Springe nei ynhâld

Michigan

Ut Wikipedy
Steat Michigan
State of Michigan
flagge wapen
Si Quaeris Peninsulam Amoenam Circumspice
(Latyn, "Sykje jo in noflik skiereilân,
sjoch hjir dan ris om")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting MI
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1837)
haadstêd Lansing
grutste stêd Detroit
offisjele taal gjint (de facto Ingelsk)
sifers
ynwennertal 9.910.000 (2014)
befolkingstichtens 67,1 / km²
oerflak 250.493 km² (41,5% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Great Lakes State
tiidsône UTC –5 (of –6)
simmertiid UTC –4 (of –5)
webside www.michigan.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Michigan. Foar oare betsjuttings, sjoch: Michigan (betsjuttingsside).

Michigan (Ingelsk: Michigan; útspr.: [ˈmɪʃɪɡən], likernôch "mis-sjuh-gun")), offisjeel de Steat Michigan (Ingelsk: State of Michigan), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Michigan, byneamd de Great Lakes State (of ek wol de Wolverine State), leit yn it noarden fan it lân, dêr't de Grutte Marren de grins mei Kanada foarmje, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Midwesten. De haadstêd is Lansing, mar de grutste stêd is Detroit. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe goed 9,9 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 10de steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Michigan mei rom 250.000 km² de 11de steat. Michigan bestiet út twa skiereilannen: Opper-Michigan en Neder-Michigan, dy't faninoar skaat wurde troch de Strjitte fan Mackinac. De steat stiet bekend om syn natoerskientme en om 'e autoyndustry fan Detroit.

Michigan is eins ferneamd nei de Michiganmar (en net oarsom, sa't faak tocht wurdt). De namme fan 'e steat is ôflaat fan in Frânske ferbastering fan it Odjibwe-wurd mashigamaa, dat "grut wetter" of "grutte mar" betsjut.

De Mackinac Brêge by sinne-ûndergong.

Michigan hat in oerflak fan 250.493 km², wêrfan't mar leafst 41,5% út wetter bestiet. De steat is opmakke út twa skiereilannen, Neder-Michigan, dat nei it noarden ta útstekt yn 'e Grutte Marren, en Opper-Michigan, dat nei it easten ta útstekt. Dêr't de beide skiereilannen inoar krekt net reitsje, wurde se ferbûn troch de Mackinac Brêge oer de Strjitte fan Mackinac. It grutste part fan 'e steat falt yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC–5, simmertiid –4), mar de fjouwer westlikste countys fan Opper-Michigan (Gogebic, Iron, Dickinson en Menominee) hearre ta de Sintrale Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5).

Neder-Michigan beslacht fierwei it grutste part fan it lân fan 'e steat. It wurdt omjûn troch de Michiganmar yn it westen, de Strjitte fan Mackinac yn it noarden, de Hueronmar yn it noardeasten, de Kanadeeske provinsje Ontario yn it easten, de Earymar yn it eastsúdeasten en de Amerikaanske steaten Ohio yn it súdsúdeasten en Indiana yn it súdwesten. De súdgrins bestiet út rjochte linen, wylst de lângrins mei Kanada de rivier de Detroit folget, dy't de Hueronmar mei de Earymar ferbynt. Neder-Michigan mjit 446 km fan noard nei súd en 314 km fan east nei west.

It foar in grut diel mei ûnûntgûne wâlden oerdutsen Opper-Michigan leit noardliker as Neder-Michigan. It sit yn it súdwesten fêst oan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin, wêrmei't de grins fierhinne foarme wurdt troch de rivieren de Menominee en de Montreal. Yn it noarden wurdt Opper-Michigan begrinzge troch de Boppemar, yn it noardeasten troch de rivier de St. Mary's (dy't de Boppemar mei de Hueronmar ferbynt), yn it easten troch de Hueronmar, yn it súdeasten troch de Strjitte fan Mackinac en yn it suden troch de Michiganmar.

It heechste punt yn 'e steat is de Mount Arvon, mei in hichte fan 603 m boppe seenivo, yn it Hueronberchtme fan westlik Opper-Michigan. Neder-Michigan is dêrfoaroer frij flak. It leechste punt fan 'e steat wurdt foarme troch de Earymar, op 174 m boppe seenivo. De Grand River is mei 420 km lingte de grutste rivier fan Michigan. Der binne yn 'e steat 13 federale Yndianereservaten:

Yndianereservaten yn Michigan.

Omtrint de tiid dat Michigan foar it earst besocht waard troch Jeropeeske ûntdekkingsreizgers, waard it grûngebiet fan 'e steat bewenne troch ferskate Yndiaanske folken, dy't foar it meastepart Algonkwynske talen sprieken. De wichtichsten wiene de nau besibbe Odjibwe (Ojibwe), Ottawa en Potawatomy (Potawatomi), dy't freedsum gearlibben yn in konfederaasje mei as namme de Ried fan Trije Fjurren.

De Odjibwe libben yn Opper-Michigan en de noardlike en sintrale dielen fan Neder-Michigan, en fierders teffens yn gebieten dy't no ta Ontario, Wiskonsin, Minnesota en Manitoba hearre. De Ottawa libben foar it meastepart besuden de Strjitte fan Mackinac, yn it noarden en westen fan Neder-Michigan, mar ek yn Ontario, noardlik Ohio en eastlik Wiskonsin. De Potawatomy libben noch súdliker, yn súdlik en súdwestlik Neder-Michigan en fierders yn Indiana, Illinoais en Wiskonsin. Oare Algonkwynske folken, lykas de Menominy (Menominee), Majêmy (Miami), Sôk (Sauk), Foks (Fox) en de no útstoarne Maskouten (Mascouten) bewennen it easten en súdeasten fan Neder-Michigan, dêr't ek de Irokeesktalige Huroanen (Wyandot) taholden.

De Frânske jezuyt Jacques Marquette moetet de lânseigen befolking fan Michigan.

De earste blanken dy't har yn Michigan weagen, wiene de leden fan 'e Frânske ekspedysje fan Étienne Brûlé, yn 1622. De earste permaninte Jeropeeske delsetting yn 'e krite waard yn 1668 troch de roomske misjonaris père Jacques Marquette stifte, op it uterste eastlikste puntsje fan Opper-Michigan, op it plak dêr't no Sault Ste. Marie leit. Neitiid waarden ferskate oare sindingsposten troch Frânske jezuïten stifte, en yn 1679 boude Robert Cavelier, hear fan La Salle op it plak fan it hjoeddeiske St. Joseph it Frânske Fort Miami, de earste fersterke hannelspost. In oare Frânske ûntdekkingsreizger en legerofsier, Antoine de la Mothe Cadillac, stifte yn 1701 oan 'e rivier de Detroit de hannelspost Fort Pontchartrain du Détroit, dy't letter útgroeie soe ta de stêd Detroit.

It besykjen fan 'e Frânsen om harren ynfloed op 'e lukrative pelshannel yn Michigan te konsolidearjen, late oan it begjin fan 'e achttjinde iuw ta de saneamde Foks-Oarloggen, fan 'e Foks en harren bûnsgenoaten tsjin 'e Frânsen en dy har Yndiaanske bûnsgenoaten. Fan 1660 ôf makke Michigan diel út fan 'e Frânske koloanje Nij-Frankryk, dy't út Montreal wei regearre waard. Under de Frânske en Yndiaanske Oarloch waarden de Frânsen lykwols nei iuwen fan rivaliteit troch de Britten út Noard-Amearika ferdreaun. By de Frede fan Parys kamen Michigan en alle oare Frânske gebieten beëasten de Mississippy yn 1763 sadwaande yn Britske hannen.

Pointe Mouillee.

Dêrnei makke Michigan fan 1774 oant 1791 diel út fan 'e Britske provinsje Kebek. Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch tsjinne Detroit as in wichtich befoarriedingssintrum foar de Britten. Hoewol't dy de oarloch ferlearen, wisten se Michigan te behâlden troch de ûnsekuere kartografy dêr't de Frede fan Parys fan 1783 (tusken de Britten en de Amerikanen) op basearre wie, en de ûndúdlike formulearrings dy't yn it fredesferdrach brûkt wiene. Doe't de provinsje Kebek yn 1791 opspjalte waard yn Neder-Kanada (de steatkundige foarrinner fan it hjoeddeistige Kebek) en Opper-Kanada (it lettere Ontario), kaam Michigan diel út te meitsjen fan Opper-Kanada.

Under de betingsten fan it Ferdrach fan Jay (1794) stiene de Britten yn 1796 Neder-Michigan oan 'e Amerikanen ôf, mar oan it begjin fan 'e saneamde Oarloch fan 1812 (tusken Grut-Brittanje en de Feriene Steaten) namen de Britten Neder-Michigan wer werom, wêrby't se nei in frijwol bloedleaze belegering Detroit feroveren. Doe't de Amerikanen de tsjinoanfal ynsetten, late dat ta in swiere nederlaach foar harren yn it Bloedbad oan de Rivier de Raisin. Uteinlik wisten de Amerikanen Neder-Michigan lykwols yn 1813 te weroverjen nei de Slach oan de Earymar. Dêrnei foelen se fia Detroit súdlik Ontario binnen, dêr't de Britten foargoed ferslein waarden yn 'e Slach oan de Thames. By de dêropfolgjende frede krigen de Feriene Steaten hiele Michigan taparte, hoewol't Opper-Michigan oant 1818 en it eilân Drummond (foar de eastkust fan Opper-Michigan yn 'e Hueronmar) sels noch oant 1847 omstriden gebiet bleau. Offisjeel foarme Michigan bestjoerlik lykwols al sûnt 1796 it Amerikaanske Michigan-territoarium.

It Heechgerjochtshôf fan Michigan, yn Lansing.

De (blanke) befolking fan Michigan groeide stadich, oant yn 1825 it Earykanaal iepene waard, dat de Grutte Marren ferbûn mei de rivier de Hudson en sa mei de stêd New York. Dy nije rûte brocht in grutte kolonisaasjeweach op gong. Yn 1847 sette him in groep Nederlânske kolonisten ûnder lieding fan 'e predikant Albertus van Raalte nei wenjen yn it súdwesten fan Neder-Michigan, dêr't se plakken as Holland, Vriesland, Drenthe en Zeeland stiften. Neitiid kloften noch ferskate oer ymmigraasjeweagen fan Nederlanners yn dy krite gear.

Yn 1835, doe't Michigan sa'n 80.000 (blanke) ynwenners hie, waard it bestjoer fan it gebiet omfoarme ta dat fan in steat. De opnimming fan dy steat yn 'e Amerikaanske Uny, liet lykwols noch oant 26 jannewaris 1837 op him wachtsje fanwegen in grinskonflikt mei Ohio dat bekend kaam te stean as de Toledo-oarloch. Dêrby waard yn it súdeasten fan Neder-Michigan in stripe grûn (mei dêrop de stêd Toledo) oerhevele nei Ohio, wylst Michigan ta kompinsaasje yn it westen fan Opper-Michigan in ekstra stik lân taparte krige. Yn 1847 waard de stêd Lansing de haadstêd fan Michigan. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) focht Michigan oan 'e kant fan it Noarden en levere mear as fjirtich rezjiminten frijwilligers oan it Noardlike leger.

It fuortroastkjende âlde Packard- autofabryk yn Detroit.

Yn it lêste fearn fan 'e njoggentjinde iuw naam de kolonisaasje, fral yn Neder-Michigan, in grutte flecht. Omtrint de iuwwiksel ûndergie de ekonomy dêr in grutte feroaring, doe't in protte yndustriëlen, wêrûnder Henry Ford, Ransom E. Olds, de bruorren John en Horace Dodge, Henry Leland, Henry Bourne Joy en David Dunbar Buick, yn Detroit gearkloften om dêr harren autofabriken te begjinnen. Yn 'e tweintichste iuw ûntjoech dy sektor him ta de wichtichste pylder fan 'e Michigaanske ekonomy. It wurk dat de autofabriken beaen loek ek in protte nijynkommelingen oan, mei dêrûnder net yn it lêste plak in grutte kloft Afro-Amerikanen út it Amerikaanske Suden. Sawol de Afro-Amerikanen as ymmigranten út it bûtenlân droegen yn hege mjitte by oan 'e kultuer fan eastlik Michigan, dêr't yn 'e 1960-er jierren de ferneamde Motown-muzyk ûntstie.

Under de Twadde Wrâldoarloch produsearre Michigan 10,9% fan alle munysje en materieel foar de Amerikaanske Striidkrêften (wêrmei't it inkeld de steat New York foargean litte moast). Op 1 novimber 1957 waard de 8 km lange Mackinac Brêge iepene, dy't Neder- en Opper-Michigan mei-inoar ferbûn. Nei de oarloch sette de yndustriële ûntwikkeling fan Neder-Michigan him yn 't earstoan gewoan troch, mar hoewol't Michigan noch altyd de grutste autoprodusint fan 'e Feriene Steaten is, rekke de swiere yndustry fan Neder-Michigan fanôf de 1970-er jierren yn it neigean, wat dêr in slimme ekonomyske krisis ta gefolch hie. Mids 2013 gie de stêd Detroit sels fajyt, eat dat noch nea sa'n grutte Amerikaanske stêd oerkommen wie.

It steatskapitoal fan Michigan, yn Lansing.

Michigan bestiet bestjoerlik út 83 countys. De steatshaadstêd, Lansing, leit yn Ingham County, yn 'e midden fan súdlik Neder-Michigan. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Michigan bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Steatskongres fan Michigan, dat bestiet út 'e 38 leden tellende Steatssenaat en in Steatshûs fan Offurdigen mei 110 leden. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Michigan, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Michigan 14 sitten.

It politike lânskip fan Michigan wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Mei't sawol de Republikeinen as de Demokraten op oansjenlike stipe ûnder befolking rekkenje kinne, wurdt Michigan beskôge as in swingsteat. De Republikeinen hawwe benammen oanhing yn 'e plattelânsgebieten fan noardlik, westlik en sintraal Neder-Michigan en yn 'e stêd Grand Rapids, wylst de stêden Detroit, Ann Arbor, Flint en Lansing bolwurken fan 'e Demokraten binne.

Strântoerisme oan 'e kust fan 'e Michiganmar, by Holland.

Michigan hat lang bekendstien as in yndustrysteat, mar dat wie eins inkeld wier foar it súdeasten fan Neder-Michigan, mei yndustrystêden as Detroit, Ann Arbor en Flint. It westen en fral it noarden fan Neder-Michigan wurdt foarme troch útstrutsen plattelânsgebieten dêr't foarhinne fral oan lânbou dien waard. Opper-Michigan is foar in grut diel noch altyd oerdutsen mei nullewâlden, mar is ryk oan boaiemskatten as izer, sulver en koper, mei lytsere hoemannichten goud en uranium.

Hoewol't de yndustrysektor op syn retoer is, moat de wichtigens dêrfan foar de Michigaanske ekonomy net ûnderskat wurde. De trije grutte automakkers General Motors, Ford en Chrysler binne noch altyd de grutste wurkjouwers fan 'e steat. Op it mêd fan 'e lânbou produsearret Michigan fral suvelprodukten, maïs, sojabeane, weet, sûkerbiten, jirpels, beien en bargefleis. Yn 'e steat libje 1 miljoen kij, 1 miljoen bargen, 78.000 skiep en goed 3 miljoen hinnen. Ek de túnbou is foar Michigan wichtich, en produsearret benammen snijblommen. Yn Opper-Michigan draait de ekonomy fierhinne om boskbou en toerisme. Ek yn Neder-Michigan is toerisme wichtich, wêrby't men tinke kin oan it Tulpetiidfestival yn Holland en it strântoerisme oan 'e kust fan 'e Michiganmar.

De befolkingstichtens fan Michigan.

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Michigan yn 2014 9.910.000 ynwenners, wat in groei fan krapoan 0,3% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. Tusken 2000 en 2010 wie Michigan de iennichste Amerikaanske steat wêrfan't de befolking kromp. Yn 2014 wie de befolkingstichtens 67,1 minsken de km². Opper-Michigan hie yn 2010 in befolking fan yn totaal 311.000 minsken, wat delkomt op 3% fan 'e befolking fan 'e steat as gehiel.

De grutste stêden fan Michigan

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutste stêd fan 'e steat is Detroit, mei 707.000 ynwenners yn 2011. Oare gruttere stêden binne: Grand Rapids (190.000), Warren (134.000), Sterling Heights (130.000), Ann Arbor (115.000), Lansing (115.000) en Flint (112.000). Warren en Sterling Heights binne foarstêden fan Detroit.

De ûnoffisjele flagge fan Opper-Michigan.

Net ien fan 'e tweintich grutste stêden fan Michigan leit yn Opper-Michigan. It grutste plak is dêr Marquette (22.000 ynwenners yn 2012), dat de ûnoffisjele haadstêd fan it gebiet is. Op it twadde plak komt dêr Sault Ste. Marie (14.000), op 'e uterste eastlike punt fan it skiereilân, tsjin 'e Kanadeeske grins oan. Om't de bewenners fan Opper-Michigan, dy't ek wol Yoopers neamd wurde (in ferbastering fan it foarheaksel Upper), har yn Michigan gauris foarbyparte fiele, bestiet der ûnder harren in sterke ôfskiedingsbeweging dy't dernei stribbet om Opper-Michigan as selsstannige steat lid wurde te litten fan 'e Feriene Steaten, ûnder de namme Superior (ôflaat fan Lake Superior, de Boppemar).

Waterford (Michigan)Southfield (Michigan)Wyoming (Michigan)Shelby (Michigan)Kalamazoo (Michigan)Macomb (Michigan)Farmington HillsTroy (Michigan)Westland (Michigan)Canton (Michigan)Livonia (Michigan)Clinton (Michigan)Dearborn (Michigan)Flint (Michigan)Lansing (Michigan)Ann Arbor (Michigan)Sterling Heights (Michigan)Warren (Michigan)Grand Rapids (Michigan)Detroit
De Sleeping Bear-dunen.

Fan 'e befolking fan Michigan wie yn 2010 6,0% berne yn it bûtenlân. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e Michigaanske befolking doe sa: 76,6% blanken; 13,1% swarten; 4,4% Latino's; 2,4% Aziaten; 0,6% Yndianen; <0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 2,9% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e befolking fan Michigan bestiet 1,8% út Arabieren, dy't har fral yn 'e yndustrystêden Detroit en Flint nei wenjen set hawwe.

Blanke Michiganen binne fierhinne fan Noardwest-, Midden- en Noardjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (20,6% fan 'e totale Michigaanske befolking), Ieren (11,0%), Ingelsen (9,0%), Poalen (8,4%), Angelsaksyske Amerikanen (6,0%), Frânsen en Frânsk-Kanadezen (5,9%), Nederlanners (4,6%), Italjanen (4,6%) en Skotten (2,1%).

Kaart mei de grutste oarsprongs- groepen fan 'e befolking per county. (oranje = Dútsk; giel = Finsk;
grien = Nederlânsk; pears = Afro-Amerikaansk.)

Michigan hat de heechste befolkingspersintaazjes fan alle Amerikaanske steaten fan minsken dy't fan Nederlânsk, Finsk en Masedoanysk etnysk komôf binne. De Yoopers fan Opper-Michigan besteane foar in grut part út 'e neikommelingen fan Frânsk-Kanadeeske, Finske, Sweedske, Kornyske en Italjaanske ymmigranten, dy't oanlutsen waarden troch it wurk yn 'e izer- en koperminen en de boskbou.

Michigan omfiemet 12 federaal erkende Yndianestammen:

Dizze stammen hawwe allegear har eigen reservaat, en de Keweenaw Bay Yndianemienskip hat twa reservaten. Fierders binne der yn Michigan ek noch 6 stammen dy't erkenning fan 'e steat, mar net fan 'e federale autoriteiten hawwe. Dat binne:

In wolkomsboerd.

Michigan hat gjin offisjele taal as sadanich by wet fêstlein, mar de facto ferfollet it Ingelsk dy funksje. Yn 2010 hie fan 'e befolking fan 'e steat 91,1% it Ingelsk as memmetaal, wylst 8,9% fan hûs út in oare taal spriek. Yn it frij isolearre Opper-Michigan is de Amerikaansk-Ingelske sprektaal sterk beynfloede troch it Frânsk en de Skandinavyske talen, mei as gefolch dat him dêr in eigen Yooper-dialekt ûntjûn hat.

Nei it Ingelsk wie de grutste taal fan Michigan y 2010 it Spaansk, dat foar 274.000 (2,9%) de memmetaal wie. Dêrnei folgen it Arabysk, mei krapoan 98.000 sprekkers (1,0%); it Dútsk, mei goed 41.000 sprekkers (0,4%), it Sineesk, mei krapoan 34.000 sprekkers (0,4%); it Frânsk, mei 29.000 sprekkers (0,3%), it Poalsk, mei 27.000 sprekkers (0,3%) en it Arameesk en Assyrysk mei mei-inoar rom 24.000 sprekkers (0,3%).

De skyline fan Detroit.

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2007 79% fan 'e befolking fan Michigan út kristenen, wêrûnder 55% protestanten, 23% roomsen en 0,5% eastersk-otterdoksen. It grutste kristlike tsjerkegenoatskip wie yn 2010 de Roomsk-Katolike Tsjerke, mei 1.717.000 leden. De grutste protestantske denominaasjes wiene dat jiers de Feriene Metodistyske Tsjerke mei 229.000 leden, de Evangelysk-Lutherske Tsjerke yn Amearika mei 121.000 leden, en de Lutherske Tsjerke-Synoade fan Missoury mei 220.000 leden.

De oarspronklike troch Nederlânske ymmigranten stifte Herfoarme Tsjerke yn Amearika hie yn 2010 76.000 leden yn Michigan, en in iere ôfspjalting dêrfan, de Kristlik Herfoarme Tsjerke yn Noard-Amearika, hie yn 'e steat hast 100.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmen yn 2007 17% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene yn 2010: de islaam, mei 120.000 leauwenden, en it joadendom mei goed 44.000 leauwenden. Alle oare religyen makken mei-inoar 3% fan 'e befolking fan Michigan út.

De Tahquamenon-wetterfallen, yn Opper-Michigan.

Der binne yn Michigan twa klimaatsônes. It súdlike trêdepart fan Neder-Michigan hat in lânklimaat mei hjitte simmers en kâlde winters. Yn Opper-Michigan en it noarden fan Neder-Michigan hearsket ek in lânklimaat, mar dan mei waarme, koarte simmers en kâlde oant ekstreem kâlde winters. It grutste part fan 'e steat hat fan begjin desimber oant yn maart te krijen mei temperatueren dy't trochinoar fier ûnder it friespunt lizze. Boppedat falt der yn dy perioade troch de ynfloed fan 'e omlizzende Grutte Marren in protte snie. Hoewol't it grutste part fan 'e steat jiers tusken de 760 en 1.020 mm delslach kriget, kin der yn Opper-Michigan by 't winter allinnich al oant 640 sm snie falle.

Rekôrtemperatueren yn 'e steat wiene 44 °C, op 13 july 1936 yn Mio, en –46 °C op 9 febrewaris 1934 te Vanderbilt. Yn it suden fan Neder-Michigan komme jiers trochinoar 17 tornado's foar. Fierder nei it noarden en yn Opper-Michigan binne sokke wynhoazen tige seldsum.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.


 
              Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· · Berjocht bewurkje