Springe nei ynhâld

Made in America (film út 1993)

Ut Wikipedy
Made in America
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Richard Benjamin
produsint Arnon Milchan
Michael Douglas
Rick Bieber
útfierend
   produsint
Nadine Schiff
Marcia Brandwynne
senario Nadine Schiff
Marcia Brandwynne
Holly Goldberg Sloan
kamerarezjy Ralf Bode
muzyk Mark Isham
filmstudio Le Studio Canal+
Regency Enterprises
Alcor Films
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Whoopi Goldberg
Ted Danson
Nia Long
byrollen Will Smith
Jennifer Tilly
Paul Rodriguez
Charlene Fernetz
Peggy Rea
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Frankryk
premiêre 28 maaie 1993
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 111 minuten
budget en resultaten
budget $22 miljoen
opbringst $104 miljoen

Made in America is in Amerikaansk-Frânske romantyske komeedzje út 1993 ûnder rezjy fan Richard Benjamin, mei yn 'e haadrollen Whoopi Goldberg, Ted Danson en Nia Long. De titel betsjut "Makke yn 'e Feriene Steaten". It ferhaal giet oer in swarte teenager dy't ûntdekt dat har heit in anonime spermadonor is. As se op ûndersyk útgiet, blykt it om in ordinêre blanke autoferkeaper te gean. De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in kommersjeel súkses.

Sarah Mathews is in grutske, yntellektuele, swarte widdo yn San Francisco, dy't har ferpleatst op 'e fyts en in winkeltsje hat dêr't se boeken oer Afro-Amerikaanske saken en keunstfoarwerpen en klean út Afrika ferkeapet. Har dochter Zora sit yn it lêste jier fan 'e middelbere skoalle, dêr't se goed meikomme kin. As har klasse by it fak biology in praktikum docht wêrby't de bloedgroepen fan 'e learlingen bepaald wurde, beseft Zora oan 'e hân fan 'e útkomst dat se net de dochter fan har mem en har foar har berte al ferstoarne heit Charlie wêze kin. Se konfrontearret har mem mei har ûntdekking, dy't tajout dat se harsels nei de dea fan Charlie swier meitsje litten hat mei sperma dat fan 'e spermabank kaam. Se bewissiget Zora dat se dêrfoar in oantreklike, yntelliginte en fral swarte donor útsocht hat.

Zora, dy't har libben lang in heit mist hat, beseft dat har biologyske heit noch libbet. Dat se set nei de spermabank ta, dêr't se op slûchslimme wize tagong kriget ta it kompjûtersysteem en yn it dossier fan har mem opsiket fan wa't it sperma kaam dêr't har aaisel mei befruchte is. Dat is in Hal Jackson. Mar as Zora him opsiket, docht bliken dat it in ordinêre ferkeaper fan Amerikaanske auto's is, en boppedat in blanke man dy't de hiele dei yn cowboydracht omrint. Noch minder: efternei ken Zora him ek noch fan 'e tillefyzje, út 'e flauwe reklamespotsjes mei sirkusdieren dy't er oanhâldend foar syn bedriuw makket. Zora komt Hal frijwat oer it mad mei it boadskip dat se syn biologyske dochter is, en Hal reägearret der kâld en ôfhâldich op, mei as gefolch dat Zora har yn triennen ôfjout.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Zora dy jûns oan har mem fertelt wat se ûntdutsen hat, is Sarah dêr op syn sêftst sein net bliid mei. De oare deis easket se útlis by de spermabank, en as se dêr fan it kastke nei de muorre stjoerd wurdt, beslút se ferhaal te heljen by Hal. Nei't se him yn syn kantoar by de autohannel goed it mannewaar opsein hat, rekket se der úteinlik fan oertsjûge dat de ferwikseling net syn skuld is. Hy biedt har in drankje oan en mei't se oars nea drinkt, rekket se al rillegau sa dronken as in kroade. Se kin net mear fytse, dat Hal moat har yn 'e auto werombringe nei har winkel. Dêr sjocht er oan in prikboerd bernefoto's fan Zora hingjen, en ek in útknipt krante-artikel oer in priis dy't se wûn hat.

Dy jûns sit Hal him thús te ferfelen. Hy hat in grut hûs, wennet gear mei Stacy, in tsjep dom blondsje dat mar heal syn leeftyd is, en it liket him oan neat te ûntbrekken, mar dochs hat er it gefoel dat syn libben leech en hol is. Hy hat it krante-artikel oer Zora opsocht en útknipt. As Zora har mem dyselde jûns freget oft Hal har ek noch neamd hat, moat Sarah tajaan dat er aardige dingen oer har sein hat.

Dat jout Zora moed om it nochris te besykjen, dat de oare moarns set se wer nei de autohannel ta. As Sarah dat ûntdekt, giet dy derefteroan. By de autohannel is Hal krekt in nij reklamespotsje oan it opnimmen wêrby't er op 'e rêch fan in oaljefant sit, dy't traint is om te harkjen nei in beltsje. It bist rekket yn 'e war fan 'e fytsbel fan Sarah, en komt op har ta. Sarah flechtet yn panyk fuort en bellet oanhâldend om 'e frij baan op 'e dyk te krijen, mei as gefolch in wylde efterfolging troch de stêd, dy't dermei einiget dat Hal en de oaljefant kopke-ûnder geane yn see.

De deis dêrnei is in topdei foar de autohannel, om't it nijs oer Hal en de oaljefant de hiele stêd trochgien is. Jûns giet al it personiel nei de eigen húshâlding of op in ôfspraakje of nei in pokerjûn mei freonen, mar as Stacy bellet dat se langer wurkje moat yn 'e sportskoalle (dêr't se fereale rekke is op ien fan 'e jonge manlike meiwurkers) wachtet Hal neat oars as in leech hûs. Hy beslút Sarah op te sykjen, en arrivearret by har hûs krekt as Zora op in ôfspraakje giet mei Diego, in jonge wurknimmer fan Hal. Yn in ympuls freget Hal Sarah mei út te iten, en se hawwe dy jûns in protte wille. As er har wer thúsbringt liedt in hertstochtlike tút derta dat se mei-inoar op bêd reitsje, mar ear't se de klean útkrije kinne, komt Zora thús, dy't in folle minder oangename jûn hân hat mei de optwingerige Diego. As se foar it ferstân kriget wat der geande is tusken har mem en Hal, rekket se bot oerstjoer, om't se bang is dat har prille bân mei har biologyske heit gefaar rinne sil as de relaasje tusken Hal en Sarah op 'e kippen rinne soe.

De oare moarns fielt Hal him better as dat er him yn lange tiid field hat. Troch syn nije status as heit wurdt er ynspirearre om fan 'e sterke drank ôf te bliuwen en syn smoken op te jaan. As er op syn wurk arrivearret, sit Sarah dêr lykwols op him te wachtsjen, dy't it mei him útmeitsje wol (as it al ea 'oan' west hat) fanwegen Zora. Hal beskuldiget har der lykwols fan dat se gewoan huverich is om in nije relaasje te begjinnen, en dat it hielendal neat mei Zora te krijen hat. Sarah fytst lulk en oerstjoer fuort, sjocht op in krúspunt net goed út, wurdt oanriden en bedarret bewusteleas yn it sikehûs. As oeren letter Zora by Hal op 'e stoepe stiet, om't se net mear wit wêr't se oars nei har mem sykje moat, helpt Hal har om Sarah op te spoaren en bliuwt er de hiele nacht mei har yn it sikehûs om by Sarah har bêd te wekjen. Nei't Sarah tsjin 'e moarn wekker wurden is, giet Hal nei hûs om him te ferskjinjen, en treft dêr Stacy mei har nije freon. Stacy mient dat Hal de nacht mei in oare frou trochbrocht hat, wat yn sekere sin ek sa is, en set him, ta Hal syn ûnbidige opluchting, oan 'e dyk.

Werom yn it sikehûs wurdt Hal oansprutsen troch ien fan 'e dokters. Hy en Zora hawwe de jûns tefoaren beiden bloed jûn foar de bloedbank fan it sikehûs, en dêrby hat Hal frijwat swetst fan syn dochter. It docht lykwols bliken dat oan 'e hân fan syn bloedgroep fêststeld is dat er Zora har heit net wêze kin. Hal nimt kontakt op mei de spermabank, en kriget dan te hearren dat de âlde papierrene dossiers in stikmannich jierren lyn digitalisearre binne, en dat dêrby alderhanne flaters yn 'e gegevens slûpt binne. It komt der op del dat Hal dochs net de biologyske heit fan Zora is, en dat ek net mear te efterheljen is wa't dat wol is. Zora is alhiel yn triennen as se dat heart, en ek Hal is dermei oan. Hy nimt ôfskie fan Sarah om't er de oare deis foar syn wurk nei in autoshow yn Las Vegas moat, en Sarah ferwachtet dat dat it lêste is wat se fan him hearre sil.

Inkele dagen letter fynt de diploma-útrikking fan Zora har skoalle plak, wêrby't oan Zora in spesjale priis takend wurdt as bêste learling. Hja hat ek in stúdzjebeurs wûn dy't har by steat stelle sil om te studearjen oan 'e universiteit fan har kar. Nei't se de priis oannommen hat, hâldt Zora in koarte taspraak wêryn't se har mem betanket om't dy har altyd oanfitere hat om safolle mooglik te learen. Dêrom wol se de priis graach trochjaan oan har mem. Sarah, mei de iene skonk hielendal yn it gips, mankepoatet nei it poadium ta as ynienen Hal opdûkt, dy't de diploma-útrikking fan 'syn dochter' net misse woe, en Sarah freget oft er har miskien by it trepke op helpe moat. Sarah nimt syn help mei gragens oan, en as sy en Hal op it poadium arrivearje, kundiget Zora harren oan as "myn heit en mem".

Whoopi Goldberg.
Ted Danson.
Nia Long (yn 2012).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Sarah Mathews Whoopi Goldberg
Hal Jackson Ted Danson
Zora Mathews Nia Long


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Tea Cake Walters Will Smith
Stacy Jennifer Tilly
José Paul Rodriguez
Paula Charlene Fernetz
Alberta Peggy Rea
Teddy David Bowe
Diego Rawley Valverde
Bob Takashima Clyde Kusatsu
James Jeff Joseph
Dwayne Shawn Levy

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Made in America waard regissearre troch Richard Benjamin nei in senario dat skreaun wie troch Nadine Schiff, Marcia Brandwynne en Holly Goldberg Sloan. It oarspronklike skript gie oer in blanke dochter fan in blanke frou en in blanke spermadonor. Pas nei't aktrise Whoopi Goldberg yn 'e rol fan Sarah Mathews cast wie, waard it senario werskreaun mei de focus op rasserelaasjes. It personaazje fan autoferkeaper Hal Jackson wie eins besearre op in echte Amerikaanske autoferkeaper, Cal Worthington, dy't bekendstie om it meitsjen fan reklamespotsjes mei sirkusbisten.

De film waard produsearre troch Arnon Milchan, Michael Douglas en Rick Bieber foar de filmstudio's Regency Enterprises, Alcor Films en Le Studio Canal+ út Frankryk. It wie dêrmei in Amerikaansk-Frânske ko-produksje. Foar de film wie in budget fan $22 miljoen beskikber. Senarioskriuwsters Nadine Schiff en Marcia Brandwynne wiene as útfierende produsinten by it projekt belutsen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ralf Bode, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Mark Isham.

De distribúsje fan Made in America waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 28 maaie 1993 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Op dyseldichste dei kaam ek it soundtrackalbum út.

Fan 'e filmkritisy krige Made in America oer it algemien negative resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times hie lykwols lof foar it aktearjen fan Whoopi Goldberg. Syn konklúzje wie: "Dit is gjin geweldige film, mar it is beslist in moaienien." Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Made in America in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 31%, basearre op 29 ûnderskate resinsjes.

Made in America brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada likernôch $50 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria nochris likernôch $54 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $104 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $22 miljoen betsjut dat in winst fan $82 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.