Springe nei ynhâld

De Gooyer (Amsterdam)

Ut Wikipedy
De Gooyer
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Amsterdam
adres Funenkade 5
koördinaten 52°22' N 4°55' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 27 m
boujier 1814
oare ynformaasje
eigner Stadsherstel Amsterda
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 1107
Kaart
De Gooyer (Amsterdam)
De Gooyer

De Gooyer is in hege stellingmûne oan 'e Amsterdamske Funenkade by de Zeeburgerstraat/hoeke Sarphatistraat, tusken de Nije Feart en de Singelgrêft. De namme fan 'e mûne is neffens guon te tankjen oan it útsicht oer it Goai, oaren binne fan betinken dat de namme te meitsjen hat mei twa eardere eigners, dy't ôfkomstich wiene út it Goailân.

De mûne bestiet út twa op inoar sette houten achtkanten op in stiennen ûnderbou. Eigner is Stadsherstel Amsterdam en de mûne is fierder net te besichtigjen. De mûne hat in wjukspanne fan 27 m.

Yn it njonkenlizzende Gemeentlike Badhûs út 1911 oan 'e Funenkade 7 is de Brouwerij 't IJ ûnderbrocht. Oars as wat oaren tinke foarmje de mûne en it eardere badhûs noch yn histoarysk noch yn boukundich opsicht in gehiel. De mûne hat ek gjin funksje foar dy brouwerij. Wol stiet de mûne op 'e etiketten fan 'e brouwerijprodukten.

De mûne op in foto fan Jacob Olie (1834–1905)

De Gooyer is de iennige mûne dy't fan 'e grutte groep nôtmûnen oerbleau, dy't tusken de 17e en de 19e iuw op 'e bolwurken fan 'e Bûtensingelgrêft stiene. Om 1900 hinne binne de lêsten dêrfan ôfbrutsen, útsein De Gooyer. De lokaasje fan 'e mûnen wie eartiids tige geunstich: oan 'e râne fan 'e stêd hiene se genôch wynfang.

De oarspronklike mûne giet werom op 'e 16e iuw en bestie al by it útbrekken fan 'e Tachtichjierrige Kriich. De Gooyer ferhûze ferskillende kearen en wie oarspronklik in standermûne. Nei alle gedachten waard yn 1725 de standermûne ferfongen troch in achtkante boppekruier mei stelling. Yn 1814 ferhûze de mûne op 'e nij, om 't in yn 1811 boude kazerne de wyn opkearde, nei de stiennen foet fan ien fan twa yn 1812 ôfbrutsen wettermûnen op de hjoeddeiske lokaasje.

Sûnt 1920 rekke de mûne yn ferfal. De mealynrjochting waard sûnt oandreaun troch in motor en yn 1928 soene de wjukken al ferwidere wurde en wie de stelling al ôfbrutsen. Dat jier kocht de gemeente de mûne foar 3200 gûne oan en der waard útein set mei in restauraasje. By de restauraasje krige de mûne effisjintere Dekkerwjukken, de earste Nederlânske nôtmûne mei dat systeem. De mûne bleau oant nei de Twadde Wrâldkriich as nôtmûne meallen foar partikulieren yn Amsterdam. Yn 'e jierren 1960 waard der noch in stjonkende dongstof mealle en dêrnei draaide de mûne allinne noch út en troch foar de aardichheid.

Op 13 novimber 1972 sloech de mûne by in stoarm op hol en briek de boppe-as. De wjukken belânen yn 'e Nije Feart en it duorre jierren doe't in nije boppe-as foltôge waard. By de restauraasje binne doe de oarspronklike Ald-Hollânsk ophekte wjukken wer oanbrocht.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wynmûnen yn 'e gemeente Amsterdam
De 1100 RoeDe 1200 Roed'AdmiraalDe BlomGemeenschapsmolenDe GooyerDe OtterRiekermûneMûne fan Sloten
· · Berjocht bewurkje