It Koreaansk (Koreaansk (Súd-Koreä): 한국어, Hangugeo, of (Noard-Koreä): 조선말, Chosŏnmal) is de offisjele taal fan Súd-Koreä, Noard-Koreä en, njonken it Sineesk, teffens fan 'e Koreaanske Autonome Prefektuer Yanbian, yn noardeastlik Sina. Wrâldwiid wurdt it sprutsen troch likernôch 78 mijoen minsken. It is oerlevere fan 'e fjirde iuw ôf yn it Sineeske skrift, oanfolle troch guon fonetyske skriftfoarmen (hyangchal, gugyeol en idu), en fan 1443 ôf yn it lânseigen hangûl-skrift, al waard dat pas yn 'e tweintichste iuw foar algemien gebrûk ynfierd, mei't de Koreaanske adel de foarkar joech oan Sineeske karakters.

Koreaansk
algemien
eigen namme 한국어 (Hangugeo)
조선말 (Chosŏnmal)
lânseigen yn Súd-Koreä
Noard-Koreä
Sina
Ruslân
Japan
Kazachstan
Kirgyzje
Oezbekistan
Tadzjikistan
Turkmenistan
tal sprekkers 78 miljoen
skrift hangûl
taalbesibskip
taalfamylje Altaysk (omstriden)
   ● Koreaansk
      ● Koreaansk
dialekten Djedjûaansk (omstriden) e.o.
taalstatus
offisjele status Súd-Koreä
Noard-Koreä
Sina:
   ● Jilin:
      ● Yanbian
erkenning as
minderheidstaal
Kazachstan
Kirgyzje
Oezbekistan
taalkoades
ISO 639-1 ko
ISO 639-2 kor
ISO 639-3 kor

De measte taalkundigen klassifisearje it Koreaansk as in isolearre taal, al bestiet der in kontroversjele teory dy't it besiket yn it passen yn 'e Altayske taalfamylje. Dêrby moat oantekene wurde dat it Djedjûaansk, dat op it grutte eilân Djedjû (of Jeju), yn 'e Japanske See, sprutsen wurdt, safier fan it Standertkoreaansk ôf stiet dat it eins as in selsstannige taal beskôge wurde moat, ek al sjocht it Súdkoreaanske regear it simpelwei as in dialekt. It Koreaansk hat in agglutinearjende morfology, wat betsjut dat it bykommende begripen in soad as foar-, tusken- en efterheaksels yntegrearret yn it haadbegryp.