Robert A. Heinlein
Robert A. Heinlein (folút: Robert Anson Heinlein; Butler (Missoury), 7 july 1907 – Carmel (Kalifornje), 8 maaie 1988) wie in Amerikaansk skriuwer fan 32 science fiction-romans en 59 novelles en koarte ferhalen fan dat sjenre. Fierders wied er ek essayist en senarioskriuwer. Hy wie ien fan 'e ynfloedrykste en kontroversjeelste science fiction-skriuwers út syn tiid, en makke ûnder syn karriêre gebrûk fan ferskate pseudonimen, lykas Anson MacDonald, Lyle Monroe, John Riverside, Caleb Saunders en Simon York. Heinlein ûnderboude syn ferhalen mei in wittenskiplike en technologyske oannimlikens dy't sûnt de standert wurden is fan (kwalitatyf goede) science fiction, en holp dêrmei om it sjenre ta echte literatuer te ferheffen. Tema's dy't yn syn wurk almar wer weromkomme binne it belang fan yndividuële frijheid en selsfoarsjendheid. As ien fan 'e bêst ferkeapjende science fiction-auteurs fan syn tiid wûn Heinlein fjouwer Hugo Awards, de meast prestizjeuze priis foar science fiction-literatuer, wylst er fyftich jier nei de publikaasje fan trije fan syn wurken noch trije saneamde Retro Hugo's takend krige (dy't mei weromwurkjende krêft útrikt waarden foar jierren dat der gjin Hugo Awards bestiene).
Robert A. Heinlein | ||
skriuwer | ||
Robert A. Heinlein, hjir dwaande mei it synjearjen fan syn boeken (1976). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Robert Anson Heinlein | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 7 july 1907 | |
berteplak | Butler (Missoury) | |
stoarn | 8 maaie 1988 | |
stjerplak | Carmel (Kalifornje) | |
etnisiteit | Dútsk Ingelsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | SF, jeugdliteratuer, essay's, non-fiksje | |
bekendste wurk(en) |
Have Space Suit—Will Travel Starship Troopers Stranger in a Strange Land The Moon Is a Harsh Mistress Time Enough for Love | |
útjouwer | Orb Books | |
prizen | 4x Hugo Award 3x Retro Hugo 1x Locus Award | |
jierren aktyf | 1939 – 1988 | |
offisjele webside | ||
www.heinleinsociety.org |
Libben
bewurkje seksjeHeinlein waard berne as de soan fan 'e boekhâlder Rex Ivar Heinlein en dy syn frou Bam Lyle, yn it plakje Butler, yn 'e steat Missoury, mar groeide op yn 'e grutte stêd Kansas City, yn Missoury, yn in fermidden dat kwa opfettings sterk ûnder ynfloed stie fan 'e Amerikaanske Bibelgurdle. Nei't er de middelbere skoalle ôfrûne hie, gied er nei de Amerikaanske Marine-akademy, te Annapolis, yn 'e steat Marylân, dêr't er yn 1929 ôfstudearre mei in graad yn technyske wittenskippen. Datselde jiers troude er yn Los Angeles mei Elinor Curry, dy't ek ôfkomstich wie út Kansas City, mar it houlik duorre mar in jier, en einige yn in skieding. Heinlein tsjinne fan 1931 ôf op ferskillende marineskippen, mar waard yn 1934 earfol ûntslein om't er tuberkuloaze oprûn hie. Underwilens wied er yn 1932 op 'e nij troud, diskear mei Leslyn MacDonald (1904-1981), dy't der krekt as hysels "radikale" (yn 'e Amerikaanske kontekst wol dat sizze: "linkse") politike ideeën op nei hold.
Doe't er nei in lang ferbliuw yn it sikehûs wer fierhinne opbettere wie, ûnderhold Heinlein himsels mei alderhanne wurk, wêrûnder makkelderij en sulvermynbou, wylst er ek polityk aktyf wie foar de Demokratyske Partij yn Kalifornje. Nei't er him yn 1938 om 'e nocht sels kandidaat steld hie foar it steatsparlemint, begûn er science fiction-ferhalen te skriuwen om syn skulden ôf te beteljen. It earste ferhaal dêr't er jild mei fertsjinne, Life-Line, waard yn augustus 1939 publisearre yn it tydskrift Astounding Science-Fiction. Hoewol't er ûnder de Twadde Wrâldoarloch weromkearde by de Amerikaanske marine, as aeronautysk yngenieur (op 'e marinewerf yn Philadelphia), hied er ûntdutsen dat er talint foar en aardichheid oan skriuwen hie, en sette er syn karriêre as auteur fuort. Dêrnjonken fielde er him troch it atoombombardemint fan Hiroshima en Nagasaki en it begjin fan 'e Kâlde Oarloch oanfitere om non-fiksje te skriuwen oer politike ûnderwerpen. Mei it koarte ferhaal The Green Hills of Earth, dat er yn febrewaris 1947 as earste yn in rige fan fjouwer publisearre yn it blêd The Saturday Evening Post, briek Heinlein as earste Amerikaanske science fiction-skriuwer út it saneamde "pulp-getto" troch nei literatuer.
Heinlein wie ûnderwilens yn 1947 skieden fan Leslyn MacDonald, en op 21 oktober 1948 stapte er foar de trêde kear yn it houliksboatsje, no mei Virginia "Ginny" Gerstenfeld, mei wa't er oan syn dea ta troud bliuwe soe. Se setten harren nei wenjen yn 'e steat Kolorado, mar yn 1965 krige Virginia medyske klachten dy't feroarsake waarden troch de hichte fan harren wenplak, yn 'e Rocky Mountains, dat doe ferfearen se nei Santa Cruz, yn Kalifornje, en letter nei it deunbye Bonny Doon, dêr't se eigenhandich in folslein rûn hûs bouden (ien fan Heinlein syn hobbys wie mitseljen). Virginia hie in grutte ynfloed op Heinlein; hja wie de earste dy't syn manuskripten lies en tsjinne as model foar withoefolle fan 'e yntelliginte, fûleindich selsstannige en gauris readhierrige froulike personaazjes yn syn boeken. Boppedat miende Heinlein syn freon en kollega-science fiction-skriuwer Isaac Asimov dat Heinlein yn polityk opsjoch in skuor nei rjochts makke nei't er mei har troud wie. Heinlein syn Tramp Royale befettet twa wiidweidige apologyen foar de heksejacht op Amerikaanske kommunisten en sosjalisten troch senator Joseph McCarthy, en yn 1964 setten Heinlein en de frou harren aktyf yn foar de kampanje fan 'e Republikeinske presidintskandidaat Barry Goldwater.
Yn 1950 wûn de film Destination Moon, dêr't Heinlein it senario foar skreaun hie, in Oskar foar special effects. Fierders sette er dat jiers útein mei it skriuwen fan in rige science fiction-romans foar tiners. Heinlein skromme net om ek yn dy boeken syn eigen, almar fierder nei rjochts opskowende politike ideeën te fentilearjen. Yn 1959 waard syn (letter troch Paul Verhoeven loskes ferfilme) Starship Troopers troch syn wenstige útjouwerij Charles Scribner's Sons ôfwiisd fanwegen de kontroversjele polemyk. Dêrop socht en fûn Heinlein in oare útjouwer en hold er op mei jeugdliteratuer te skriuwen. Syn wurk fan nei dy tiid omfettet guon fan syn bêste romans, lykas Stranger in a Strange Land (1961) en The Moon Is a Harsh Mistress (1966).
Fan 1970 ôf kampte Heinlein mei sûnensproblemen, te begjinnen mei in libbensbedriigjende oanfal fan búkfluesûntstekking, dêr't er mear as twa jier fan oan it opbetterjen wie. Sadree't er him goed genôch fielde om te skriuwen, sette er útein mei Time Enough for Love (1973), dêr't er in soad fan 'e tema's út syn lettere wurk yn yntrodusearre. Wylst er mei de frou op fakânsje wie op Tahity, krige Heinlein in TIA. De moannen dêrnei begûn er him almar wurger te fielen. It probleem waard op 't lêst identifisearre as in blokearre halsslachier, en hy ûndergie ien fan 'e earste bypass-operaasjes oan 'e halsslachier dy't ea útfierd wiene. Nei de operaasje begûn er him wer fit te fielen, en hy skreau noch fiif romans foar't er op 8 maaie 1988 yn 'e âlderdom fan tachtich jier yn syn sliep ferstoar oan longemfyseem en hertfalen, feroarsake troch syn ferslaving oan smoken.
Wurk
bewurkje seksjeScience fiction
bewurkje seksje- romans
- Beyond This Horizon, 1948 (earst as fúljeton yn 1942, ûnder it pseudonym Anson MacDonald)
- Sixth Column, 1949 (alt. titel: The Day After Tomorrow; earst as fúljeton yn 1942, ûnder it pseudonym Anson MacDonald)
- The Puppet Masters, 1951 (postúm werútjûn yn 1990 mei fuortsniene stikken wer teplak set)
- Double Star, 1956 (bekroand mei in Hugo Award foar bêste roman)
- The Door into Summer, 1957
- Methuselah's Children, 1958 (oarspronklik in as fúljeton ferskynde novelle, út 1941)
- Stranger in a Strange Land, 1961 (bekroand mei in Hugo Award foar bêste roman; werútjûn yn langere, oarspronklike foarm yn 1991)
- Orphans of the Sky, 1963 (roman opboud út de novelles Universe en Common Sense, beide út 1941)
- Glory Road, 1963 (nominearre foar in Hugo Award foar bêste roman)
- Farnham's Freehold, 1965
- The Moon Is a Harsh Mistress, 1966 (bekroand mei in Hugo Award foar bêste roman)
- I Will Fear No Evil, 1970
- Time Enough for Love, 1973 (nominearre foar in Nebula Award, in Locus Award en in Hugo Award foar bêste roman)
- The Number of the Beast, 1980
- Friday, 1982 (nominearre foar in Nebula Award, in Locus Award en in Hugo Award foar bêste roman)
- Job: A Comedy of Justice, 1984 (nominearre foar in Nebula Award en in Hugo Award en bekroand mei in Locus Award foar bêste roman)
- The Cat Who Walks Through Walls, 1985
- To Sail Beyond the Sunset, 1987
- For Us, The Living: A Comedy of Customs, 2003 (skreaun yn 1939, postúm publisearre)
- Variable Star, 2006 (roman fan Spider Robinson op grûn fan in plotbeskriuwing fan 8 siden troch Heinlein, út 1955)
- jeugdromans
- Rocket Ship Galileo, 1947
- Space Cadet, 1948
- Red Planet, 1949
- Between Planets, 1951
- The Rolling Stones, 1952 (alt. titel: Space Family Stone)
- Farmer in the Sky, 1953 (earst yn in beheinde ferzje as fúljeton yn 1950, ûnder de titel "Satellite Scout"; bekroand mei in Retro Hugo foar bêste roman)
- Starman Jones, 1953
- The Star Beast, 1954
- Tunnel in the Sky, 1955
- Time for the Stars, 1956
- Citizen of the Galaxy, 1957
- Have Space Suit—Will Travel, 1958 (nominearre foar in Hugo Award foar bêste roman)
- Starship Troopers, 1959 (bekroand mei in Hugo Award foar bêste roman)
- Podkayne of Mars, 1963
- koarte ferhalen en novelles
- Life-Line, 1939
- Let There Be Light, 1940
- Misfit, 1939
- The Roads Must Roll, 1940
- Requiem, 1940
- If This Goes On—, 1940 (earste novelle)
- Coventry, 1940
- Blowups Happen, 1940
- Magic, Inc., 1940 (alt. titel: The Devil Makes the Law)
- Solution Unsatisfactory, 1940 (as Anson MacDonald)
- Let There Be Light, 1940 (as Lyle Monroe)
- Successful Operation 1940 (alt. titel: Heil!; as Lyle Monroe)
- Universe, 1941
- —We Also Walk Dogs 1941 (as Anson MacDonald)
- Common Sense, 1941
- Methuselah's Children, 1941 (útwreide en as roman publisearre yn 1958)
- Logic of Empire, 1941
- They, 1941
- —And He Built a Crooked House—, 1941
- By His Bootstraps, 1941 (as Anson MacDonald)
- Lost Legacy, 1941 (alt. titel: Lost Legion; as Lyle Monroe)
- Elsewhen, 1941 (alt. titel: Elsewhere; as Caleb Saunders)
- Beyond Doubt, 1941 (as Lyle Monroe, mei Elma Wentz)
- The Unpleasant Profession of Jonathan Hoag, 1942 (as John Riverside)
- Waldo, 1942 (as Anson MacDonald)
- My Object All Sublime, 1942 (as Lyle Monroe)
- Goldfish Bowl, 1942 (as Anson MacDonald)
- Pied Piper, 1942 (as Lyle Monroe)
- Space Jockey, 1947
- It's Great to Be Back!, 1947
- The Green Hills of Earth, 1947
- Jerry Was a Man, 1947
- Columbus Was a Dope, 1947 (as Lyle Monroe)
- On the Slopes of Vesuvius, 1947
- Ordeal in Space, 1948
- The Long Watch, 1948
- Gentlemen, Be Seated!, 1948
- The Black Pits of Luna, 1948
- Our Fair City, 1948
- Delilah and the Space Rigger, 1949
- Gulf, 1949
- Nothing Ever Happens on the Moon, 1949
- The Man Who Sold the Moon, 1950, (bekroand mei in Retro Hugo foar bêste koarte ferhaal)
- Destination Moon, 1950 (koart ferhaal; datselde jiers noch omwurke ta it senario foar de film mei deselde namme)
- The Year of the Jackpot, 1952
- Project Nightmare, 1953
- Sky Lift, 1953
- The Menace From Earth, 1957
- Tenderfoot in Space, 1956 (as fúljeton yn 1958)
- The Man Who Traveled in Elephants, 1957 (alt. titel: The Elephant Circuit)
- —All You Zombies—, 1959
- Searchlight, 1962
- Free Men, 1966 (skreaun yn 1946)
Oare fiksje
bewurkje seksje- koarte ferhalen en novelles
- A Bathroom of Her Own, 1946
- Water Is for Washing, 1947
- They Do It with Mirrors, 1947 (as Simon York)
- Poor Daddy, 1949
- Cliff and the Calories, 1950
- The Bulletin Board, 1951
- gedichten
- Dance Session, 1946 (leafdesdicht)
- The Witch's Daughter, 1946
Ferhalebondels en omnibusedysjes
bewurkje seksje- ferhalebondels
- The Man Who Sold the Moon, 1950
- Waldo & Magic, Inc., 1950
- The Green Hills of Earth, 1951
- Assignment in Eternity, 1953
- Revolt in 2100, 1953
- The Robert Heinlein Omnibus, 1958
- The Menace From Earth, 1959
- The Unpleasant Profession of Jonathan Hoag, 1959 (alt. titel: 6 X H)
- Three by Heinlein, 1965
- A Robert Heinlein Omnibus, 1966
- The Worlds of Robert A. Heinlein, 1966
- The Past Through Tomorrow, 1967
- The Best of Robert A. Heinlein, 1973
- Expanded Universe, 1980
- Off the Main Sequence, 2005
- omnibusedysjes
- A Heinlein Trio, 1980 (omnibus fan The Puppet Masters, Double Star en The Door Into Summer)
- The Fantasies of Robert A. Heinlein, 1999 (omnibus fan Waldo & Magic, Inc. en The Unpleasant Profession of Jonathan Hoag)
- Infinite Possibilities, 2003 (omnibus fan Tunnel in the Sky, Time for the Stars en Citizen of the Galaxy)
- To the Stars, 2004 (omnibus fan Between Planets, The Rolling Stones, Starman Jones en The Star Beast)
- Four Frontiers, 2005 (omnibus fan Rocket Ship Galileo, Space Cadet, Red Planet en Farmer in the Sky)
- Outward Bound, 2006 (omnibus fan Have Space Suit—Will Travel, Starship Troopers en Podkayne of Mars)
Non-fiksje
bewurkje seksje- No Bands Playing, No Flags Flying, 1973 (skreaun yn 1947)
- 2 artikels foar de Encyclopædia Britannica oer Paul Dirac en antymatearje, en oer bloedûndersyk)
- Spinoff, in artikel oer de kommersjalisaasje fan útfinings dy't dien binne foar en troch de NASA en it Amerikaanske romtefeartprogramma, publisearre yn it tydskrift Omni, yn 1980
- Grumbles from the Grave, 1989 (postúm, semy-autobiografysk)
- Take Back Your Government: A Practical Handbook for the Private Citizen, 1992 (oarspronklike titel: How To Be A Politician)
- Tramp Royale, 1992 (reisferhaal)
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
1950 | Retro Hugo Award | wûn | bêste koarte ferhaal | The Man Who Sold the Moon |
wûn | bêste roman | Farmer in the Sky | ||
1951 | Retro Hugo Award | wûn | bêste dramatisearre produksje, lange foarm | Destination Moon |
1956 | Hugo Award | wûn | bêste roman | Double Star |
1959 | Hugo Award | nominearre | bêste roman | Have Space Suit―Will Travel |
1960 | Hugo Award | wûn | bêste roman | Starship Troopers |
1962 | Hugo Award | wûn | bêste roman | Stranger in a Strange Land |
1964 | Hugo Award | nominearre | bêste roman | Glory Road |
1967 | Hugo Award | wûn | bêste roman | The Moon Is a Harsh Mistress |
1973 | Nebula Award | nominearre | bêste roman | Time Enough for Love |
1974 | Hugo Award | nominearre | bêste roman | Time Enough for Love |
Locus Award | nominearre | bêste roman | Time Enough for Love | |
Science Fiction Writers of America | wûn | beneaming ta "grutmaster" | n.f.t. | |
1978 | Seiun-priis (Japansk) | wûn | bêste oersette lange fiksje | I Will Fear No Evil |
1983 | Hugo Award | nominearre | bêste roman | Friday |
Locus Award | nominearre | bêste roman | Friday | |
Nebula Award | nominearre | bêste roman | Friday | |
Prometheus Award | nominearre | n.f.t. | Friday | |
wûn | Prometheus Hall of Fame Award (dield 1ste plak mei Ayn Rand, Atlas Shrugged) | The Moon Is a Harsh Mistress | ||
1984 | Nebula Award | nominearre | bêste roman | Job: A Comedy of Justice |
1985 | Hugo Award | nominearre | bêste roman | Job: A Comedy of Justice |
Locus Award | wûn | bêste roman | Job: A Comedy of Justice | |
1987 | Prometheus Award | wûn | Prometheus Hall of Fame Award (dield 1ste plak mei Ayn Rand, Anthem) | Stranger in a Strange Land |
1989 | Prometheus Award | nominearre | n.f.t. | To Sail Beyond the Sunset |
1996 | Prometheus Award | wûn | Prometheus Hall of Fame Award | Red Planet |
1997 | Prometheus Award | wûn | Prometheus Hall of Fame Award | Methuselah's Children |
1998 | Prometheus Award | wûn | Prometheus Hall of Fame Award | Time Enough for Love |
Science Fiction and Fantasy Hall of Fame | ynhuldige as lid | n.f.t. | n.f.t. | |
2003 | Prometheus Award | wûn | Prometheus Hall of Fame Award | Requiem |
2013 | Hall of Famous Missourians | ynhuldige as lid | n.f.t. | n.f.t. |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Other Sources, op dizze side.
|