Sicco Leendert Mansholt (Ulrum, 13 septimber 1908Wapserveen, 29 juny 1995) wie in Nederlânsk boer, politikus en fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich. Sicco Mansholt wie humanist en op beskate skaal warber yn it Humanistysk Ferbûn.

Sicco Mansholt
Sicco Mansholt yn 1967
Sicco Mansholt yn 1967
Algemien
Folsleine namme Sicco Leendert Mansholt
Berne 13 septimber 1908
Berteplak Ulrum
Stoarn 29 juny 1995
Plak fan ferstjerren Wapserveen
Partij SDAP (oant 1946)
PfdA (1946-1995)
Politike funksjes
1945-1958 minister fan Lânbou, Fiskerij en Itensfoarsjenning
1958-1972 Jeropeesk kommissaris út namme fan Nederlân
1972-1973 4e foarsitter fan de Jeropeeske Kommisje

Mansholt kaam út in sosjalistyske húshâlding fan Grinzer grutboeren, al wie syn mem in Friezinne fan It Hearrenfean. Syn heit Lambertus en pake Derk Roelof Mansholt stipen foarfjochters sa as Multatuli, Domela Nieuwenhuis en Troelstra.

Bioskoopsjoernaal út 1947. Mansholt is sprekker op in kongres yn Skeveningen fan de IFAP, in ynternasjonale organisaasje fan lânbouwers

Ferset en ministerskip

bewurkje seksje

Yn de oarlochsjierren wie Mansholt aktyf yn it ferset. Hy ferburch net allinnich ûnderdûkers yn de Wieringermarpolder; mar organisearre ek iten foar de westlike provinsjes. Mansholt waard daliks nei de befrijing omreden fan syn warberens yn it ferset lokoboargemaster fan de gemeente Wieringermar, dy't yn de oarloch ûnder wetter set waard troch de Dútsers.

In juny 1945 frege PvdA-premier Wim Schermerhorn Mansholt mei te dwaan oan it earste nei-oarlochske kabinet as minister fan Lânbou, Fiskerij en Fiedselfoarsjenning. Hy wie mei 37 jier de jongste minister. Hy waard oansteld fanwegen syn goede organisatoaryske kwaliteiten en hy waard frege om de fiedselfoarsjenning te befoarderjen, om't der op dat stuit noch mar foar ien wike iten yn Nederlân wie. Mei in krêftich ynkeapbelied, frijwat strange fiedseldistribúsje en behearsking fan de priis slagge it him de situaasje te stabilisearjen. Dêrby spile ek mei dat syn neef Stephanus Louwe Louwes de lieding oer it noch goed funksjonearjende direktoraat-generaal fan de Fiedselfoarsjenning hie.

Mansholt hat dielnaam oan seis regearings: Schermerhorn-Drees yn 1945; Beel yn 1946; Drees-Van Schaik yn 1948, en noch trije kabinetten Drees: Kabinet-Drees I yn 1951, Kabinet-Drees II yn 1952 en Kabinet-Drees III yn 1956. As minister wie er letter dwaande mei it modernisearjen fan de lânbou. Hy sette útein mei in nauwe gearwurking mei de Stifting foar de Lânbou (yn 1954 werneamd ta it Lânbouskip (Landbouwschap)) en stelde garandearre minimumprizen fêst foar de wichtichste Nederlânske lânbouprodukten, kombinearre mei de ynfiering fan ymportheffingen en fergoedigjen (restitúsjes) foar eksportprodukten. Om de produktiviteit te ferheegjen, waard ek in soad jild stutsen yn ûndersyk en ûnderwiis en sette er yn op skaalfergrutting. Syn belied liet syn sosjaal-demokratyske ynslach dúdlik sjen; hy woe dat eltse goedbuorkjende boer, lykas as yn oare bedriuwstûken, rjocht hie op in goed bestean, fakânsje en de mooglikheid om him kultureel te ûntjaan.

Mansholt hie it ekonomysk tij mei en krige mei dêrtroch mar in bytsje krityk, sels lof foar syn belied fan de boere-organisaasjes, dy't meast part wienen fan de kristlike partijen. Op kongressen fan de Pvda liet er wol dúdlik syn foarleafde foar de sosjalistyske grûnpolityk blike, mar as lid fan it regear socht er altyd it kompromis. Yn de ministerried stie er foar syn boeresaak en gie er konfrontaasjes net út de wei. Bygelyks wienen de begruttingsûnderhannelingen tige wichtich foar him; syn úthâldingsfermogen yn dy saken wie hast legindarysk.

Begjin jierren '50 begûn syn súksefolle lânboubelied der wat by yn te sjitten doe't oare lannen beskermjende maatregels foar harren lânbou namen. Mansholt krige doe foar it earst in mienskiplike Jeropeeske merk yn 't sin, dy't ek wol as de Green Pool oantsjutten waard. Syn ydeeën krigen lykwols fanwegen ynterne tsjinstellingen yn Jeropa mar in bytsje steunlyk, dat de ûnderhannelings hjiroer roannen op neat út yn 1953. Mansholt wie der lykwols fan oertsjûge dat in Jeropeeske merk de takomst hie en wie yn de Nederlânske rie fan ministers in fûl foarstanner fan Jeropeeske yntegraasje. Hy krige op 9 oktober 1956 fan de Lânbou Hegeskoalle yn Wageningen in earedoktoraat foar syn fertsjinten. Om dy tiid hinne rekke de lânbou lykwols wat yn it delgean en krige Mansholt yn de Twadde Keamer faak it ferwyt dat it syn skuld wie omdat er mear krewearje soe foar Jeropeesk- as nasjonaal lânboubelied. Syn politike tsjinstanner ferwiten him fierders dat syn klankboerd fan politike adviseurs, om kontakt mei syn doelgroep te hâlden, meast PvdA-ers, harren tefolle mei de polityk 'bemuoiden'. As lêste waard syn posysje yn it kabinet noedlik út reden fan syn 'ôfwikende opfettings' en de solo-aksjes dy't er útfierde. Doe't Mansholt lang om let syn Jeropeeske funksje besette, soe Willem Drees tsjin in kollega sein hawwe "Lokkichernôch binne wy him eindlik kwyt".

Jeropeeske Kommisje

bewurkje seksje

Yn 1958 waard Mansholt ien fan de kommissarissen fan de krekt oprjochte Jeropeeske Kommisje en arbeide hy as lânboukommissaris oan de modernisearing fan de Jeropeeske lânbou. Mansholt wie de geastlike heit fan it Miene Lânboubelied. Subsidiëaring fan de lânbou wie foar Mansholt in oplossing foar it tradisjonele sosjalistyske fraachstik ta hokker sosjale klasse de agraryske befolking heard (de Agrarfrage). De subsydzjes soene fan boeren arbeiders meitsje, miende Mansholt, omdat se in fêst ynkommen hawwe soenen; sa soenen hja meidwaan kinne oan dielen fan de boargerlike kultuer dy't foar arbeiders iepen stie, bygelyks fakânsjes.

As lânboukommissaris wie Mansholt de sintrale figuer yn Brussel. Fan syn tredde en lêste kommisje (1968 - 1973) wie er ek fice-foarsitter. Doe't foarsitter Malfatti yn 1972 ôfgie om gadingmakker te wurden foar it Italjaanske kabinet, waard er 7 moannen lang foarsitter fan de Jeropeeske Kommisje.

Yn it ôfgean

bewurkje seksje

Yn de perioade nei syn pensjonearing waard er sterk beynfloede troch de Klup fan Rome. Mansholt krige spyt fan syn ynfiering fan de lânbousubsydzjes en skaalfergrutting. Lykwols koe er it neitiids net mear keare, ûnder oaren troch it ferset fan in grut tal boeren dy't wilens ôfhinklik wurden wiene fan subzydzje út Brussel.

fan 1984 oant 1989 wie Sicco Mansholt foarsitter fan it Humanistysk Fredesberie (HVB).

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedia nl:, Sicco Mansholt