De konifearen of nullebeammen (wittenskiplike namme: Pinophyta of Coniferae of soms Coniferophyta) foarmje in klasse fan it ryk fan 'e planten (Plantae), it ûnderryk fan 'e lânplanten (Embryophyta), de boppestamme fan 'e faskulêre planten (Tracheophyta), de stamme fan 'e blêdplanten (Euphyllophyta), de boppeklasse fan 'e siedplanten (Spermatophyta) en de ynformele taksonomyske groep fan 'e neakensieddigen (Gymnospermae). Dit binne houtige planten wêrfan't de measten beammen binne en inkelen strewellen. Ta dizze stamme hearre yn totaal 7 famyljes en 68 ferskillende skaaien, dy't besteane út likernôch 630 libbene soarten, wêrûnder de dinnen, spjirren, lieren, seders, sipressen, taksen, jeneverbeibeammen en mammoetbeammen.

konifearen
In nullewâld yn noardlik Kalifornje.
In nullewâld yn noardlik Kalifornje.
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
(sûnder rang): draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: faskulêre planten (Tracheophyta)
stamme: blêdplanten (Euphyllophyta)
(sûnder rang): ranke planten (Lignophyta)
boppeklasse: siedplanten (Spermatophyta)
(ynformeel): neakensieddigen (Gymnospermae)
klasse: konifearen (Pinophyta)
Cronquist, Takhtajan & W. Zimmermann, 1996
In mammoetbeam.

De konifearen wurdt meastal omskreaun as nullebeammen, al hawwe net alle soarten nullen, mei't guon skobbige blêden hawwe. Likegoed foarmet dizze stamme ien fan 'e beide grutte ynformele groepen dêr't beammen ornaris yn ferdield wurde, en wêrby't er foar de leafbeammen oer steld wurdt. Behalven dat leafbeammen platte, brede blêden hawwe en konifearen net, wurdt gauris sein dat it oare grutte ferskil tusken dy groepen is dat de leafbeammen hjerstmis har blêdte falle litte, wylst de konifearen har nullen of skobben behâlde. Mar dat is net alhiel wier, mei't beskate konifearen, lykas de liere, de wettersipres en de moerassipres oan it begjin 'e winter har nullen ferlieze.

Hoewol't it tal soarten konifearen yn ferhâlding ta it planteryk as gehiel relatyf lyts is, binne dizze beammen fan withoe grut belang foar de wrâldekology. Konifearen binne de dominante plantesoarten yn ûnbidige gebieten, fral yn 'e nullewâldsône fan it noardlik healrûn (Skandinaavje, Sibearje, Alaska en Kanada), mar teffens yn soartgelikens klimaatsônes op it súdlik healrûn (fral yn súdlik Sily en Argentynsk Patagoanje) en yn 'e hegere berchtmen yn oare dielen fan 'e wrâld. In soad konifearen binne goed oanpast oan winterwaar, û.m. troch har kegelfoarm en ôfhingjende tûken, dy't it maklik meitsje om snie fuortglydzje te litten foar't it sniedek sa swier wurdt dat de beam derûnder beswykt. In protte soarten feroarje yn it winterseizoen har biogemy ek, sadat se minder maklik befrieze, in ferskynsel dat wol "behurding" neamd wurdt.

Hoewol't de tropyske reinwâlden, dy't út leafbeammen besteane, mear biodiversiteit hawwe en soerstof oanmeitsje, helje de ûnbidige boreäle nullewâlden mear koalstofdiokside út 'e atmosfear wei. Dêrnjonken binne se ek fan grutte ekonomyske wearde, yn it foarste plak as helpboarne dy't eksploitearre wurde kin troch de hout- en papieryndustry. It hout fan konifearen wurdt sêfthout neamd (yn tsjinstelling ta hurdhout, dat fan leafbeammen komt).

Stamme-opbou

bewurkje seksje
 
Konifearen yn Turkije.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.