Springe nei ynhâld

Campbelldwerchhamster

Ut Wikipedy
campbelldwerchhamster
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai dwerchhamsters (Phodopus)
soarte
Phodopus campbelli
Thomas, 1905
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De campbelldwerchhamster of Campbells dwerchhamster (wittenskiplike namme: Phodopus campbelli) is in sûchdier út it skift fan de kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e hamsters (Cricetinae) en it skaai fan 'e dwerchhamsters (Phodopus), dat foarkomt yn Sintraal-Aazje, súdlik Sibearje en dielen fan East-Aazje. Wittenskiplike synonimen foar dizze soarte binne "Phodopus tuvinicus Orlov & Ischarova, 1974" en "Phodopus crepidatus Hollister, 1912". De campbelldwerchhamster wurdt gauris betize mei de Russyske dwerchhamster (Phodopus sungorus), mei't beide soarten wol Sibearyske of Dzjûngaarske hamsters neamd wurde. De campbelldwerchhamster is ferneamd nei W.C. Campbell, dy't op 1 july 1902 yn Mongoalje it earste eksimplaar fan dizze "nije" soarte fong.

Campbelldwerchhamsters komme foar yn Kazachstan, Mongoalje en dielen fan súdlik Sibearje, wêrûnder de autonome republiken Altai en Tûva. Yn Sina libje se yn dielen fan Sinkiang-Oeigoerje, Binnen-Mongoalje en Mantsjoerije, en teffens yn 'e noardeastlike provinsje Hebei.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De campbelldwerchhamster hat trochinoar in kop-romplingte fan 8-10 sm, mei in sturtlingte fan ⅓-1⅓ sm en in gewicht fan 25-80 g. Yn finzenskip wurde de bistkes grutter as yn it wyld, mei't it foer dat har minsklike eigners har foarsette, streksumer is as it kostje dat se yn frijheid sels byinoar sykje. De pels is sêft en ticht, en oerdekt it hiele lichem, de soallen fan 'e poaten ynbegrepen. Op 'e rêch is it hier griis mei in hast swarte streek dy't yn 'e lingterjochting oer de wringe rint, fan 'e nekke hast oan 'e sturt ta. It hier op 'e bealch is witich of ljochtgrizich, en de snút is wyt.

In campbelldwerchhamster dy't him oprjochtet op 'e efterpoaten.

Campbelldwerchhamsters hawwe klieren efter de earen dy't "rûkersguod" produsearje dêr't se har territoarium mei ôfsette. Krekt as oare soarten hamsters hawwe campbelldwerchhamsters wangpûden dy't se fluch folloegje kinne mei fretten om dat letter op in feiliger plak te beplúzjen. As se fol sitte, rikke dy wangpûden alhiel oan 'e skouderblêden ta, wat de beweging fan 'e kop beheint. De campbelldwerchhamster kin fan 'e nau besibbe Russyske dwerchhamster (Phodopus sungorus) ûnderskaat wurde troch syn lytsere earen en trochdat de swartige wringestreek by de Russyske dwerchhamster smeller en koarter is. Ek is it hier op 'e bealch fan 'e Russyske dwerchhamster witer as by de campbelldwerchhamster.

Campbelldwerchhamsters libje yn drûge biotopen, lykas steppen en healwoastinen. Teffens komme se foar yn beskate bercheftige gebieten, mar net op grutte hichte.

In campbelldwerchhamster.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De campbelldwerchhamster libbet yn hoalen ûnder de grûn dy't oant 1 m djip wêze kinne, mar ornaris net djipper binne as 20-30 sm. De wanden fan 'e hoalen wurde tsjin 'e winterkjeld beklaaid mei drûge gers of byinoar fandele skieppewol. Hoewol't campbelldwerchhamsters faak har eigen hoalen grave, binne se yn noardlik Mantsjoerije soms ynwenjend by de Dauryske fluithazze (Ochotona dauurica). Yn parten fan Mongoalje diele se soms in hoale mei soarten gerbilrotten fan it skaai Meriones, en yn Tûva wenje se wol yn by oare soarten hamsters, lykas de Sineeske dwerchhamster (Cricetulus griseus), de woastyndwerchhamster (Phodopus roborovskii) of de langsturtdwerchhamster (Cricetulus longicaudatus). Mei't dy in oar dieet hawwe as de campbelldwerchhamster fynt der dus gjin konkurrinsje om fretten plak. Fierders sykje campbelldwerchhamsters soms ek minsken op; sa kringe se by 't winter soms Mongoalske joerten binnen om waarm te bliuwen. Lykwols kinne de bistkes temperatueren fan hast –32° C oerlibje.

De campbelldwerchhamster is in min ofte mear monogaam libjend bistke, dat pearkes foarmet dy't yn prinsipe foar it libben byinoar bliuwe. De peartiid begjint yn Tûva yn april en yn Mongoalje om begjin maaie hinne. Dizze perioade einiget lykwols altyd om begjin oktober hinne, al kinne campbelldwerchhamsters har yn finzenskip it hiele jier rûn fuortplantsje. Yn it wyld wurde der lykwols mar 3-4 nêsten fan trochinoar 8 jongen jiers produsearre. Dat bart nei in draachtiid fan 18-20 dagen. Opmerklik is dat it mantsje gauris helpt by de befalling, troch de jongen út it bertekanaal te lûken sadree't er se by it nekfel pakke kin. Dêrnei makket er de jongen skjin en/of siket er fretten byinoar foar it wyfke. De jongen binne by de berte keal en blyn, en weagje likernôch 1½ g. Mei 1 wike binne se yn 'e regel al folslein behierre en mei 2 wiken kinne se sjen. De wyfkes binne mei 2 moannen geslachtsryp. Yn finzenskip kin de campbelldwerchhamster him fuortplantsje mei de Russyske dwerchhamster (Phodopus sungorus). De libbensferwachting fan campbelldwerchhamsters bedraacht yn finzenskip oant 2½ jier, wêrby't de wyfkes oansjenlik âlder wurde as de mantsjes. De campbelldwerchhamster hat fiif wichtige natuerlike fijannen: de oehoe, de steppe-earn, de steppefoks, de reade wikel en de sakerfalk.

In blauwe campbelldwerchhamster, in kleur dy't inkeld yn finzenskip foarkomt.

Hoewol't se yn prinsipe omnivoaren binne, libje campbelldwerchhamsters yn har natuerlike habitat suver allinnich mar fan plantaardich materiaal, mei dêropta noch wat wjirms en gravende ynsekten. Yn finzenskip krije se yn 'e regel streksumer fretten foarset, besteande út in mjuks fan drûge nôt, nuten en sied, oanfolle mei fruchten, grienten (boerekoal) en wylde planten (hynsteblommetiksels). Dêrnjonken litte se ek maitsen en wjirms net stean, dy't in heech aaiwytgehalte hawwe. As se as húsdier holden wurde, moat men campbelldwerchhamsters fierders ek noch wat hout jaan om op te gnaujen, mei't har kjiftosken, krektlyk as dy fan oare kjifdieren, nea ophâlde fan groeien, en dus allegeduerigen ôfsliten wurde moatte.

Fierders moatte guon dingen perfoarst net oan campbelldwerchhamsters opfuorre wurde, lykas sipels en knyflok, dy't giftich foar har binne, en molke, mei't folwoeksen eksimplaren laktoaze-yntolerant binne. Ek druven en rezinen kinne se net oer (fanwege it hege soergehalte), en kinne se tige siik fan wurde, sels oant de dea derop folget. Sûkelarje en oar kleverich spul, lykas nútsjesmoar (pindakaas), meie se graach oer, mar moat men se net jaan, want dat kin hurd wurde yn har wangpûden en dan ynfeksjes feroarsaakje dy't ek de dea ta gefolch hawwe kinne.

In campbelldwerchhamster.

De campbelldwerchhamster hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn romme ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en de populaasje grut en stabyl is. Der is gjin wiid fersprate bedriging bekend, al is troch de tanommen feehâlderij op 'e Sintraalaziatyske steppen it gefaar grutter wurden dat de hoalen fan campbelldwerchhamsters tichttrape wurde. Yn woastinige dielen fan it areaal is fierders ek de beskikberens fan wetter in saak in soarch. Yn Kazachstan hat de campbelldwerchhamster yn 2006 in beskerme status krigen. Sûnt de jierren sechstich is dit bist fral yn it Westen in populêr húsdier wurden.

Der bestiet teminsten ien bekende ûndersoarte fan 'e campbelldwerchhamster. Dat is Phodopus campbelli crepidatus, dy't yn 1912 troch de Amerikaanske biolooch Ned Hollister ûntdutsen en beskreaun waard yn it Altaiberchtme fan súdlik Sibearje. Oarspronklik waard dit bist as in aparte soarte beskôge, mar neier ûndersyk hat útwiisd dat it hjir om in ûndersoarte fan 'e campbelldwerchhamster giet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.