Springe nei ynhâld

Solovetski-kleaster

Ut Wikipedy
Solovetski-kleaster

Солове́цкий монасты́рь

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Archangelsk
rajon Primorsk
koördinaten 65° 1' N 35° 42' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1436
opheffing 1920
weriepening 1990
Ynformaasje bou
monumintale status UNESCo-wrâlderfgoed
Federaal monumint
monumintnûmer 292120004552046
Webside
solovki-monastyr
Kaart
Solovetski-kleaster (Jeropeesk Ruslân)
Solovetski-kleaster

It Solovetski-kleaster (Russysk: Солове́цкий монасты́рь; Solovetski monastyr) is in otterdoks kleaster op 'e Solovetski-eilannen yn 'e Wite See yn it noardwesten fan Ruslân. Nei de Oktoberrevolúsje waard it kleaster transformearre yn in finzenis en wurkkamp, mar sûnt de jierren 1990 hat it de oarspronklike funksje werom krige.

It kleaster waard yn 1436 troch de muontsen German en Savvati út it Kirillo-Belozerski-kleaster stifte. Yn 'e 15e en 16e iuw krige it kleaster gâns lân, benammen troch skinkingen. Troch in geskikte polityk ûntjoech it kleaster him al gaueftich ta in ekonomysk en polityk sintrum fan 'e regio om 'e Wite See hinne. De muontsen holden harren dwaande mei it winnen fan sâlt, de fiskerij, it jeijen op wyld foar hûden, it ferwurkjen fan mineralen en izer en it winnen fan parels. It omlân profitearre fan it kleaster mei troch de wurkgelegenheid dy't troch de aktiviteiten fan it kleaster ûntstie.

Yn 'e 16e iuw telde it kleaster 350 muontsen en noch ris 700 ambachslju, boeren en feinten. Ek foar de teologyske foarming wie it kleaster wichtich en it hie yn 'e rin fan 'e tiid in grutte bibleteek mei tal fan manuskripten opboud. Ien fan 'e muontsen, Teodoret fan Kola, wurke yn it twadde fearn fan 'e 16e iuw as misjonaris ûnder de Samen.

Opstân fan it Solovetski-kleaster,
(Sergei Miloradovitsj (1851-1943).
De geheime trochgong dy't in ein makke oan de opstân fan it kleaster.

It kleaster waard yn 'e twadde helte fan 'e 17e iuw nei de skuorring yn 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke in bolwurk fan de Aldleauwenden. Fanút it kleaster waard der ferset bean tsjin de yn 1652 troch patriarch Nikon ôfkundige herfoarmings, dy't delkamen op in sintralisaasje fan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke. Yn 1657 waarden fanút Moskou nije liturgyske boeken stjoerd, mar de âldsten besletten de boeken net te brûken en de âlde liturgyske tradysje fuort te setten. Moskou stjoerde ek in nije abt nei it kleaster om de herfoarmings troch te setten, mar it kleaster wegere de abt te akseptearjen en beneamde sels in nije abt. Dat waard yn Moskou beskôge as in died fan ferset tsjin it rezjym en de tsaar stjoerde syn leger op it kleaster ôf. Der folge in belegering fan 1668 oant 1676. Mei de stipe fan de boeren koe it kleaster stânhâlde en it hie noch jierren langer stân hâlde kind, mar der folge ferried troch de muonts Feoktist, dy't de Streltsy fertelde fan in geheime trochgong yn 'e Wite Toer fan it kleaster, dy't min beskerme waard. Sa kaam der in ein oan de opstân. Nei it ynnimmen fan it kleastser waarden de measte bewenners fan it kleaster ombrocht.

Sûnt 1765 is it kleaster stauropegiaal, dat betsjut dat it kleaster net ûnder in biskop, mar fuort ûnder de Hillige Synoade falt. De argmandriten fan it kleaster waarden troch de tsaren en de patriarchen beneamd.

De Britten falle it kleaster yn 'e Krimoarloch oan.

Tegearre mei de fêstings yn Sumskoi en yn Kem foarme it Solovetski-kleaster in wichtige fêsting om de Russyske grinzen te beskermjen. It hie in grut tal kanonnen en in sterk garnizoen. It wist meardere oanfallen fan 'e Oarde fan de Swurdbruorren en de Sweden yn 1571, 1582 en 1611 ôf te slaan. Yn 'e Krimoarloch waard it kleaster yn july 1854 sûnder súkses troch Britske fregatten besketten.

In groep geastliken dy't yn it Solovetski-kamp finzen sieten (1923)

Fan 'e 16e iuw oant yn 'e 20e iuw tsjinne it kleaster ek as plak dêr't tsjinstanners fan de tsaren hinne ferballe waarden. Nei de Oktoberrevolúsje sletten de bolsjewiken yn 1920 it kleaster, dat doedestiids 430 muontsen telde. Hja makken fan it kleaster it earste wurkkamp fan 'e Goelag. De likernôch 1.000 finzenen, dêrûnder ûngefear 60 biskoppen, moasten û.o. yn 'e omkriten hout kappe. Oan it begjin fan 'e Twadde Wrâldkriich waard it kamp sletten. Ynstee dêrfan iepene men hjir in skoalle foar de opliediing fan marine-kadetten.

Lito fan it kleaster, ein 19e iuw/begjin 20e iuw (út de kolleksje fan it Kleastermuseum).

It kleaster wurdt troch foarse muorren omklamme mei in hichte fan 8 oant 11 meter en in dikte fan 4 oant 6 meter. De muorren wurde ûnderbrutsen troch sân poarten en acht tuorren, boud tusken 1584 en 1594. De ûnbidich grutte stienblokken dêr't de muorren mei opboud binne, hawwe somtiden in lingte fan fiif meter. De measte tsjerken en kleastergebouwen binne mei oerdekte gongen meiïnoar ferbûn. Fierder steane der in grut tal oare gebouwen en in refektoarium. In grut part fan 'e bouwurken datearje út 'e 16e iuw út de amtsperioade fan igumen Filip Kolitsjev. Ta it gebouwe-enseble hearre de byldbepalende Katedraal fan de Transfiguraasje fan 'e Hear (1558-1566), de Katedraal fan 'e Trije-ienheid (1858), de Marije-Himelfeartkatedraal (1552-1557), de Katedraal fan 'e Ferkundiging (1596–1601), in wettermûne (begjin 17e iuw), in klokketoer (1777) en de Nikolaastsjerke (1830-1834).

It hjoeddeiske kleaster

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1990 naam de Hillige Synoade it beslút om it monastike libben wer fuort te setten. In lytse groep fan muontsen sette har yn 1992 nei wenjen. De mienskip is sûnt oanwoeksen oant 30 muontsen.

Yn it kleaster is in histoarysk en arsjitektoanysk museum ûnderbrocht. It Solovetski-kleaster is ien fan 'e earste Russyske monuminten, dy't as wrâlderfgoed fan UNESCO ynskreaun waard. De measte gebouwen fan it kleaster binne de lêste jierren yngreven renovearre, rekonstruearre of wurde restaurearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]