Springe nei ynhâld

Hetty Janssen

Ut Wikipedy
Hetty Janssen
Algemien
Folsleine namme Hetty Janssen
Berne 1 jannewaris 1954
Berteplak Breda
Funksje lid fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal
Sûnt 2023
Partij Partij fan de Arbeid/GrienLinks
Politike funksjes
2022 lid betrouwenskommisje foar werbeneaming KfdK
2022 ynformateur yn de gemeente Súdwest-Fryslân
2019-2022 fraksjefoarsitter PvdA yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân
2012-2018 bestjoerder / algemien direkteur fan De Waerden
2011-2022 lid Provinsjale Steaten fan Fryslân foar de PvdA
2010-2012 lid ried fan bestjoer fan it behannelsintrum Woodbrookers
2004-2007 direksjelid de Ried fan Bestjoer fan Het Poortje te Grins
2000-2004 algemien direkteur fan CBD-Fryslân
1993-2000 lid sintrale direksje fan skoallemienskip Slauerhof en Piter Jelles
1988-1993 direkteur fan Wissesdwingermavo yn Ljouwert
1971-1988 dosint natuerkunde, skiekunde, wiskunde en technyk

Hetty Janssen (Breda, 1 jannewaris 1954) is in Nederlânske politika fan de Partij fan de Arbeid (PvdA). Sûnt 2011 is sy steatelid. Sy waard yn 2019 fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Provinsjale Steaten. Sy is no lid fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal (2023).

Janssen hat har middelbere ûnderwiis ôfmakke yn 1971 op de Rijks HBS Breda, wêrnei't se Natoer - en Skiekunde oan de Ryksuniversiteit Utert studearre. Yn 1977 helle Janssen har diploma nei in doktoraaleksamen. Yn 1988 hat sy in managementoplieding dien op de Kristlike Hegeskoalle Windesheim[1] yn Swol.

Foardat se yn de polityk kaam, wurke sy as dosint natuerkunde, skiekunde, wiskunde en technyk (1976-1988).

Janssen hat dêrnei faak direkteur west by ferskate soarchynstellingen, âldereinsoarch, hendikeptesoarch en jeugdsoarch. Fan 1988 oant 1993 wie se direkteur fan Wissesdwingermavo yn Ljouwert.

Janssen wie ek lid fan de sintrale direksje fan de iepenbiere skoallemienskip Slauerhof en Piter Jelles (1993-2000).

Fan 2000-2004 wie se algemien direkteur fan CBD-Fryslân, Biblioteekservice-organisaasje yn Fryslân

En fan 2004 oant 2007 wie Janssen direksjelid fan de Ried fan Bestjoer fan Het Poortje te Grins en fan 2007 oant 2012 lid fan de Ried fan Bestjoer dêre.

Yn 2010 waard se lid fan 'e ried fan bestjoer fan it behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen; dat wie Janssen oant 2012.

Fan 2012 oant 2018 wie Janssen bestjoerder/algemien direkteur fan De Waerden.

Fan 2011 ôf wie Janssen lid út namme fan de PvdA yn Provinsjale Steaten fan Fryslân en sûnt 2019 oant 2022 fraksjefoarsitter.

Yn 2022 waard sy ynformateur yn de gemeente Súdwest-Fryslân nei de lêste gemeenteriedsferkiezingen.

Ek yn 2022 waard Janssen lid fan de betrouwenskommisje foar it op 'en nij beneamen fan de Kommissaris fan de Kening.

Yn 2021 -2022 wie Janssen lid fan de CLB-wurkgroep dy't him bûgde oer de tapassing fan de sosjaal-demokratyske wearden yn it domein fan it middenbestjoer. Dat late ta it essay De mens terug in het middenbestuur [2].

Hjoeddeistige bestjoersfunksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2009 is Janssen bestjoerslid fan de stichting ELF.

Sûnt 2018 is sy foarsitter fan it bestjoer fan Stichting Urgente Noden Friesland.

Sûnt 2019 is sy bestjoerslid fan de stichting Vrienden van de J.P. van den Bent stichting

Fan 2023 ôf sil Janssen lid wêze fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal en as lid fan de kombinearre fraksje[3] PvdA / Grien Links.

Hetty Janssen is al mei pensjoen. Yn 1976 is se troud. Yn 1981 hat sy in famke krige. Sy hat it Syndroom fan Down. De dochter is no folwoeksen en is troud mei in man dy't ek it syndroom fan Down hat.[4] En yn 1982 hat sy in jonge krige dy't ek troud is en twa bern hat. Oant en mei har 55e hat Janssen kuorballe.

  • Sjuerylid by it telefyzjeprogramma "Op weg naar een lagerhuis" (2012).
  • Mentor fan it programma Stem op een Vrouw (2020), dat is in stichting dy't him ynset om mear froulju yn politike funksjes te krijen.
  • Hetty Janssen is yn 2023 keazen as bêste steatelid fan de ôfrûne fjouwer jier.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.windesheim.nl/
  2. https://www.lokaalbestuur.nl/essay-middenbestuur
  3. https://nos.nl/nieuwsuur/artikel/2383490-achterban-pvda-en-groenlinks-alleen-samen-in-kabinet-maar-twijfel-over-rutte
  4. https://www.fryslan.frl/statenlid-in-beeld-hetty-janssen-pvda
  5. https://www.omropfryslan.nl/nl/nieuws/1199671/collegas-kiezen-hetty-janssen-pvda-als-beste-statenlid