omskriuwt de film as: "in ûnynspirearre generike update fan it klassike mearke." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet A Cinderella Story in goedkarringspersintaazje fan 25%, basearre op 30 resinsjes. It wie in film wêrby't de filmkritisy folslein út 'e pas rûnen mei de wurdearring troch it sljochtwei publyk. Bioskoopgongers dy't nei it sjen fan A Cinderella Story oer harren ûnderfining befrege waarden troch CinemaScore, parten de film in 9 op in skaal fan 1 oant 10 ta.

A Cinderella Story brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $51,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $18,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $70,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $19 miljoen betsjut dat in winst fan $51,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. A Cinderella Story ûnderfûn konkurrinsje fan ferskate oare Jiskepûster-efige films dy't itselde jiers útkamen: The Prince & Me, Ella Enchanted en The Princess Diaries 2: Royal Engagement.

A Cinderella Story waard nominearre foar 8 Teen Choice Awards, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen favorite simmerfilm, favorite film foar in ôfspraakje, favorite aktrise yn in komeedzjefilm (Hilary Duff), favorite tút (Hilary Duff en Chad Michael Murray), favorite leafdessêne (Hilary Duff en Chad Michael Murray), en favorite gemy op it wite doek. De film wûn de Teen Choice Awards foar favorite antagonist yn in film (Jennifer Coolidge) en favorite sêne om in kaam by te krijen. A Cinderella Story wûn ek de Kids' Choice Award foar favorite filmaktrise (Hilary Duff).

It kommersjele súkses fan A Cinderella Story joech neitiid oanlieding ta it ûntstean fan in filmsearje dy't ek A Cinderella Story hjit. Dy omfettet anno 2024 seis dielen, allegearre mei oare haadpersoanen en ferhalen dy't folslein los faninoar steane. De iennichste ûnderlinge ferbining is dat de ferhalen allegearre yn hegere of mindere mjitte op it mearke Jiskepûster basearre binne. De oare dielen fan 'e searje binne: Another Cinderella Story (2008), A Cinderella Story: Once Upon a Song (2011), A Cinderella Story: If the Shoe Fits (2016), A Cinderella Story: Christmas Wish (2019) en A Cinderella Story: Starstruck (2021).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

A Cinderella Story (filmsearje)
A Cinderella Story (2004) • Another Cinderella Story (2008) • A Cinderella Story: Once Upon a Song (2011) • A Cinderella Story: If the Shoe Fits (2016) • A Cinderella Story: Christmas Wish (2019) • A Cinderella Story: Starstruck (2021)