John Miles (muzikant)
John Miles berne as John Errington (Jarrow, 23 april 1949 - Newcastle upon Tyne, 5 desimber 2021) wie in Ingelsk muzikant. Hy waard yn 1976 wrâldferneamd mei it nûmer Music (was my first love).
John Miles (muzikant) | ||
sjonger en/of muzikant | ||
John Miles (2016) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | John Errington | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 23 april 1949 | |
berteplak | Jarrow | |
stoarn | 5 desimber 2021 | |
stjerplak | Newcastle upon Tyne | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Toetsen & Gitaar | |
jierren aktyf | 1970-2021 |
Karriêre
bewurkje seksjeOp jonge jierren learde John piano en gitaar spyljen. Op syn achttjinde spile er by de band The Influence, o.a met drummer Paul Thompson dy 't letter drummer by Roxy Music waard. Nei it útinoar fallen fan dizze band rjochte John ûnder syn eigen namme in bân op dy't benammen soulcovers brocht. Mar dat waard gjin sukses, en John begûn eigen nûmers te skriuwen. John Miles brocht yn 1976 syn debútalbum Rebel út mei der op de iennichste nûmer 1 hit fan Miles yn Nederlân Music (was my first love). John Miles hat njoggen studio-albums en ien live-album útbrocht.
Om't syn karriêre nei de hit Music stroef ferrûn, wurke John Miles dêrnei as sesjemuzikant foar oare artysten. Sa wie er lange tiid fêste gitarist fan Tina Turner, mar gie ek mei op toernee mei de The Alan Parsons Project, Joe Cocker, Jethro Tull, Fleetwood Mac, Tom Petty, Stevie Wonder en Jimmy Page.
John Miles ferstoar op 5 desimber 2021 yn 'e âldens fan 72 jier oan de gefolgen fan kanker.
Diskografy
bewurkje seksjeStudio-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht yn | Label | Singles |
---|---|---|---|
Rebel | maart 1976 | Decca | Highfly, Music (was my first love) |
Stranger in the City | febrewaris 1977 | London | Slow Down, Remember Yesterday, Manhattan Skyline |
Zaragon | maart 1978 | Decca | No Hard Feelings |
More Miles Per Hour Sympathy (1980 Amerikaanske ferzje) |
april 1979 | Can't Keep a Good Man Down, Oh Dear, (Don't Give me Your) Sympathy | |
Miles High | 1981 | EMI | Turn Yourself Loose, Reggae Man |
Play On | 1983 | The Right to Sing, Song for You | |
Transition | novimber 1985 | Valentino | Blinded, I Need Your Love, |
Upfront | 1993 | EMI | One More Day Without Love, What Goes Around, Oh How the Years Go By |
Tom and Catherine | 1999 | Orange |
Live-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht yn | Label |
---|---|---|
John Miles BBC Radio 1 in Concert | 1992 | BBC |
Kompilaasje-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht yn |
---|---|
John Miles' Music | 1982 |
Anthology | 1993 |
Millennium Edition | 1999 |
John Miles His Very Best | 2000 |
The Best of John Miles at the Night of the Proms | 2009 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|