Papieren fleanmasine

In papieren fleanmasine is in boartersfleanmasine makke fan papier.

Tearhantlieding

Tearde fleanmasines

bewurkje seksje

It populêrst binne papieren fleanmasines dy't út ien stik papier teard binne, feitliks in ienfâldige foarm fan tearkeunst. Hast eltsenien kin sa'n fleanmasine teare, en dy yn de loft goaie om te sjean hoe fier of hoe lang at dy fleane kin.

  • It langst ea hat in papieren fleanmasine fan Ken Blackburn flein; op 8 oktober 1998 bleau syn fleanmasine 27,6 sekonden yn 'e loft.
  • It fierst ea hat in papieren fleanmasine fan Tony Feltch flein; op 21 maaie 1985 kaam syn fleanmasine 193 foet fier.

Printe fleanmasines

bewurkje seksje

Njonken tearde papieren fleanmasines binne der ek fleanmasines dy't boud binne út hurd, kartoneftich papier, faak mei it úterlik fan in fleanmasine der op printe.

De grutste papieren fleanmasine is yn 1995 boud troch studinten fan de Technyske Universiteit Delft. De fleanmasine wie 14 meter breed oer de wjokken, en op 16 maaie 1995 hat er 34,80 meter flein.

Keppeling om utens

bewurkje seksje