Springe nei ynhâld

Oklahoma City

Ut Wikipedy
Oklahoma City
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Oklahoma
County Oklahoma County
Canadian County
Cleveland County
Pottawatomie County
Sifers
Ynwennertal 599.199 (2012)
Oerflak 1.608,8 km² (ynkl. wetter)
1.572 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 369 / km²
Stêdekloft 1.296.565 (2012)
Hichte 396 m
Oar
Stifting 1889
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 35°28′56″N 97°32′06″W
Offisjele webside
www.okc.gov
Kaart
De lizzing fan Oklahoma City (read) yn Oklahoma County en yn 'e steat Oklahoma.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma. Foar oare betsjuttings, sjoch: Oklahoma City (betsjuttingsside).

Oklahoma City, gauris ôfkoarte ta OKC, is sawol de haadstêd as de grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Oklahoma. Teffens is it it haadplak fan Oklahoma County, al lizze guon bûtenwiken fan 'e stêd yn it oangrinzgjende Canadian County, Cleveland County en Pottawatomie County. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Oklahoma City doe krapoan 600.000 ynwenners, wêrmei't it it 29ste plak ynnimt op de ranglist fan de grutste stêden fan de Feriene Steaten. Mei alle foarstêden en de heal ferstedske omlizzende plattelânskrite derby komt it as stêdekloft út op in befolking fan hast 1,3 miljoen minsken. Oklahoma City stiet bekend om syn oaljeyndustry; om ien fan 'e grutste feemerken fan 'e wrâld; om 'e bomoanslach op it Alfred P. Murrah Federal Building, yn 1995, wêrby't 168 minsken de dea fûnen; en om de tornado's dêr't it geregeldwei troch troffen wurdt.

Oklahoma City waard stifte op 23 april 1889, doe't it gebiet yn it Yndiaanske Territoarium (sa't Oklahoma doedestiden noch hiet) dat bekend stie as de "net-tawiisde lannen" frijjûn waard foar kolonisaasje by in barren dat bekend kaam te stean as de Lânrun fan 1889. Binnen inkele oeren groeide de befolking fan Oklahoma City út fan gjinien oant mear as 10.000 minsken. Hoewol't dat oantal dêrnei wer omleech gie oant goed 4.100 yn 1890, ferdûbele it ynwennertal yn it lêste desennium fan de njoggentjinde iuw, sadat Oklahoma City by de iuwwiksel wer mear as 10.000 ynwenners telde. Tsjin 1907, doe't Oklahoma as folweardige steat ta de Amerikaanske Uny talitten waard, wie Oklahoma City de territoriale haadstêd Guthrie foarbygroeid. Koarte tiid letter waard Oklahoma City ta haadstêd fan 'e steat makke.

It Steatskapitoal fan Oklahoma sjoen fanút it Oklahoma History Center.

Yn de iere tweintichste iuw wie Oklahoma City in wichtige tuskenstop op de ferneamde Route 66 nei de Amerikaanske westkust. Teffens ûntjoech de stêd him troch de spoarferbinings mei sawol it Easten as de westkust ta in grutte spiler yn de slachtfeehannel, wêrby't it ferfier fan slachtfee en de slachthúsyndustry foar in protte wurkgelegenheid soarge. Yn 1928 waard der ierdoalje fûn binnen de beboude kom fan Oklahoma City, wat de stêd ta in wichtich sintrum fan 'e oaljeyndustry makke. Nei de Twadde Wrâldoarloch soarge de bou fan 'e Loftmachtbasis Tinker foar noch mear wurkgelegenheid en sadwaande befolkingsgroei, in ûntwikkeling dy't ek stimulearre waard troch de oanlis fan it Interstate Highway-stelsel, dat Oklahoma City ta in knooppunt yn it Amerikaanske ferfierssysteem makke trochdat de I-35, de I-40 en de I-44 dêr gearkomme.

Yn 1971 waard Patience Latting keazen ta boargemaster fan Oklahoma City; hja wie de earste froulike boargemaster fan in grutte Amerikaanske stêd. Yn 'e jierren santich en tachtich fûn der lykas yn sa'n soad stêden in flecht út it stedssintrum nei de bûtenwiken en de foarstêden plak. Renovaasje fan 'e binnenstêd waard in grut tal histoaryske gebouwen foar slachtoffere, sûnder dat der in protte nije ûntwikkeling foar yn it plak kaam, sadat it sintrum bespikkele rekke mei fakante perselen dy't faak ta parkearterreinen makke waarden. Yn 1993 sette it stedsbestjoer útein mei in ambisjeus plan foar de werûntjouwing fan it stedssintrum; dêrta waarden û.m. in nij honkbalstadion en in sintrale biblioteek boud. Sûnt de njoggentiger jierren wurdt der sûnder ophâlden oan 'e stêd wurke.

Op 19 april 1995 waard Oklahoma City troffen troch de grutste ramp út syn skiednis, doe't de Amerikaanske terrorist Timothy McVeigh in bom ûntploffe liet lyk foar it Alfred P. Murrah Federal Building, in gebou fan 'e federale oerheid. By de oanslach kamen 168 minsken om. It Murrah Building waard folslein ferwoastge, en mear as hûndert omlizzende gebouwen rekken slim skansearre. Op it plak dêr't it Murrah Building stien hat, stiet no in tinkteken en museum, dat sûnt de iepening yn 2000 troch miljoenen minsken besocht is.

It stedhûs fan Oklahoma City.

Oklahoma City hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan Oklahoma City, dy ienris folslein ôfhinklik wie fan 'e oaljeyndustry, is no wat ferskater wurden. Sa spylje bygelyks de tsjinstesektor en it bankwêzen no in grutte rol. Likegoed is de oaljeyndustry noch altiten tige wichtich foar wurkgelegenheid yn 'e stêd, en datselde jildt foar de Loftmachtbasis Tinker, dy't fuortby leit. Kwa ferfier wurdt Oklahoma City betsjinne troch it Will Rogers World Airport, dat ferneamd is nei Will Rogers, in ferneamd cowboy, vaudeville-artyst en filmakteur út 'e tweintiger en tritiger jierren.

Op it mêd fan toerisme en besjensweardichheden hat Oklahoma City ûnder mear it heech oanskreaune Oklahoma City Museum of Art, mei in wichtige keunstkolleksje; it Science Museum Oklahoma, dat wittenskip en fotografy beljochtet; it Museum of Osteology, mei mear as 300 echte bisteskeletten; it National Cowboy & Western Heritage Museum; en it American Indian Cultural Center and Museum, wêrfan't de bou yn 2009 begûn. Fierders is der it Nasjonaal Tinkteken foar Oklahoma City, it monumint foar de 168 minsken dy't omkamen by de bomoanslach fan 1995, dat teffens in eigen museum hat. Fan in hiele oare oarder is it American Banjo Museum, dat yngiet op 'e skiednis en ûntwikkeling fan 'e banjo, en dat in kolleksje ynstruminten hat dy't $3,5 miljoen wurdich is. Ek moatte noch neamd wurde: it Oklahoma History Center, it histoarysk museum fan de steat; de Myriad Botanical Gardens, in heech oanskreaune botanyske tún; en de Oklahoma City Zoo and Botanical Garden, de pleatslike dieretún, dy't syn eigen botanyske tún hat.

In loftfoto fan it Alfred P. Murrah Federal Building nei de bomoanslach fan 1995.

Oklahoma City hat fierders trije grutte universiteiten: de Universiteit Oklahoma City (foarhinne bekend as de Epworth Universiteit), dy't stifte waard yn 1904; de Universiteit fan Oklahoma, dy't it grutste akademyske sikehûs fan de Feriene Steaten hat, mei 12.000 wurknimmers; en de Universiteit fan Sintraal Oklahoma, dy't krekt benoarden de stedsgrins stiet. Oklahoma City is ek de thúsbasis fan it basketbalteam de Oklahoma City Thunder, it iishockeyteam de Oklahoma City Barons en it honkbalteam de Oklahoma City RedHawks.

It Devon Energy Center, it heechste gebou fan 'e steat Oklahoma.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan de befolking fan Oklahoma City 11,5% âlder as 65 jier en 25,5% jonger as 18 jier. Fierders bestie 30,5% fan de húshâldings út ien persoan, wylst 23,0% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 56,7% blanken; 17,2% Latino's (mei as grutste groep 14,2% Meksikanen); 4,0% Aziaten (mei as grutste groep 1,7% Fjetnamezen); 15,1% swarten; 3,5% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs, 3,4% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Berne yn Oklahoma City

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Myriad Botanical Gardens.

Oklahoma City hat in fochtich subtropysk klimaat, mei hjitte simmers en mylde, mar potinsjeel snieïge winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 34,4 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 9,8 °C. Trochinoar binne der jiers 10,4 dagen dat it 38 °C of waarmer is. Rekôrtemperatueren wiene –27 °C op 12 febrewaris 1899 en 45 °C op 3 augustus 2012. Oklahoma City kriget jiers trochinoar 927½ mm delslach, wêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield yn trochsneed 21,3 sm snie.

Oklahoma City leit middenyn it gebiet dat bekend stiet as Tornado Alley, dêr't fral tusken maart en juny allegeduerigen tornado's foarkomme (mar bûten dy perioade hawwe se har ek wol foardien). Oklahoma is datoangeande ien fan 'e gefaarlikste stêden fan 'e wrâld. Sûnt soks byholden wurdt, is it troch njoggen grutte en likernôch 150 lichtere tornado's troffen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.