Sapporo
Sapporo (札幌市,Sapporo-shi) is de haadstêd fan de Japanske prefektuer Hokkaido en fan de subprefektuer Ishikari . Op 1 april 2008 hie de stêd 1.893.547 ynwenners. De befolkingstichtens wie 1680 ynw./km². It oerflak fan de stêd is 1121,12 km². De stêd waard stifte yn 1869. De namme komt út de taal fan de Ainû, de oarspronklike bewenners fan Hokkaido, en betsjut 'grut drûch lân', of 'wichtige rivier dy't troch de flakte streamt'. Op 1 april 1972 waard Sapporo in dekretaal designearre stêd.
Sapporo | ||
Bestjoer | ||
Lân | Japan | |
Prefektuer | Hokkaido | |
Subprefektuer | Ishikari | |
Boargemaster | Fumio Ueda | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.946.313 (maart 2017) | |
Oerflak | 1121,12 km² | |
Befolkingsticht. | 1736 ynw./km2 | |
Oar | ||
Stifting | 1869 | |
Postkoade | 〒060-8611 | |
Offisjele webside | ||
Sapporo |
Yn 1972 waarden in Sapporo de Olympyske Winterspullen hâlden. Sapporo wie ek kandidaat foar de Olympyske Winterspullen fan 2014, mar luts him yn 2006 werom, 'troch in gebrek oan finansjele middels', neffens boargemaster Fumio Ueda.
Alle jierren fynt hjirre yn febrewaris, it troch miljoenen besochte sniefestival plak, bekend troch de tige grutte gebouwen dy't fan iis en snie oplutsen wurden.
Der komme houtprodukten en it bekende Sapporo-bier wei.
Wiken
bewurkje seksjeSapporo hat 10 wiken (ku) :
Ferkear en ferfier
bewurkje seksje- Mei it fleantúch - lofthaven New Chitose fersoarget binnenlânske- en bûtenlânske linetsjinsten foar de regio.
- Mei de trein - it station Sapporo is it wichtichste ferfiersknooppunt yn de stêd en ek in spoarweiknooppunten fan Hokkaido. Het stasjon is ferbûn mei de metro fan Sapporo en lei oan de folgjende spoarlinen:
- Hakodate-haadline
- Chitose-line
- Sassho-line
- Hokkaido Shinkansen (takomst)
Dy spoarlinen binne fan de Hokkaido Railway Company.
- Mei de metro en tram - Sapporo krige yn 1971 as fjirde stêd fan it lân in metro. Op de trije linen fan de metro ride bannemetro's. Yn it sintrum wurdt ek in tramline eksploitearre troch it stêdsferfiersbedriuw.
- Mei de auto - Sapporo leit oan de Dōō-autodyk, de Sasson-autodyk en oan de autodiken 5, 12, 36, 230 231, 274, 275, 337 en 453.
Berne
bewurkje seksje- Chuhei Nambu (1904-1997), atleet
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webstee
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sapporo, Hokkaido fan Wikimedia Commons. |